Daniël moat deryn rinne
1Daríus, de Mediër, waard kening, doe’t er in jier of twaënsechstich wie. 2It like dy Daríus gaadlik ta en set hûndertentweintich lânfâden oer it keninkryk. Dy soenen dan oer it hiele keninkryk har stee hawwe, 3mei dêrboppe trije man út harren, dy’t har neigean moasten. Daniël wie dêr ien fan. Dy lânfâden moasten oan har rekkenskip jaan. De kening mocht beleaven net oan ’e krapperein komme! 4It die dêrop bliken, dat dy Daniël de waarnimmers en de lânfâden fier oer koe, om’t der in tige geast yn him stiek. Dat sadwaande wie de kening sterk fan doel him in plak oer it hiele keninkryk ta te skikken. 5Doe wienen de waarnimmers en de lânfâden derop út, oft se Daniël ek swart meitsje koenen oer syn bestjoer. Mar it woe har net slagje om in oanklacht, oer wat foar ferkeards ek mar, foarinoar te krijen. Dat lei yn ’e reden, om’t men op him oan koe. Gjin grisseltsje sleauwens of ferkeardens koenen se by him fine. 6Dêrop seinen dy lju: Wy sille perfoarst gjin grûn foar in oanklacht tsjin dy Daniël fine kinne, of wy moatte wat tsjin him sykje yn wat syn God him foarskreaun hat.
7Dêrmei kamen dan de niisneamde waarnimmers en lânfâden mei in heap drokte by de kening oansetten. Sa sprieken se Daríus oan: O kening, libje foar altiten! 8Wy hawwe ienriedich mei-inoar rieplachte, dat is te sizzen de waarnimmers fan it keninkryk, de steedhâlders, de lânfâden, de riedjouwers en de militaire machthawwers allegearre, oer it opstellen fan in keninklik beslút en it ynstellen fan in strang ferbod: Alleman dy’t oer in tiidrek fan tritich dagen in fersyk docht oan wat god of minske ek, útsein oan jo, o kening, dy moat yn ’e liuwekûle smiten wurde. 9No dan, kening, soenen jo ek sa’n ferbod opstelle en beskriuwe wolle, dat net feroare wurde mei? Sa is it ommers neffens it rjocht fan Medië en Perzië, dat net ferfalle kin. 10Fangefolgen joech kening Daríus sok in skriftlik ferbod út.
Daniël foar de liuwen smiten
11Doe’t Daniël kunde krige oan it offisjele skriuwen, gong er yn ’e hûs. No hied er yn ’e boppekeamer iepen finsters dy’t útseagen de kant op fan Jeruzalem. Dêr joech er him trije kear deis op ’e knibbels del om syn gebed te dwaan en syn lof te uterjen foar syn God. Sa hie syn wizânsje altyd al west. 12Dêrop strûsden dy manlju dêr mei faasje op los en jawol: se fûnen Daniël yn gebed en smeekjen foar syn God. 13Op slach setten se op ’e kening ta en sprieken him oan oer it keninklik ferbod: Hienen jo, o kening, net in ferbod útskreaun? Soe alleman dy’t oan wat god of minske ek yn in tiidrek fan tritich dagen wat frege, útsein oan jo, o kening, net yn ’e liuwekûle smiten wurde? De kening antwurde: Dat stiet bûten kiif, neffens it rjocht fan Medië en Perzië, dat net ferfalle kin. 14Fuortendaliks joegen se de kening te hâlden: Daniël, ien fan ’e ballingen út Juda, hat him, o kening, oan it ferbod, dat jo útskreaun hawwe, net steurd. Hy docht trije kear deis syn gebed! 15Doe’t de kening dat wurd hearde, noaske it him tige min. Hy die syn bêst wat te betinken om Daniël te sparjen. Jawier, oant de sinne ûndergong die er war om him te rêden!
16Dalik dêrnei kamen doe dy lju mei in bulte gebear by de kening oansetten en seinen tsjin de kening: Jo moatte wol witte, o kening, it rjocht fan Medië en Perzië oer hokker ferbod of beslút ek, dat in kening opsteld hat, mei net feroare wurde! 17Op slach hiet de kening doe, se soenen Daniël helje en him yn ’e liuwekûle smite. De kening naam it wurd en sei tsjin Daniël: Mei dyn God, dysto sa stânfêst ferearest, dy rêde! 18Doe waard in stien ophelle en op ’e iepening set. De kening fersegele dy mei syn segelring en dy fan syn hege hearen. Dat betsjutte dat der neat oan feroare wurde mocht.
Daniël útrêden
19Doe gong de kening nei syn paleis ta. Hy brocht de nacht te’n ein sûnder in flaubyt en liet him likemin ferdivedaasje besoargje. De sliep wied er bjuster.
20Ier-en-betiid, by it lemieren fan ’e dei, joech de kening him oerein – it waard al wat ljocht – en gong yn tûzen hasten nei de liuwekûle ta. 21Wylst er op ’e kûle takaam, rôp er Daniël mei in drôvich lûd. De kening naam it wurd en spriek Daniël oan: Daniël, do tsjinstfeint fan ’e libbene God, hat dyn God, dysto sa stânfêst ferearest, dy fan ’e liuwen rêde kinnen?
22Dêrop begûn Daniël mei de kening te praten: O kening, libje foar altiten! 23Myn God hat syn ingel stjoerd en de bek fan ’e liuwen ticht dien, dat se my net sear dwaan koenen, om’t bliken dien hat dat ik suver foar Him bin. En ek foar jo oer, o kening, haw ik gjin kwea dien. 24Op datselde stuit wie de kening tige bliid om him en hy hiet om Daniël út ’e kûle nei boppen ta te bringen. Doe waard Daniël út ’e kûle omheech helle en gjin skamperke skea wie der oan him te finen. Dat kaam om ’t er op syn God betroud hie. 25De kening hiet doe, se soenen dy lju helje, dy’t Daniël oanklage hienen. En se smieten har, har soannen en har froulju yn ’e liuwekûle. Dy kamen net iens oan ’e boaiem fan ’e kûle ta, dêr hienen de liuwen har al oermastere en harren de bonken allegearre fermoarzele.
Darius jout oarder ta lof
26Doedestiids skreau kening Daríus oan alle folken, naasjes fan hokker tongslach ek, dy’t oer de hiele ierde wennen: Mei it jimme hieltyd better gean! 27Ik jou in oarder út. Yn alle kontreien fan myn keninkryk, dêr’t ik it foar it sizzen haw, sille se beevje fan ûntsach foar de God fan Daniël.
Hy is de libbene God en bliuwt ivich!
Syn keningskip kin net fergean!
Syn hearskippij hâldt oan ’e ein ta stân!
Hy rêdt en ferlost;
Hy docht tekens en wûnders oan ’e himel en op ierde,
28Hy, dy’t Daniël frijhâlden hat fan ’e oerlêst fan ’e liuwen!
29En Daniël waard tige de man yn it keninkryk fan Daríus en dat fan Koaresj, de Pers.