1Ja, ik wol dat jimme witte hoe’n swiere striid ik foar jimme haw en foar de minsken yn Laodiséa en foar safolle dy’t my net fan oansjen kenne. 2Soks doch ik, dat se fan herten bemoedige wurde en yn ’e leafde ferbûn wurde meie en de hiele rykdom fan in wis ynsjoch krije, de kennisse fan Gods geheim: Kristus. 3Yn Him lizze alle skatten fan ’e wysheid en kennisse besletten. 4Ik sis dit, dat net ien jimme mei moaie praatsjes ferrifelje sil. 5Want al bin ik mei it lichem ôfwêzich, mei de geast bin ik by jimme en ik bin bliid, no’t ik sjoch dat der by jimme goede oarder is en dat jimme fêst steane yn jimme leauwen yn Kristus.
De folheid fan it libben yn Kristus
6Dêrom: no’t jimme Kristus Jezus as de Hear oannommen hawwe, libje no ek yn mienskip mei Him. 7Bliuw fêst bewoartele yn Him, lit jimme op Him bouwe en wurd befêstige yn it leauwen, lykas jimme leard is. Wês klearebare tankberens. 8Tink derom, dat gjinien jimme yn ’e besnijing nimt mei de minsklike wysheid, dy’t oars net is as bedragerij sûnder ynhâld. Se folgje dêrby allinne mar minsklike oerlevering, de earste begjinsels fan dizze wrâld, en Kristus net.
9Want yn Him wennet it folsleine wêzen fan ’e Godheid as yn in lichem. 10En jimme hawwe yn Him diel krige oan dy folsleinens. Hy stiet boppe alle geastlike macht en foech. 11Yn ’e mienskip mei Him binne jimme ek besnien, sûnder minskehannen, mar mei de besnijenis dy’t fan Kristus komt; dy’t bestiet yn it ôflizzen fan ’e sûndige natuer. 12Jimme binne mei Him begroeven troch de doop en sa ek yn ’e mienskip mei Him opwekke, mei’t jimme leauwe yn ’e macht fan God, dy’t Him út ’e deaden opwekke hat. 13Ek jimme wienen ienris dea troch misslaggen en de ûnbesnienens fan jimme wêzen. Mar God hat jimme mei Him libben makke, troch ús al ús misslaggen te ferjaan. 14Hy hat it skuldbewiis, dat mei al syn foarskriften tsjin ús wie, útskrabe. Hy hat der mei ôfrekkene, mei’t Er it oan it krús spikere hat. 15Hy hat de machthawwers en regearders ûntwapene en se yn it iepenbier te kyk set en sa hat Er yn Kristus oer har triumfearre.
16Lit dêrom net ien jimme oardielje om wat jimme ite en drinke of op it stik fan in feestdei, nije moanne of sabbat. 17Dat binne allinne mar skaden fan ’e takommende dingen, de wurklikheid sels is Kristus. 18Lit gjinien jimme feroardielje, mei’t er nocht hat oan sabeare needrigens en it ferearjen fan ingels, dat er as ynwijde sjoen hawwe soe. Sa’n ien blaast him sûnder reden op, mei’t er út is op dingen fan ’e wrâld: 19mar hy hâldt him net oan it haad, Kristus. Troch Him wurdt ommers it hiele lichem fersoarge en mei syn bannen en sinen byinoar hâlden en sadwaande waachst it, lykas God it jout.
It nije libben yn Kristus
20Jimme binne mei Kristus de earste begjinsels fan ’e wrâld ôfstoarn. Wêrom litte jimme jim dan regels oplizze, krekt as libben jimme noch yn dy âlde wrâld: 21Kom hjir net oan, priuw dêr net fan en bliuw dêr ôf? 22Al dy dingen binne derfoar om troch gebrûk te ferdwinen. Dat binne mar minsklike foarskriften en learings. 23Der wurdt wol fan beard dat dy wysheid binne troch har eigenoanrette earetsjinst, sabeare needrigens en it kastijen fan it lichem, mar se hawwe gjin wearde, it is allinne om it sûndich aard te befredigjen.