Skriuwers, lêzers, groetenis
1Fan Paulus, apostel fan Kristus Jezus troch Gods wil, en fan ús broer Timóteüs 2oan Gods folk yn Kolosse, ús leauwige bruorren yn Kristus: genede en frede mei jimme jûn wurde fan God ús Heit.
Paulus tanket God foar de Kolossers
3Wy bringe altiten tank oan God, de Heit fan ús Hear Jezus Kristus, sa faak wy foar jimme bidde. 4Want wy hawwe heard fan jimme leauwen yn Kristus Jezus en fan ’e leafde dy’t jimme hawwe foar Gods hiele folk. 5Dy beide hawwe jimme om’t jim hoopje op it heil dat foar jimme weilein is yn ’e himel. Dêr hawwe jimme earder al fan heard doe’t de tiding oer de wierheid, it bliid boadskip, 6ta jimme kaam. Yn ’e hiele wrâld draacht dat boadskip frucht en wreidet him út, lykas dat by jimme gien is sûnt de deis dat jimme fan Gods genede heard hawwe en dy kennen leard hawwe sa’t dy yn wierheid is. 7Sa hawwe jimme it leard fan ús bêste Epafras, ek in tsjinstfeint, dy’t as in trouwe tsjinner fan Kristus ús helpt. 8Hy hat ús ek ferteld fan ’e leafde dêr’t de Geast jimme ta oanset hat.
Persoan en wurk fan Kristus
9Dêrom dogge wy gjin lichten, mar bidde foar jimme sûnt de deis dat wy dat heard hawwe. Wy freegje God dat Er jimme de folsleine kennisse fan syn wil witte lit, mei alle wysheid en ynsjoch dy’t de Geast jout. 10Dan sille jimme sa libje lykas dat de Hear takomt en Hy dat graach sjocht, frucht drage yn allerhanne goed wurk en oanwinne yn jimme kennisse fan God. 11Dat jimme sa sterke wurde meie troch de macht fan syn hearlikheid, om alles te fernearen en te ferdragen 12en om mei freugde de Heit te tankjen dy’t jimme weardich achte hat om in oandiel te hawwen yn it erfskip fan ’e hilligen yn it ryk fan it ljocht. 13Hy hat ús út ’e macht fan ’e tsjusternis helle en ús oerbrocht yn it keninkryk fan syn leave Soan. 14Troch Him hawwe wy de ferlossing, de ferjouwing fan ’e sûnden.
15Hy is it byld fan ’e ûnsjenbere God, de earstberne fan ’e hiele skepping.
16Want yn syn hân is alles skepen
yn ’e himel en op ierde, wat men sjen kin en wat men net sjen kin,
itsij foarsten, hearskers,
gesachhawwers of regearders.
Alles is troch Him skepen en Hy is it doel fan alles.
17Hy sels komt fóár alles en yn mienskip mei Him bliuwt alles bestean.
18En Hy is it haad fan it lichem, dat is de tsjerke. Hy is it begjin, de earstberne út ’e deaden,
dat Er oer alle boegen de heechste wêze soe.
19Want God sels hat syn hiele wêzen yn Him wenje litte wollen 20en troch Him alles wer mei Himsels fermoedsoenje wollen, wat op ’e ierde en wat yn ’e himel is. God hat frede sletten troch it bloed dat syn Soan oan it krús stoart hat.
21Ek jimme stienen ienris fier fan God ôf en stienen as fijannen foar Him oer lykas út jimme ferkearde dieden wol bliken die. 22Mar no hat God jimme wer ta Him brocht yn Kristus syn lichem fan fleis en bloed, troch syn dea, om jimme yn syn eagen hillich en sûnder lek of brek te meitsjen. 23Mar dan moatte jimme wol fêst bewoartele bliuwe yn it leauwen en jimme net ôfbringe litte fan ’e hope dêr’t it bliid boadskip fan sprekt. Dat bliid boadskip hawwe jimme heard en it is ferkundige oan alle skepsel op ierde. Dêr bin ik, Paulus, in tsjinstfeint fan wurden.
Paulus syn tsjinst oan ’e tsjerke
24Op dit stuit bin ik bliid dat ik foar jimme lije mei en ik folje troch it lijen yn myn ierdsk bestean oan, wat der noch mankearret oan ’e benearingen fan Kristus foar syn lichem, dat is de tsjerke. 25Fan dy tsjerke bin ik in tsjinstfeint wurden neffens de opdracht, dy’t God my foar jimme jûn hat om syn wurd yn al syn rykdom bekend te meitsjen. 26Dat is de ferburgenheid dy’t yn alle ieuwen en salang’t der minsken west ha, bedutsen bleaun is, mar dy’t no oan al Gods hilligen bekend makke is. 27God woe har te witten dwaan, hoe’n wûndere hearlikheid dy ferburgenheid ynhat ûnder de heidenfolken. Dit is de ferburgenheid: Kristus is yn jimme, Hy, de hope op ’e hearlikheid. 28Him ferkundigje wy. Wy fermoanje en leare elkenien yn alle wysheid om elkenien folslein te meitsjen yn Kristus. 29Dêr wrot en wraam ik foar. Sa wurket Gods krêft mei macht yn my.