It fjirde fizioen: in koer mei fruchten
1Dit liet God de Heare my sjen: Der stie in koer mei ripe fruchten. 2Hy frege: Wat sjochsto, Amos? In koer mei ripe fruchten, sei ik. Doe sei de Heare tsjin my:
Myn folk Israel is ryp foar syn ein,
Ik sil it tenei net mear ûntsjen!
3De sjongsters út it paleis sille dy deis jammerje
– is de godsspraak fan God de Heare –
it sil allegear liken wêze,
oeral binne se delsmiten. Stil!
Tsjin ôfsetterij
4Jimme dy’t derop út binne de earme út te rûpeljen
en de lytse man yn dit lân omkomme te litten;
5jimme mei jim sizzen: wannear komt der dochs in ein oan nijmoanne,
dat wy wer nôt ferkeapje meie?
En oan ’e sabbat,
dat wy wer weet slite kinne?
Dan meitsje wy de mjitte lytser
en sette de priis heger,
dan ferrifelje wy de lju mei falske skealjes,
6dan kinne wy de earme keapje foar jild,
de lytse man foar in pear sandalen,
dan kinne wy mei de weet ek it tsjêf ferkeapje.
Jim dy’t sa prate, hear hjir nei:
7De Heare, op Wa’t Jakob grut giet,
hat by Himsels sward:
Noait sil Ik ien fan har dieden ferjitte, yn der ivichheid net!
8Sokke dingen, soe de ierde dêr net fan skodzje,
dat elk dy’t derop wennet, yn ’e rouwe komt te sitten?
Ja, de ierde sil opsetten komme as de Nyl,
opswypke wurde en wer sakje as de rivier fan Egypte.
De grutte tsjusternis
9Dy deis sil it sa wêze
– is de godsspraak fan God de Heare –
dat ik de sinne midden op ’e dei ûndergean lit
en de ierde fertsjusterje by ljochtskyndei.
10Dan feroarje Ik jimme feesten yn rou
en jimme lieten yn deadeklachten;
dan lit Ik elkenien in roukleed omdwaan
en jou Ik allegear in keal plak op ’e holle.
Ik meitsje de rou sa swier as dy om in ienlingssoan
en de ein wurdt in bittere dei.
De grutte honger
11Sjoch, der komme dagen
– is de godsspraak fan God de Heare –
dat Ik de honger yn it lân stjoer,
gjin honger nei brea of toarst nei wetter,
mar om de wurden fan de Heare te hearren.
12Dan stuitelje se it lân troch fan see ta see
en swalkje fan noard nei súd
om it wurd fan de Heare te sykjen,
mar fine sille se it net.
De grutte fal
13Kreaze jongfammen en jongfeinten sille der dan fan toarst hinne falle;
14hja dy’t swarre by de sûndegod fan Samaria,
dy’t sizze: Sa wier as de God fan Dan libbet!
en: Sa wier as de beafeart nei Beër-Sjêba makke wurdt! –
se sille falle en net wer oereinkomme.