It earste fizioen: sprinkhoannen
1Dit liet God de Heare my sjen: Der wie immen dwaande sprinkhoannen te meitsjen, doe’t it nijgers begûn te kommen; goed begripe, it nijgers nei’t der foar de kening meand wie. 2En doe’t se al wat op it lân stie, ôffrette soenen, sei ik: God, myn Hear, ferjou dochs! Hoe soe Jakob sa yn wêzen bliuwe? It is ommers sa’n lyts folk! 3Doe begrutte it de Heare. ‘It giet net troch’, sei Er.
It twadde fizioen: fjoer
4Dit liet God de Heare my sjen: Der wie immen dwaande in fjoerrein op te roppen, God de Heare. Dat fjoer hie de grutte ûndergrûnsee al fertard en soe no ek mei it lân sels dwaande. 5Doe sei ik: ‘God, myn Hear, byn dochs yn! Hoe soe Jakob sa yn wêzen bliuwe? It is ommers sa’n lyts folk!’ 6Doe begrutte it de Heare wer. ‘It giet net troch,’ sei Er.
It tredde fizioen: it sjitlead
7Dit liet Er my sjen: Sjoch, de Hear sels stie op in leadrjochte muorre mei it sjitlead yn ’e hân. 8Doe frege de Heare my: ‘Wat sjochsto, Amos?’ In sjitlead, sei ik. Doe sei de Hear: ‘Sjoch, Ik bin dwaande it sjitlead der bylâns te hâlden yn it fermidden fan myn folk Israel. Tenei sil Ik it net mear ûntsjen!
9Dan wurde de offerhichten fan Izaäk ferrinnewearre
en Israels hillichdommen sloopt,
want Ik sil tsjin it hûs fan Jerobeäm fanwegen komme mei it swurd.
Amos en Amasja. Konflikt yn Bet-El
10Doe stjoerde Amasja, de pryster fan Bet-El, kening Jerobeäm fan Israel dit boadskip: Amos spant tsjin jo gear, samar midden yn Israel. It lân kin dy wurden fan him net ferneare, 11want dit hat Amos sein:
Jerobeäm sil stjerre troch it swurd
en Israel giet foarfêst de ballingskip yn,
fier fan eigen grûn.
12Tsjin Amos sels sei Amasja: Sjenner, gean fuort! Wyk út nei it lân Juda, sjoch dêr oan ’e kost te kommen en profetearje dêr mar! 13Mar te Bet-El moat it út wêze mei dyn profetearjen, want dat is in keninklik hillichdom en in rykstimpel. 14Doe naam Amos it wurd en sei tsjin Amasja: Ik bin gjin profeet-fan-berop en allikemin in profete-learling, mar feehoeder en kweker fan moerbei-figen. 15Mar de Heare hat my achter de keppel weihelle en de Heare sei tsjin my: Gean hinne en profetearje tsjin myn folk Israel. 16No dan, hear nei it wurd fan de Heare! Jo sizze, dat ik net tsjin Israel profetearje mei en net preekje mei tsjin it folk fan Israel. 17Dêrom hat de Heare dit te sizzen:
Jo eigen frou sil yn ’e stêd de hoer spylje,
jo soannen en dochters sille falle troch it swurd,
jo lân sil mei it mjitsnoer ferparte wurde,
josels sille op ûnreine grûn komme te stjerren
en Israel sil foarfêst de ballingskip yngean,
fier fan eigen grûn.