Paulus-en-dy op Malta
1Earst doe’t wy goed en wol oan ’e wâl wienen, waarden wy gewaar dat it eilân Malta hiet. 2De bewenners wienen bûtenwenstige freonlik tsjin ús, se setten in grut fjoer oan en lieten ús dêr allegearre mei omhinne sitte, omdat it begûn te reinen en omdat it kâld waard. 3Doe’t Paulus no in bosk prikken byinoar socht hie en dy op it fjoer smiet, kaam der troch de hjitte in njirre út krûpen dy’t him fêstbiet yn syn hân. 4Doe’t de eilanners it beest oan syn hân hingjen seagen, seinen se tsjininoar: Dy man is grif in moardner; want no is er oan ’e see ûntkommen en noch wol de Gerjochtichheid him net yn libben litte. 5Mar Paulus slingere it beest fan him ôf yn it fjoer en der kaam him neat fan oer. 6Se ferwachten dat er opswolle of ynienen delfalle soe. Mar doe’t se gâns in skoft wachte hienen en seagen dat er der neat bysûnders fan skipe, kamen se ta oare gedachten en seinen, dat er in god wie.
7Net sa fier fan dat plak hie de bestjoerder fan it eilân, Publius, syn bûtenpleats; dêr joech er ús ûnderdak en ûnthelle ús trije dagen lang as syn gasten. 8No lei Publius syn heit mei de koarts en mei de loop op bêd; mar Paulus gong nei him ta, die in gebed, lei him de hannen op en makke him sa better. 9Neitiid kamen de oaren op it eilân dy’t wat mankearden, ek by him en se waarden better; 10dy setten ús dan ek wakker heech, en doe’t wy ôffoeren, joegen se ús fan alles mei, dêr’t wy ferlet fan hienen.
De reis giet fierder, oankomst yn Rome
11Doe’t der trije moannen om wienen, foeren wy wer ôf mei in skip, dat dy winters op it eilân oerbleaun wie; it kaam út Alexandrië en it hie as boechbyld de Dioskoeren. 12Wy rûnen de haven fan Syracuse yn en bleauwen dêr trije dagen; 13dêrwei foeren wy ûnder de kust lâns en kamen yn Regium. Trochdat de oare deis de wyn súd waard, kamen wy nei twa dagen farren al yn Putéoli. 14Dêr troffen wy kristenen dy’t ús útnoegen om sân dagen by harren te bliuwen; en sa gongen wy dan einlings en te’n lêsten nei Rome. 15Ek dêrwei kamen de gemeenteleden dy’t al fan ús heard hienen, ús temjitte oan Forum Appii en Tres Tabernae ta; doe’t Paulus harren seach, tanke er God en krige nije moed. 16Doe’t wy yn Rome oankommen wienen, krige Paulus frij, om op himsels te wenjen mei in soldaat dy’t de wacht oer him hâlde moast.
Paulus siket kontakt mei de Joadske lieders yn Rome
17Trije dagen letter rôp Paulus de foaroanmannen fan ’e Joaden by him. Doe’t dy byinoar wienen, sei er tsjin harren: Mannen, bruorren! Alhoewol’t ik neat misdien haw tsjin it folk of de gebrûken fan ús foarfaars, bin ik dochs út Jeruzalem wei as gefangene útlevere oan ’e Romeinen. 18Doe’t dy my foar ’t ferhoar hân hienen, woenen se my loslitte omdat ik neat dien hie, dêr’t de deastraf op stiet. 19Mar omdat de Joaden dêr tsjinyn gongen, koe ik net oars as my op ’e keizer beroppe; dat wie net om myn folk hjir of dêr fan te beskuldigjen. 20Dat wie dus de reden dat ik der om fersocht haw, jimme sjen en tasprekke te meien; want om ’e hope fan Israel draach ik dizze boeiens. 21Doe seinen de oaren tsjin him: Wy hawwe gjin brieven oer jo út Judéa krige, en der is hjir likemin ien fan ’e bruorren oankommen, dy’t wat ferkeards oer jo te melden of te fertellen hie. 22Mar wy soenen al graach fan jo hearre wolle, wat jo opfettingen binne; want fan dy sekte is ús bekend, dat dy oeral op tsjinspraak stuitet.
23Se stelden in dei mei him en kamen doe noch machtiger by him yn it hûs dêr’t er tahâlde. Hy joech fan moarns ier oant jûns let útlis en getúgde fan it ryk fan God, wylst er besocht har foar Jezus te winnen mei in berop op de wet fan Mozes en de profeten. 24Guon lieten har troch syn wurden oertsjûgje, oaren woenen der net oan. 25Se koenen it net mei-inoar iens wurde en gongen útinoar, neidat Paulus noch dit iene wurd sein hie: It is wier, wat de hillige Geast troch de profeet Jesaja tsjin ús foarfaars sprutsen hat:
26Gean nei dit folk ta en sis:
Jimme sille hearre en hearre en der neat fan begripe,
jimme sille sjen en sjen en neat gewaar wurde,
27want it hert fan dit folk is ferhurde wurden,
har earen binne hurdhearrich wurden
en de eagen hawwe se tichtknypt;
bang as se binne, dat se mei de eagen sjen
en mei de earen hearre soenen
en mei it hert begripe en har bekeare
en dat Ik se dan better meitsje soe.
28Jimme moatte dus wol witte, dat dit godlik heilsboadskip no nei de oare folken stjoerd is. Dy sille der àl nei hearre. [ 29]
Paulus bliuwt twa jier yn Rome
30Hy bleau folút twa jier yn in eigen hierhûs te wenjen; en elk dy’t by him kaam, noege er deryn. 31Hy ferkundige harren it ryk fan God en joech syn ûnderrjocht oer de Heare Jezus Kristus, yn folle frijmoedichheid en ûnbehindere.