Paulus op reis nei Rome
1Doe’t it beslút fallen wie, dat wy ôffarre soenen nei Italië, waarden Paulus en noch in mannich oare gefangenen oerdroegen oan in kaptein fan it keizerlik bataljon, dy’t Julius hiet. 2Wy gongen oan board fan in skip út Adramyttium, dat de havenplakken fan Asia oandwaan soe, en stutsen fan wâl; de Masedoaniër Aristarchus út Tessaloníka wie by ús. 3De oare deis rûnen wy de haven fan Sidon yn, en Julius dy’t Paulus freonlik behannele, joech him frij om syn freonen op te sykjen, om dêr wat op ’e haal te kommen. 4Dêrwei stutsen wy fan wâl en sylden ûnder Cyprus lâns, om’t wy yn ’e wyn hienen, 5en doe’t wy de see by Cilicië en Pamfilië oerstutsen wienen, kamen wy te Mira yn Lysië oan. 6Dêr trof de kaptein in skip út Alexandrië, dat ûnderweis wie nei Italië, en hy liet ús dêr op oerstappe.
7Dagenlang einden wy suver neat en mei lijen kamen wy op ’e hichte fan Knidos. Doe foeren wy, omdat wy de wyn net mei hienen, ûnder Kreta lâns op ’e hichte fan Salmone, 8en nei’t wy dêr mei lijen oan foarbysyld wienen, kamen wy op in plak dat Goede Haven hjit; dêr lei de stêd Laséa tichteby. 9Omdat wy al frijwat tiid ferspile hienen en it farren al noedlik waard – de Festeldei wie ek al foarby – warskôge Paulus harren. 10Hy sei: Mannen, ik sjoch oankommen, dat dit in reis wurdt mei ûngemakken en gâns skea, net allinne foar de fracht en it skip, mar ek foar ús sels. 11Mar de offisier hie mear fidúsje yn ’e stjoerman en de skipper as yn ’e wurden fan Paulus. 12Omdat de haven net gaadlik wie om dêr winters oer te bliuwen, ferklearren de measten har der foar, dêrwei yn see te stekken, om te sjen oft se faaks yn Feniks komme en dêr oerwinterje koenen; dat wie in haven op Kreta, dy’t iepenlei nei it súdwesten en nei it noardwesten.
It skip rekket yn needwaar fersyld
13Doe’t der in sêfte sudewyn begûn te waaien, mienden se dat har opset slagje soe; se lichten it anker en sylden deun ûnder Kreta lâns. 14Mar it duorre mar even, doe barste der fan it eilân ôf in stoarmwyn los, dy’t Euraquilo (de noardeaster) hjit. 15It skip waard meisleept, it koe de kop net mear yn ’e wyn hâlde, sadwaande joegen wy it oer en lieten ús mar driuwe. 16Doe’t wy yn ’e lijte fan in eilantsje foeren, dat Klauda hjit, koenen wy mar mei lijen baas wurde oer de sloep. 17Doe’t se dy oan board hyst hienen, bûnen se by wize fan needmaatregel kabels om it skip, en omdat se bang wienen op ’e Syrte te slaan, makken se de driuwankers los en lieten har sa driuwe. 18Omdat de stoarm ús slim tramtearre, smieten se de oare deis fracht oer board, 19en de tredde deis smieten se mei eigen hannen de takelaazje yn see.
20Doe’t der dagenlang gjin sinne of stjerren te bespeuren wienen, en de stoarm fûleindich op ús oanfoel, waard ús lêste bytsje hoop, dat wy it libben derôf rêde soenen, njonkenlytsen wei. 21Omdat al gâns in skoft net ien der iten troch krije koe, gong Paulus doe midden tusken harren stean en sei: Mannen, jimme hienen nei my harkje en net fan Kreta ôffarre moatten, dan hienen jim jim dit ûngemak en dizze skea besparje kinnen. 22Mar ek no noch trúnje ik jimme oan, de moedfearren net hingje te litten, want net ien fan jimme sil it libben derby ferspylje, inkeld it skip giet ferlern. 23Want fannacht is my in ingel ferskynd fan de God oan wa’t ik hear en dy’t ik tsjinje. 24Dy sei: Wês net bang, Paulus; do moatst foar de keizer ferskine en no hat God dy jûn dat it libben fan dyn reisgenoaten sparre wurde sil. 25Dêrom mannen, hâld mar moed; ik betrou op God, dat alles sa komme sil as it my sein is. 26Mar wy moatte earst op it iene of oare eilân rinne.
It skip ferlern, de minsken behâlden
27It wie al de fjirtjinde nachts dat wy dêr op ’e Adriatyske See omdobberen, doe fernamen de seelju om middennacht hinne, dat der lân tichteby kaam. 28Mei it lead peilden se tweintich fiem; in eintsje fierderop peilden se wer en kamen op fyftjin fiem. 29Om’t se bang wienen dat wy op ’e klippen rinne soenen, brochten se fan it achterskip fjouwer ankers út en woenen wol, dat it mar dei waard. 30Doe’t de seelju besochten fan it skip ôf te kommen en de sloep yn see sakje lieten, sa’t it hiet om’t se ek út it foarskip ankers útbringe woenen, 31sei Paulus tsjin ’e offisier en de soldaten: As dy mannen net op it skip bliuwe, kinne jimme it libben der net ôfbringe. 32Doe kappen de soldaten de touwen fan ’e sloep troch en lieten dy yn see falle.
33Doe’t it begûn te daagjen, stie Paulus der by alle minsken op oan om wat iten te nimmen, hy sei: It is hjoed al de fjirtjinde dei, dat jimme yn spanning sitte en it folhâlde om neat gjin iten te brûken. 34Dêrom stean ik der by jimme op oan om wat te iten, dat is ommers jimme behâld; want der sil fan net ien fan jimme in hier fan ’e holle ferlern gean. 35Doe’t er dat sein hie, naam er brea, tanke God yn it bywêzen fan allegearre, briek it en begûn te iten. 36Doe krigen se allegearre wer moed en namen sels ek wat iten. 37Alles mei-inoar wienen wy mei 276 man oan board. 38Doe’t se har sêd iten hienen, makken se it skip lichter troch it nôt yn see te smiten.
39Doe’t it dei waard, koenen se it lân dêr’t se wienen net thúsbringe, mar se bespeurden in baai mei in strân, en besleaten, as ’t harren slagje woe, dêr it skip op te setten. 40Se kappen de ankers en lieten dy yn see; tagelyk hienen se de riemen fan it stjoerrêd losmakke, se setten de fok op en hellen dy foar de wyn en hâlden oan op it strân. 41Doe’t se op in sânbank rekken, lieten se it skip dêrop fêstrinne; de foarein fleach derop en bleau ûnferwrigber sitten, mar de achterein briek derôf troch it geweld fan it wetter. 42De soldaten praten ôf, de gefangenen om hals te bringen, dat mar net ien fan harren fuortswimme en ûntkomme soe, 43mar de offisier, dy’t Paulus it libben rêde woe, lei dêr it near op; hy sei dat elk dy’t swimme koe, earst oer board springe en oan lân gean moast, 44en dat de oaren dat besykje moasten op planken en wrakhout fan it skip. 45En sa binne se allegearre behâlden oan wâl kommen.