Amnon komt Tamar tenei
1Dêrnei foel it folgjende foar: Absalom, David syn soan, hie in kreaze suster, dy’t Tamar hiet. En Davids soan Amnon krige sin oan har. 2Dat gong Amnon sa oan, dat er him siik fielde om syn suster Tamar, want hja wie noch faam, dat Amnon seach gjin kâns har hoe dan ek benei te kommen. 3No hie Amnon in freon, by namme Jonadab, de soan fan Sjima – in broer fan David. Dy Jonadab wie in tige útsliepte keardel. 4Hy sei tsjin him: Wêrom bist alle moarnen sa mismoedich, do keningssoan. Soest it my mar net ris fertelle? Doe sei Amnon tsjin him: Ik haw sin oan Tamar, de suster fan myn broer Absalom. 5Jonadab sei tsjin him: Moatst op bêd lizzen gean en beare datst siik bist. As jim heit dan komt om by dy te sjen, moatst tsjin him sizze: Lit myn suster Tamar dochs komme om my wat iten te bringen. As hja it iten dan hjir by my klearmakket, dat ik it sjen kin, dan sil ik ite wat hja my bringt.
6Dat sadwaande gong Amnon op bêd en bearde dat er siik wie. Doe’t de kening kaam om by him te sjen, sei Amnon tsjin him: Lit myn suster Tamar dochs komme om hjir by my in pear koeken te bakken, en as hja my dy dan jout, yt ik se wol op. 7Doe stjoerde David berjocht nei hûs om tsjin Tamar te sizzen: Kom efkes nei it hûs fan dyn broer Amnon en meitsje him wat iten klear. 8Sa sette Tamar nei it hûs fan har broer Amnon en hy lei dêr op bêd. Hja naam daai, knette it en brocht it dêr by him yn ’e foarm. Doe bakte se de koeken. 9Dêrnei naam se in panne en lei de koeken dêrop, sa, dat hy it sjen koe. Amnon wegere lykwols om te iten, mar sei: Lit elkenien hjir by my weigean. Dat se gongen der allegearre út. 10Doe sei Amnon tsjin Tamar: Bring my it iten yn ’e sliepkeamer, dan sil ik it ite asto it my jouste. Dat Tamar naam de koeken dy’t se bakt hie, en brocht dy by har broer Amnon yn ’e sliepkeamer. 11Hja hâlde se him foar, dat er ite koe, mar hy pakte har beet en sei tsjin har: Kom hjir, gean by my lizzen, myn suster. 12Mar hja sei tsjin him: Dat net, myn broer! Untearje my net. Soks docht men ommers net yn Israel! Doch net sa healwiis. 13En wat my oangiet: wêr soe ik bedarje moatte mei myn skande? En dosels soest gelyk wurde oan ’e swankebasten fan Israel. Mar praat dochs mei de kening: hy sil my dy net wegerje. 14Hy woe lykwols net nei har harkje, mar wie sterker as hja. Hy ûnteare har en kaam har tenei.
15Dêrop wearzge Amnon tige fan har; ja, syn wearze fan har wie grutter as de leafde dy’t er foar har field hie. Hy sei tsjin har: Kom oerein, gean fuort! 16Mar hja sei tsjin him: Nee, myn broer! Ast my no fuortstjoerst, soe dat kwea grutter wêze as dat oare datst my oandien hast. Hy woe lykwols net nei har harkje, 17mar hy rôp syn feint, dy’t him oppaste en sei: Stjoer dy hjir by my wei nei bûten ta en doch de doar achter har op slot. 18No hie se in lang, wiid kleed oan, want sokke mantels droegen de keningsdochters, dy’t noch net troud wienen. En doe’t de oppasser har nei bûten brocht hie en de doar achter har op slot dien, 19die Tamar moude op ’e holle, skuorde it lange wide kleed dat se oan hie en mei de hân op ’e holle rûn se al gûlende fuort.
20Har broer Absalom sei tsjin har: Hat dyn broer Amnon dy tenei west? Stil no mar, myn suster. It is dyn broer. Moatst dy dat mar net al tenei nimme. Sa bleau Tamar by Absalom yn ’e hûs as in ferlitten frou.
21Doe’t kening David dêrfan hearde, waard er tige lilk. 22Mar Absalom prate hielendal net mear mei Amnon, want Absalom hate Amnon, omdat er syn suster Tamar ûnteare hie.
Absalom nimt wraak op Amnon
23Twa folle jierren letter hie Absalom de skieppeknippers te Baäl Chasor, dat by Efraïm leit en hy noege alle keningssoannen út. 24Dêrom kaam Absalom by de kening en sei: Sjochris, jo tsjinstfeint hat de skieppeknippers, dat soe de kening mei syn feinten no net by syn tsjinstfeint komme wolle? 25Mar de kening sei tsjin Absalom: Nee, myn jonge, lit ús no net allegearre gean en dy ta lêst wurde. Absalom stie der him op oan, mar hy woe net mei. Hy joech him syn segen al mei. 26Doe sei Absalom: Dan net, mar lit dan myn broer Amnon mei ús gean. De kening antwurde: Wêrom soed er mei dy gean? 27Doe’t Absalom der lykwols by him op oanstie, liet er Amnon en alle keningssoannen mei him gean.
28No hie Absalom syn feinten opdroegen: Tink derom, as Amnon fleurich is troch de wyn en ik sis tsjin jim: Reitsje Amnon mar, – dan moatte jim him deameitsje. Wês mar net bang, ik haw it jim ommers opdroegen, wês moedich en meitsje in keardel út. 29Absalom syn feinten dienen mei Amnon sa’t Absalom har hjitten hie. Doe gongen alle keningssoannen oerein, elk sprong op syn mûldier en naaide út.
30Wylst se ûnderweis wienen, hearde David deroer praten, dat Absalom alle keningssoannen ombrocht hawwe soe en dat der net ien fan har oerbleaun wie. 31Doe gong David oerein, skuorde syn klean stikken en gong oer de grûn lizzen en syn tsjinstfeinten stienen der allegearre by mei stikken skuorde klean. 32Mar Jonadab, de soan fan Davids broer Sjima, naam it wurd en sei: Myn hear moat net miene dat alle jongfeinten, de soannen fan ’e kening, dea binne. Allinne Amnon is mar dea. It wie Absalom ommers fan it gesicht ôf te lêzen, dat er dat fan doel wie, al fan ’e dei ôf dat Amnon syn suster Tamar ûnteare hat. 33Dat mynhear de kening moat it him net sa neinimme as wienen alle soannen fan ’e kening stoarn. Allinne Amnon is ommers mar dea!
34Mar Absalom makke dat er fuortkaam. – Doe’t de jongkeardel dy’t op wacht stie, de eagen rûngean liet, seach er ynienen gâns folk de wei achter him delkommen, by de berchkant lâns. [En de wachter kaam by de kening en fertelde: Ik haw manlju sjoen, dy’t fan ’e kant fan Choronaïm komme, by de berchskeante lâns.] 35Jonadab sei tsjin’e kening: Sjoch, dêr komme de soannen fan ’e kening oan. Sa’t jo tsjinstfeint sein hat, sa hat it him wol tadroegen. 36Hy hie it noch mar krekt sein, of dêr wienen de keningssoannen al en hja begûnen lûdop te gûlen. De kening en syn tsjinners gûlden ek alderheislikst.
37Mar Absalom wie útnaaid. Hy wie nei Talmai, de soan fan Ammichûr, de kening fan Gesjûr ta set. David lykwols roude dei-yn, dei-út oer syn soan. 38Mar Absalom wie útnaaid en nei Gesjûr gien. Dêr bleau er trije jier. 39Doe’t David oer it ferlies fan Amnon hinne wie, fergong er fan ferlangst nei Absalom.