Natan by David
1De Heare stjoerde Natan nei David ta. Doe’t dy by him kaam, sei er tsjin him: Der wienen twa manlju yn deselde stêd, de iene ryk en de oare earm. 2De rike hie in machtigen heap skiep en kij, 3mar de earme hie oars net as ien lyts eilaam, dat er kocht hie. Hy hie it yn libben hâlden en it wie by him opgroeid tusken syn bern yn. It iet by him fan ’e panne en dronk út syn beker. It sliepte by him op ’e knibbels en it wie him as in dochter.
4Doe’t der op in kear ien by de rike man oankaam, begrutte it dy fan syn eigen skiep te nimmen om wat foar de reizger dy’t by him kommen wie, klear te meitsjen. Dat hy naam it eilaam fan ’e earme man en makke dat ta foar de man dy’t by him kommen wie.
5Doe waard David ferwoeden op dy man en hy sei tsjin Natan: Sa wier as de Heare libbet, de man dy’t soks útheefd hat, hat de dea fertsjinne. 6En dat eilaam sil er fjouwerdûbeld weromjaan, omdat er dat stik útheefd hat en omdat er gjin begrutsjen hân hat. 7Doe sei Natan tsjin David: Jo binne dy man! Dit hat de Heare, de God fan Israel te sizzen: Ik bin it, dy’t dij salve hat as kening oer Israel en Ik haw dij út Sauls hannen rêden. 8Ik haw dy it hûs fan dyn hear jûn en dyn heare froulju haw Ik dy yn ’e earmen jûn en Ik haw dy it hûs fan Israel en fan Juda jûn. En soe dat noch te min wêze, dan hie Ik dy der noch wol it ien en oar by jaan wollen. 9Wêrom hasto dan it wurd fan ’e Heare ferachte en doch wat ferkeard is yn syn eagen? Do hast Oeria, de Hetyt, mei it swurd ferslein en syn frou hast dy as frou nommen. Him hast fermoarde troch it swurd fan ’e Ammoniten. 10Welno, it swurd sil nea en te ninter fan dyn hûs wike, dêrom, omdatst My ferachte hast en nim de frou fan Oeria om dêr mei te trouwen.
11Dit hat de Heare te sizzen: Ik sil kwea út dyn eigen hûs oer dy opkomme litte. Ik sil dyn froulju foar dyn eigen eagen weinimme en jou se oan dyn neiste en dy sil op ljochtskyndei dyn froulju iepenlik besliepe. 12Want do hast it wol temûk dien, mar Ik sil dizze saak foar hiele Israel en op ljochtskyndei dwaan. 13Doe sei David tsjin Natan: Ik haw sûndige tsjin de Heare. En Natan sei tsjin David: No, de Heare hat jo sûnde al ferjûn; jo sille net stjerre. 14Lykwols, omdat jo de fijannen fan de Heare troch dizze died tige reden ta lasterjen jûn hawwe, moat it bern dat jo krije sille, wol stjerre.
De soan fan Batsjêba stjert
15Dêrop gong Natan wer nei hûs. En de Heare sloech it bern dat David by de frou fan Oeria krige hie, dat it tige yn ’e minnichheid rekke. 16Dêrom socht David God yn gebed foar it jonkje. Hy fêste strang en as er him dan tebek lutsen hie foar de nacht, gong er oer de grûn lizzen te sliepen. 17De âldsten fan syn hûs stienen him derop oan, hy soe oereinkomme fan ’e grûn, mar hy woe net en hy iet net mei har.
18De sânde deis stoar it bern. Davids feinten seagen der tsjinoan om him te fertellen, dat it bern wei wie, want – seinen se –: Doe’t it bern noch yn libben wie, hawwe wy tsjin him praat, mar woed er net nei ús harkje. Hoe soenen wy him dan sizze kinne dat it bern stoarn is? Hy soe in ûngelok begean kinne! 19David fernaam dat syn tsjinstfeinten ûnderinoar gruten en hy krige troch, dat it bern stoarn wie. Dat David frege har: Is it bern al wei? Hja seinen: It is wei! 20Doe gong David oerein fan ’e grûn, hy wosk en salve him en die oare klean oan. Dêrnei gong er yn it hûs fan ’e Heare en bûgde him del. Doe’t er wer thús kommen wie, frege er om iten en hja setten it him foar. Doe iet er wer. 21Syn feinten seinen tsjin him: Hoe kinne jo no sa! Foar it libben bern ha jo fêste en skriemd, mar sa gau is it bern net wei, of jo komme oerein en begjinne te iten. 22Mar hy sei: Salang’t it bern noch libbe haw ik fêste en skriemd, want ik tocht: Wa wit, faaks is de Heare my noch genedich en bliuwt it bern yn libben. 23Wêrom soe ik lykwols, no’t it stoarn is, noch fêstje? Kin ik it noch weromkrije? Ik gean wol nei him ta, mar hy komt net by my werom.
Berte fan Salomo
24Dêrnei treaste David syn frou Batsjêba; hy kaam by har en sliepte by har. Dat hja krige in soan en hy neamde him Salomo. De Heare hâlde fan him 25en Hy stjoerde in boadskip troch de profeet Natan en neamde him Jedidja; sa woe de Heare dat.
Ein fan ’e oarloch mei de Ammoniten
26Joäb die in oanfal op Rabba fan ’e Ammoniten en soe de keningsstêd ynnimme. 27Doe stjoerde Joäb boaden nei David mei it boadskip: Ik haw in oanfal dien op Rabba en de wetterstêd al ynnommen. 28No dan, rop de oaren fan it folk byinoar, belegerje de stêd en nim dy yn. Oars soe, as ik de stêd ynnim, ik de stêd op namme krije en jo net. 29Doe rôp David alle folk byinoar en gong nei Rabba. Hy die dêr in oanfal op en naam it yn. 30Hy naam har kening de kroan fan ’e holle. Dy kroan woech hûndert talinten goud en der siet in edelstien op. En David krige dy op ’e holle. Hy helle ek in tige grutte bút út ’e stêd. 31It folk dat dêr wenne, ferballe er en sette har te wurk mei seagen, izeren houwielen en bilen. Ek sette er har te wurk yn ’e tichelwurken. Sa die er mei alle stêden fan ’e Ammoniten. Dêrop gong David mei it hiele folk wer nei Jeruzalem werom.