De Joadske godstsjinst ferbean
1In setsje letter stjoerde de kening in âlde Athener. Dy moast de Joaden twinge de wizânsjes fan har foarâlden farre te litten en net langer nei Gods wetten te libjen. 2Ek moast er de timpel yn Jeruzalem ûntwije en dy tawije oan Zeus Olympios. De timpel op ’e Gerizzim moast wijd wurde oan Zeus Xenios, omdat de lju dêr sa gastfrij wienen. 3De slach fan it kwea kaam hurd oan; it wie net út te stean. 4Yn ’e timpel waard it ien wylde feesterij. De heidens fermakken har dêr mei huorren en gongen binnen de hillige muorre mei froulju oan. Boppedat waard der fan allerhande ûnfoech spul yn tôge. 5It alter lei fol ferbeane offers: dy foldienen net oan ’e wetsfoarskriften. 6De sabbat hâlde mocht net, de tradisjonele feesten fiere likemin, ja, men mocht der net iens foar útkomme Joad te wêzen. 7Elke moanne waard de bertedei fan ’e kening fierd. Mei rou geweld waarden de lju dan nei de yngewant-iterij dreaun. By it Dionysosfeest moasten se mei krânsen fan klimmer yn ’e prosessy fan Dionysos rinne. 8Op oanstean fan Ptoleméus gong der in befel nei de Grykske stêden yn ’e omkriten. Dy moasten de Joaden krektsa behannelje en harren twinge oan ’e offermielen mei te dwaan. 9Wa’t net oergean woe op ’e Grykske libbenstrant, moast om hals brocht wurde. Wat foar ellinde dêrút fuortkomme soe, wie yn ’t foar wol te sjen.
10Sa waarden twa froulju opbrocht, dy’t har berntsjes besnien hienen; dêrom waarden se mei har bern oan it boarst foar de eagen fan it folk de hiele stêd troch sleept en doe fan ’e muorre ôfsmiten. 11Oaren wienen temûk yn grotten byinoar kommen om de sabbat te fieren. Dy waarden by Filippus oanbrocht en allegearre libben ferbaarnd. Ut earbied foar de hillige dei woenen se har net ferwarre.
12Elkenien dy’t dit boek lêst, wol ik warskôgje, dat er him net fan syn stik bringe litte moat troch dizze rampen. Hy moat betinke, dat sokke straffen net jûn waarden om ús folk ten ûnder gean te litten, mar om it better te meitsjen. 13It is in bewiis fan grutte goedgeunstigens, dat de Hear de sûnders net lang gewurde lit, mar dat har straf mei gauwens komt. 14De Hear docht mei ús net as mei oare folken: dêr wachtet Er lankmoedich, oant de mjitte fan har sûnden oan ’e râne ta fol is. 15By ús wachtet Er net mei syn straf, oant wy mei ús sûnden de hichte hawwe. 16Sadwaande lûkt Er syn barmhertichheid noait fan ús ôf. Al kastijt Er syn folk mei tsjinslach, Hy lit it net yn ’e steek. 17Lit it genôch wêze, dat wy dit wer yn ’t sin brocht hawwe. No moatte wy it ferhaal ferfetsje.
Marteldea fan Elazar
18Elazar, ien fan ’e grutste wetgelearden, wie al in man op jierren, in foarname ferskining. Hy waard twongen syn mûle iepen te dwaan en bargefleis te iten. 19Hy woe lykwols leaver mei eare stjerre as yn skande libje. Dêrom rûn er út himsels nei it folterplak 20en spuide it út. Sa soe elkenien dwaan moatte, dy’t de moed hat it ferbeane iten te wegerjen, ek al is it libben him leaf. 21De lju dy’t oer dat ûnwettige offermiel gongen en him fan âlds koenen, namen him apart en trunen him oan fleis te heljen, dat er wol ite mocht. Hy koe dat dan sels reemeitsje en dwaan as iet er fan it offermiel, sa’t de kening dat woe. 22Sadwaande soed er de dea ûntrinne en profitearje fan ’e skiklikens dy’t te tankjen wie oan har âlde freonskip. 23Mar hy naam in nommel beslút dat alhiel paste by syn jierren, by syn achtbere âlderdom, by it moaie grize hier dat er mei eare krige hie, by syn hâlden en dragen dat fan jongs ôf oan sûnder wryt of slyt west hie, mar boppe-al by de hillige wetten dy’t God jûn hie. Hy sei dan ek frijmoedich, dat se him mar gau it deaderyk ynstjoere moasten. 24Want, sei er, sok húcheljen jout op ús jierren gjin pas. Hiel wat jongelju soenen tinke, dat Elazar op syn njoggentichste jier noch nei de heidens oerrûn wie. 25Se soenen op ’e doele reitsje troch myn húchelderij – en dat om sa’n lyts eintsje libben – ik soe skande en ûneare bringe oer myn eigen âlde dei. 26En al soe ik dan no oan ’e straf fan ’e minsken ûntkomme, de macht fan ’e Almachtige ûntrin ik net, libben likemin as dea. 27Dêrom, as ik no moedich fan it libben ôfsjoch, dan lit ik sjen, dat ik myn hege jierren wurdich bin. 28Oan de jongerein jou ik dan in skoander foarbyld fan in goede dea, in reewillich en weardich stjerren foar de hege en hillige wetten. Nei’t er dat sein hie, rûn er op slach op it folterplak ta. 29De tagedienens dy’t de mannen efkes tefoaren noch foar him hienen, sloech om yn fijânskip. Se tochten, dat er gek wie, doe’t se syn wurden hearden. 30Doe’t er it lykwols al hast bejaan soe ûnder de slaggen, kreunde er en sei: De Hear yn syn hillige wysheid fernimt skoan, hoe’n slimme pine ik oan myn lichem lij fan dizze foltering dêr’t ik foarwei kinnen hie; mar Hy wit ek, dat ik it yn myn siel mei blydskip ûndergean út ûntsach foar Him. 31Sa stoar er en hy liet troch syn dea net allinne oan ’e jongerein mar ek oan it grutte meartal fan syn folk in edel foarbyld nei en in monumint fan deugdsumens.