Opstân fan Jason en syn dea
1Om dy tiid begûn Antíochus syn twadde oanfal op Egypte. 2Hast fjirtich dagen lang waarden der rûnom yn ’e stêd ferskinings sjoen fan ruters dy’t troch de loft fjouweren yn gouden wapentoai, en troepen dy’t mei lânsen wapene wienen. 3Swurden waarden lutsen, eskadrons opsteld, oanfallen en tsjinoanfallen dien; it wie in beweech fan skylden, in weagjend fjild fan spearen, in rûnstowen fan pylken en in geskitter fan wapenútris mei gouden ornamint. 4Elkenien bidde dat dit gesicht in goed foarteken wêze mocht.
5Doe’t it praat gong – mar it wie net sa – dat Antíochus dea wie, brocht Jason op syn minst tûzen man byinoar en die ûnferhoeds in oanfal op ’e stêd. De mannen op ’e muorre waarden tebekslein. It rûn derop út, dat de stêd ynnommen waard en Meneláos de wyk naam yn ’e Sitadel. 6Jason liet sûnder moederaasje syn meiboargers deaslaan. Hy hie net foar ’t ferstân, dat sukses yn ’e striid tsjin eigen folk de grutste mislearring is. Hy tocht, dat er dêr segetekens op fijannen mei wûn hie; it wienen lykwols gjin fijannen, mar syn eigen stambruorren. 7Dochs krige er de macht net yn hannen. Syn komplot brocht him by einbeslút neat oars op as skande en hy kaam wer as balling by de Ammoniten telâne. 8De ein fan syn minne hâlden en dragen wie sa’t er fertsjinne: hy waard earst opsletten yn it lân fan Arétas, de kening fan ’e Arabieren, mar wist te ûntkommen. Hy flechte fan ’e iene stêd nei de oare, oeral sieten se achter him oan. Hy waard hate as in ôffallige fan ’e wetten en ferachte as beul fan syn eigen heitelân en lânslju. Op ’t lêst moast er ûntwyk sykje yn Egypte. 9De man dy’t withoefolle minsken út it heitelân ferballe hie, kaam sels as balling oan syn ein, doe’t er nei Sparta reizge wie. Dêr hope er fanwegen de famyljebannen ûnderdak te finen. 10De man dy’t withoefolle deaden der samar sûnder begraffenis hinnesmiten hie, waard gjin trien om litten: nimmen brocht him de lêste eare en hy krige net iens plak yn it grêf fan syn foarfaars.
11Doe’t de kening dat allegear hearde, tocht er dat Judéa yn opstân kommen wie. Hy briek op út Egypte en as in wyld naam er Jeruzalem mei geweld yn. 12Hy joech syn soldaten befel alle minsken dy’t se mar tsjinkamen, sûnder pardon del te slaan en ek de lju dy’t de huzen ynflein wienen te fermoardzjen. 13It wie in moardnerij fan jong en âld, in opromjen fan froulju en bern, in ôfslachtsjen fan fammen en de allerlytsten. 14Yn in tiid fan trije dagen gongen der 80.000 minsken oan, 40.000 rekken dea yn ’e striid en likefolle waarden as slaven ferkocht. 15Mar dat wie him noch net genôch. Hy wie ek noch sa bretaal en gean de allerhillichste timpel fan ’e hiele wrâld yn. Meneláos wiisde him it paad, de man dy’t de wetten en it heitelân ferret hie. 16It hillige gebrûksguod naam Antíochus yn syn smoarge hannen en wat oare keningen jûn hienen om de gloarje en de eare fan dit stee grutter te meitsjen, sleepte hy der mei syn goddeleaze hannen út. 17It hert siet him heech en hy hie net foar ’t ferstân, dat it mar foar in skoftsje wie, dat de Hear Him lilk makke oer de sûnden fan it folk en dêrom net nei syn timpel omseach. 18Hienen de minsken doe net sa ûnder de sûnden sitten, dan soe Meneláos daalk by it ynkommen al mei de swipe behannele en fan syn bretalens ôfholpen wêze. Sa wie it ommers ek gien mei Heliodoarus, doe’t dy troch kening Seleukus stjoerd waard om ’e skatkeamer nei te sjen. 19Mar de Hear hat it folk net keazen om it stee, mar it stee om it folk. 20Dêrom krige it stee sels earst syn part fan ’e ûngelokken dy’t it folk oerkamen, en dielde it letter ek mei yn ’e segeningen. Troch de grime fan de Almachtige waard it oan syn eigen lot oerlitten, mar nei de fermoedsoening fan de allerheechste Hear krige it al syn gloarje wer.
21Achttjinhûndert talinten helle Antíochus út ’e timpel wei. Doe gong er hastich wer nei Antiochië. Yn syn grutskens en oerdwealskens tocht er, dat er it lân befarber meitsje koe en de see begeanber. 22Om it folk derûnder te hâlden liet er setbazen achter; yn Jeruzalem de Frygiër Filippus, in noch grutter barbaar as de man dy’t him dêr oansteld hie, 23op ’e Gerizzim Androníkos en njonken dy twa mannen Meneláos, dy’t it folk noch slimmer tamtearre as de twa oaren, sa min hie er it op ’e Joaden stean. 24De kening stjoerde fierder de generaal fan ’e hiersoldaten út Mysië, Apolloanius, mei in leger fan 22.000 man. Hy moast alle folwoechsene manlju om hals bringe en de froulju en de jongerein ferkeapje. 25Doe’t er yn Jeruzalem kaam, spile er earst de freedsume man. Hy wachte de hillige sabbatdei ôf en doe’t it wurk by de Joaden stil lei, naam er syn trekken waar. Hy rôp syn mannen op foar in parade. 26Alle lju dy’t derhinne setten om te sjen, liet er delstekke. Doe stoarme er mei syn soldaten de stêd troch en hiele kloften minsken waarden delslein.
27Judas lykwols, dy’t ek de Makkabeeër neamd wurdt, naam mei sa’n njoggen oaren de wyk nei de bergen. Dêr libbe er mei syn maten as de bisten yn it wyld. Se ieten allinne planten om frij te bliuwen fan ’e ûnsuverens fan ’e oaren.