1Yn syn dagen teach kening Nebûkadnessar fan Babel op en Jojakim waard him tsjinstber trije jier lang, mar doe kaam er tsjin him yn ferset. 2De Heare stjoerde de binden fan ’e Chaldeeërs mei dy fan Aram, Moäb en Ammon op him los. Hy stjoerde dy op Juda los om dat te fernielen, sa’t de Heare al sein hie troch syn tsjinners, de profeten. 3Wiswier, dat kaam oer Juda op bestel fan de Heare, dy’t it út syn eagen weibanne woe, om alle sûnden dy’t Manasse dien hie, 4ek om it ûnskuldich bloed, dat er fergetten hie; hy hie Jeruzalem ommers fol makke fan ûnskuldich bloed. Dat woe de Heare net ferjaan.
5It fierdere fan ’e skiednis fan Jojakim, alles dat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. 6Jojakim is rêst mei syn foarfaars en syn soan Jojakin waard yn syn plak kening. 7De kening fan Egypte teach fierders net mear op út syn lân, want de kening fan Babel hie alles ferovere, dat fan ’e kening fan Egypte west hie, fan ’e beek fan Egypte ôf oan ’e rivier de Eufraat ta.
Jojakin fan Juda
8Jojakin wie achttjin jier doe’t er oan it regear kaam en hy hat in fearnsjier te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Nechûsjta, dochter fan Elnatan út Jeruzalem. 9Hy die wat de Heare ferkeard achtet, alhiel lykas syn heit dien hie. 10Om dy tiid kamen de tsjinners fan kening Nebûkadnessar fan Babel op Jeruzalem tasetten en de stêd waard belegere. 11Doe’t kening Nebûkadnessar fan Babel sels foar de stêd kaam, nei’t syn tsjinners it belegere hienen, 12gong kening Jojakin fan Juda de stêd út nei de kening fan Babel ta, hy, mei syn mem, syn tsjinners, syn foarsten en syn hovelingen. En de kening fan Babel naam him gefangen yn it achtste jier fan syn regear. 13Alle skatten fan it hûs fan de Heare en fan it keninklike paleis naam er mei; fan alles dat kening Salomo fan Israel yn it hûs fan de Heare makke hie, helle er it goud ôf, sa’t de Heare al sein hie. 14Hiele Jeruzalem fierde er yn ballingskip, alle offisieren en soldaten, tsien tûzen ballingen, alle ambachtslju en smidden; gjinien bleau achter, behalven de earmsten fan it lânfolk. 15Hy fierde Jojakin yn ballingskip nei Babel. Ek de mem fan ’e kening, de froulju fan ’e kening, syn hovelingen, de foarname lju fan it lân, hy liet se út Jeruzalem wei nei Babel yn ballingskip gean. 16De kening fan Babel hat alle warbere mannen fan it leger – sân tûzen – de ambachtslju en smidden – tûzen –, allegearre dappere soldaten, as balling nei Babel brocht. 17Doe makke de kening fan Babel Mattanja, in omke fan Jojakin, kening foar him yn ’t plak en feroare syn namme yn Sedekía.
Sedekía fan Juda
18Sedekía wie ienentweintich jier doe’t er oan it regear kaam; alve jier hat er te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Chamûtal, it wie in dochter fan Jirmia út Libna. 19Hy die wat de Heare ferkeard achtet, krekt sa’t Jojakim dien hie. 20Dêrom waard de Heare sa lilk op Jeruzalem en Juda, dat Er har út syn eagen weibande. Doe’t Sedekía tsjin de kening fan Babel yn opstân kaam,