De herfoarming fan Josjía
1Nei’t de kening de âldsten fan Juda en Jeruzalem by him komme litten hie, 2gong de kening nei de timpel, hy en elkenien yn Juda en alle ynwenners fan Jeruzalem, de prysters, de profeten, it hiele folk, fan lyts oant grut. Foar har earen lies er de hiele ynhâld foar fan it ferbûnsboek dat yn ’e timpel fûn wie. 3Doe gong de kening op de ferheging stean en foar it antlit fan de Heare ferbûn hy him derta dat se tenei de Heare folgje soenen en mei hert en siel syn geboaden, syn tsjûgenissen en syn foarskriften folslein yn acht nimme en har hâlde oan ’e ynhâld fan it ferbûn, sa’t it beskreaun stie yn dat boek. En it hiele folk joech him by it ferbûn.
4Doe joech de kening oan hegepryster Chilkía, oan ’e prysters fan ’e twadde oarder en oan ’e drompelwarders de opdracht om alle ark, dat foar de Baäl, de Asjeara en it hiele himelhear makke wie, út ’e timpel fan de Heare te heljen. Hy liet it ferbaarne bûten Jeruzalem yn it fjild by de Kidron en de jiske dêrfan liet er nei Bet-El bringe. 5Hy sette de sabeare-prysters ek ôf, dy’t de keningen fan Juda oansteld hienen om offers oan te stekken op ’e offerhichten yn ’e stêden fan Juda en ’e omkriten fan Jeruzalem en allyksa dyjingen, dy’t offers oanstieken foar de Baäl, de sinne, de moanne, de stjerrebylden en it hiele himelhear. 6Hy liet ek de wijde peal út it hûs fan de Heare wei nei de beek Kidron bûten Jeruzalem bringe en him dêr ferbaarne en ferpolverje ta stof. It stof liet er op it begraafplak fan it sljochtwei folk delsmite. 7De keamers yn ’e timpel foar de oan ûntucht wijden, dêr’t de froulju beklaaisels weefden foar de Asjeara, liet er ôfbrekke. 8Hy liet alle prysters út ’e stêden fan Juda helje en de offerhichten, dêr’t de prysters offers oanstutsen hienen, liet er ûntwije, fan Gêba ôf oan Beërsjêba ta. Hy briek de offerhichten by de poarten ôf, lykas dy by de yngong fan ’e poarte fan ’e stêdskommandant Josjûa, oan ’e linkerkant as jo de poarte fan ’e stêd ynkomme. 9De prysters fan ’e offerhichten mochten net op it alter fan de Heare te Jeruzalem komme, mar wol mei har amtgenoaten it wijde brea ite.
10Hy liet Tofet yn ’e delling fan Ben-Hinnom ûntwije, dat gjinien syn soan of dochter mear foar de Moloch de fjoerwijing ûndergean litte koe. 11Hy helle de hynders dy’t de keningen fan Juda oan de sinnegod tawijd hienen, by de yngong fan ’e timpel wei, njonken de keamer fan ’e hoveling Natan-Mêlek yn ’e bygebouwen. De sinnewein liet er ek ferbaarne. 12De alters op it dak by de opbou fan Achaz, dy’t de keningen fan Juda makke hienen, briek de kening ôf en allyksa de alters dy’t Manasse makke hie yn ’e beide foarhôven fan it hûs fan de Heare. Hy briek se ôf en it pún liet er yn ’e beek Kidron stoarte. 13De offerhichten oan ’e eastkant fan Jeruzalem, besuden de berch fan ’e fernielders, dy’t kening Salomo fan Israel boud hie foar Astarte, de groulike god fan ’e Sidoaniërs en foar Kamosj, de groulike god fan ’e Moäbiten en foar Milkom de walchlike god fan ’e Ammoniten, dy hat er ek ûntwijd. 14Hy ferbrizele de wijde stiennen, kappe de wijde peallen om en goaide dat plak fol minskebonken.
15It alter te Bet-El ek – de offerhichte dy’t makke wie troch Jerobeäm, de soan fan Nebat, dy’t Israel ta sûnde brocht hie – dat alter en dy offerhichte helle er ûnderstboppest. Hy ferbaarnde dy en ferpolvere se ta stof, en hy ferbaarnde de wijde peal. 16Josjía hie dêr nei de grêven stien te sjen op ’e berch; hy liet de bonken út ’e grêven helje en op it alter ferbaarne en ûntwijde dêrmei it alter, sa’t it wurd fan de Heare west hie, dat de godsman ferkundige, dy’t dizze dingen oansein hie. 17Doe sei er: Wat foar in grêfteken is dat, dat ik dêr sjoch? De mannen út ’e stêd seinen tsjin him: It grêf fan ’e godsman dy’t út Juda kommen is en tsjin it alter te Bet-El de dingen oansein hat, dy’t jo no útfiere. 18Hy sei: Lit him mei rêst en steur syn bonken net. Sa sparren se de bonken fan him en fan ’e profeet, dy’t út Samaria kommen wie.
19De timpels op ’e offerhichten yn ’e stêden fan Samaria, dy’t de keningen fan Israel makke hienen om de Heare te tergjen, romme Josjía allegear op en hy die dermei krekt sa’t er te Bet-El dien hie. 20Alle prysters fan ’e offerhichten dy’t dêr wienen, slachte er op ’e alters en hy ferbaarnde der minskebonken op. Dêrnei gong er werom nei Jeruzalem.
21Doe joech de kening oarder oan it hiele folk: Fier it peaskefeest foar de Heare, jim God, sa’t it yn it ferbûnsboek beskreaun stiet. 22Sa’n peaskefeest wie der nammentlik net fierd sûnt de dagen fan ’e rjochters, dy’t Israel rjochte hienen en sûnt alle dagen fan ’e keningen fan Israel en fan ’e keningen fan Juda. 23Earst yn it achttjinde jier fan Josjia syn regear is dat peaskefeest foar de Heare te Jeruzalem fierd.
24Ek de geastebeswarders, de wiersizzers, de tearafim, de ôfgodsbylden en alle groulike dingen dy’t yn ’t lân fan Juda en te Jeruzalem te finen wienen, roege Josjia út, om de wurden fan ’e wet nei te kommen, dy’t beskreaun stienen yn it boek dat pryster Chilkía fûn hie yn it hûs fan de Heare. 25Foar him hat der net in kening west, dy’t him sa mei hert en siel en mei syn hiele krêft nei de Heare keard hat, alhiel sa’t de wet fan Mozes wie, en nei him hat der net wer sa’n ien west. 26Mar de Heare is net mear weromkommen fan syn slim lôgjende grime, dy’t tsjin Juda oplôge wie om alles dêr’t Manasse Him mei terge hie. 27De Heare sei: Ek Juda sil Ik út myn eagen weibanne, lykas Ik mei Israel dien haw. En Jeruzalem, de stêd dy’t Ik útkard hie, is ta weismiten keard, lykas it hûs dêr’t Ik fan sein hie: Dêr sil myn namme wêze.
28It fierdere fan ’e skiednis fan Josjia, alles dat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. 29Yn syn dagen teach Farao Neko, de kening fan Egypte, tsjin de kening fan Assyrië op, nei de Eufraat ta. Kening Josjia triek tsjin him op, mar sadree’t de Farao him yn it each krige, deade er him by Megiddo. 30Syn tsjinners ferfierden syn lyk op in wein út Megiddo wei, brochten him nei Jeruzalem en begroeven him yn syn grêf. De lânadel naam doe Joächaz, de soan fan Josjía; se salven him en rôpen him as kening út foar syn heit yn ’t plak.
Joächaz fan Juda
31Trijeëntweintich jier wie Joächaz, doe’t er oan it regear kaam en hy hat in fearnsjier te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Chamûtal, de dochter fan Jirmia út Libna. 32Hy die, wat de Heare ferkeard achtet, alhiel lykas syn foarfaars dien hienen. 33Farao Neko liet him opslute te Ribla yn it lân Hamat, dat er net te Jeruzalem regearje soe en hy lei it lân in skatting op fan hûndert talinten sulver en ien talint goud. 34En Farao Neko makke Eljakim, soan fan Josjia, foar syn heit yn ’t plak kening en hy feroare syn namme yn Jojakim. Joächaz naam er mei, dat dy kaam yn Egypte telâne en is dêr stoarn.
Jojakim fan Juda
35It sulver en goud hat Jojakim ôfdroegen oan Farao, mar hy moast it lân op swiere lêsten sette om it jild dat Farao easke, ôfdrage te kinnen. Hy foardere fan ’e lânadel it sulver en goud, sa’t elk oanslein wie, om it oan Farao ôf te dragen. 36Jojakim wie fiifentweintich jier doe’t er oan it regear kaam en hy hat alve jier te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Sebûdda, dochter fan Pedaja út Rûma. 37Hy die, wat de Heare ferkeard achte, alhiel lykas syn foarfaars dien hienen.