2 Korintiërs 10
Paulus giet tsjin syn tsjinstanners yn
1No doch ik persoanlik in berop op jimme by de sêftmoedigens en myldens fan Kristus. Ik, Paulus, dy’t (neffens jimme sizzen) as ik by jim bin, sa dimmen bin, mar as ik fuort bin, it jimme wol sizze doar. 2Ik fersykje jimme: twing my net om dryst te wêzen as ik by jim bin, want dat soe ik dwaan mei itselde betrouwen, dêr’t ik dy lju mei oanpakke sil, dy’t miene dat wy ûngeastlik libje. 3Wy binne minsken fan fleis en bloed, mar wy stride op geastlike wize, 4de wapens dy’t wy op ús fjildtocht brûke, binne net fan dizze wrâld: se hawwe godlike krêft, dêr’t bolwurken mei sljochte wurde. 5Wy romje alle redenaasjes út ’e wei en elke skâns dy’t opsmiten wurdt tsjin it kennen fan God. Wy slagge elk betinken yn ’e boeiens om it oan Kristus ûnderhearrich te meitsjen. 6En wy binne ree om alle oerhearrigens te straffen, sa gau’t jimme jim folslein ûnder it gesach deljûn hawwe.
7Gean no ris nei, wat elk sjen kin: as ien der fêst op betrout, dat er fan Kristus is, lit him dan oan ’e oare kant ek by himsels betinke, dat wy likegoed as hysels fan Kristus binne. 8Al soe ik my noch wat mear foarstean litte op ’e macht dy’t de Hear ús jûn hat – net om jimme ôf te brekken, mar om jimme op te bouwen – dan soe ik der net beskamme foar weikomme. 9Want ik wol net, dat it derop liket, as soe ik jimme bang meitsje mei myn brieven. 10Want – wurdt der sein – syn brieven binne wol swierwichtich en strang, mar syn persoanlike ferskining seit net safolle en syn sprekken hat neat te betsjutten. 11Wa’t soks sizze, moatte dit betinke: by jimme binne wy krekt sa mei ús dieden as op in distânsje mei de wurden dy’t wy skriuwe.
12Want wy doare ússels net te setten neist, of te fergelykjen mei guon lju, dy’t harsels oanpriizje. Se mjitte har by harsels ôf en fergelykje harsels allinne mar mei harsels, mar dêrmei toane se har ûnferstân. 13Wy lykwols sille net bûten alle roai opsprekke, mar wy sille ús hâlde oan ’e regel dy’t God steld hat; en sa binne wy ek oan jimme ta kommen. 14Wy geane net bûten de grinzen, as rûn ús gerjochtichheid net oan jimme ta. Wy wienen ommers wierliken al oan jimme ta kommen mei it bliid boadskip fan Kristus. 15Wy sprekke net bûten alle mjitte op fan oarmans wurken, mar wy hawwe hope, om, as jimme leauwen oanwint, noch grutter ûnder jimme te wurden neffens wat wy jilde litte, 16om it bliid boadskip te bringen op plakken, dy’t noch fierder lizze, ynstee fan op te sprekken fan wat al dien is neffens wat oaren jilde litte. 17As ien opsprekke wol, lit him dan fan de Hear sprekke. 18Want net wa’t himsels oanprizet, mar wa’t troch de Hear oanprize wurdt, is hifke en betroud befûn.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap