2 Korintiërs 9
De kollekte foar de mei-kristenen
1It is oerstallich tinkt my, jimme oer de help oan jimme mei-kristenen te skriuwen. 2Ik ken jimme reewilligens. Ik sprek der by de Masedoaniërs fan op: ‘Achaje stiet al sûnt ferline jier klear’. En jimme iver hat de measte oaren oanfitere. 3Mar ik stjoer dizze bruorren, dat de lof dy’t ik jimme brocht haw yn dizze saak, net blike sil sûnder grûn te wêzen, en dat jimme yndied, lykas ik sein haw, ree binne. 4Ik soe net graach wolle, dat, as der Masedoaniërs mei my komme en hja soenen jimme net ree fine, wy, om net te sizzen jimme, beskamme wurde soenen, wylst wy sa wis mienden te wêzen.
5Dêrom achte ik it nedich en fersykje de bruorren om foarút te reizgjen nei jimme ta en yn ’t foar de mylde jefte, dy’t jimme al earder tasein hawwe, ree te lizzen, dat dy yndied as in mylde jefte klear leit en net as ien dy’t ôftwongen is. 6Tink derom: wa’t mei de sunige hân sieddet, sil ek krap rispje; wa’t mei de romme hân sieddet, sil ek oerfloedich rispje. 7Lit in elk jaan lykas er him foarnommen hat, sûnder pine of twang, want God hâldt fan minsken dy’t mei in bliid hert jouwe. 8En God is by steat en jou jimme alle goede jeften yn oerfloed, dat jimme altiten yn alles genôch hawwe en ek noch frijwat oerhâlde ta alle goed wurk. 9Sa stiet der ek beskreaun: Hy hat útdield, Hy hat jûn oan ’e earmen, syn goederjouskens bliuwt foar ivich. 10Hy, dy’t sied jout oan ’e siedder en brea om te iten, sil ek jimme sied jaan en it fermannichfâldigje en de opbringst fan jimme goederjouskens oanwinne litte. 11Dan wurde jimme oer alle boegen sa ryk, dat jimme mar rojaal útdiele kinne, en sa wurdt troch ús wurk tank brocht oan God. 12Want troch de help dêr’t wy God mei tsjinje, wurdt net allinne it ferlet fan ’e mei-kristenen ferholpen, mar dêrtroch brekt der ek by gâns minsken in stream fan tank oan God los. 13Want as hja dúdlik sjogge dat jimme helpe, priizje se God mei’t jimme sa mei jim beliden dogge wat it bliid boadskip fan Kristus seit en jimme rynske mienskip hawwe mei har en mei alle oaren. 14Boppedat bidde se God foar jimme, om’t har hert nei jimme útgiet fanwegen de oerfloedige genede, dy’t God jimme jûn hat. 15Tank oan God foar syn jefte; dêr binne gjin wurden foar.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap