It regear fan Achazja
1Doe makken de ynwenners fan Jeruzalem syn jongste soan Achazja kening foar him yn ’t plak; want de binde dy’t mei de Arabieren yn it legerkamp kommen wie, hie alle âldere soannen fermoarde. Sa kaam Achazja, de soan fan kening Joaram fan Juda, oan it regear. 2Twaënfjirtich jier wie Achazja, doe’t er oan it regear kaam; ien jier hat er te Jeruzalem regearre; syn mem wie Atalja, de dochter fan Omry. 3Hy gong deselde wei as it hûs fan Achab, want syn mem sette him oan ta it ferkearde. 4Lykas it hûs fan Achab die hy oars as de Heare woe, want dat wienen nei syn heite dea syn riedslju. Mar it waard syn ûngelok.
5It wie dan ek op har oanstean, dat er mei Joaram, de soan fan Achab, de kening fan Israel, by Ramot yn Gileäd op it oarlochspaad gong tsjin kening Hazaël fan Aram. Mar de Arameeërs rekken Joaram; 6dat hy gong werom om te Jizreël de wûnen hielje te litten, dy’t er by Rama skipe hie, doe’t er tsjin kening Hazaël fan Aram focht. Doe’t Joaram, de soan fan Achab net goed wie, kaam Achazja, de soan fan kening Joaram fan Juda, del om ris by him yn Jizreël te sjen. 7Mar it wie Gods bestel, dat dit besyk oan Joaram Achazja syn ûndergong wurde soe; want doe’t er dêr kommen wie, gong er mei Joaram Jehû, de soan fan Nimsjy, yn ’e mjitte, dy’t de Heare as kening salve hie om it hûs fan Achab út te roegjen. 8Want doe’t Jehû it oardiel oer Achabs hûs útfierde, kaam er de hegerein fan Juda tsjin en de soannen fan Achazja’s bruorren, dy’t by Achazja yn tsjinst wienen, en hy makke har fan kant. 9Dêrnei socht er om Achazja sels, en se krigen him yn ’e hannen, wylst er him beskûl hâlde yn Samaria. Doe’t se him nei Jehû brocht hienen, makken se him dea. Se begroeven him ek, want, seinen se, it is in soan fan Josjafat, dy’t mei hert en siel de Heare tsjinne hat. Sa bleau der fan it hûs fan Achazja gjinien oer, dy’t it regear op him nimme koe.
10Doe’t Atalja, de mem fan Achazja seach, dat har soan dea wie, gong se hinne en brocht alle keninklike neikommelingen fan it hûs fan Juda om. 11Mar de kening syn dochter, Josjabat, helle Joäsj, de soan fan Achazja temûk by de prinsen dy’t deade waarden, wei en brocht him mei syn fersoarchster yn it berchplak foar de bêden. Josjabat, de dochter fan kening Joaram, de frou fan pryster Jojada – hja wie in suster fan Achazja – ferburch him dêr foar Atalja, dat dy him net deameitsje koe. 12Sa bleau er seis jier by harren beskûl yn it hûs fan God, wylst Atalja it lân regearre.