1Doe is Josjafat rêst mei syn foarfaars. Hy waard by syn foarfaars begroeven yn ’e Davidsstêd en syn soan Joaram folge him op.
It regear fan ’e goddeleaze Joaram
2Joaram syn bruorren wienen Azarja, Jechiël, Sekarja, Azarja, Mikaël en Sjefatja, allegearre soannen fan Josjafat, kening fan Juda. 3Har heit hie harren rike jeften oan sulver, goud en oare kostberheden jûn en ek festingstêden yn Juda; mar it keningsskip hied er Joaram taskikt, om’t dat de âldste soan wie.
4Doe’t Joaram de keningsmacht fan syn heit fêst yn hannen hie, liet er al syn bruorren om hals bringe en ek guon fan ’e hegerein yn Israel. 5Twaëntritich jier wie Joaram, doe’t er oan it regear kaam, en acht jier hat er te Jeruzalem regearre. 6Hij gong deselde wei as de keningen fan Israel, krekt as it hûs fan Achab, hy hie dan ek in dochter fan Achab as frou, en hy die net sa’t de Heare woe. 7Dochs woe de Heare it hûs fan David net útroegje omreden fan it ferbûn dat Er mei David sletten hie; Hy hie ommers tasein, dat Er foar him en syn soannen altyd in lampe brâne litte soe.
8Yn syn dagen makken de Edomiten har frij fan de oerhearsking troch Juda en setten in eigen kening op ’e troan. 9Dêrom kaam Joaram fanwegen mei syn oanfierders en al syn striidweinen. Hy kaam by nacht opsetten en sloech him troch de Edomiten hinne, dy’t him en syn weinkommandanten besingele hienen. 10Lykwols makke Edom him frij fan ’e oerhearsking troch Juda en dat is sa bleaun oan hjoed-de-dei ta. Doe, om ’e selde tiid, hat Libna him dêr ek frij fan makke, want kening Joaram hie him ôfkeard fan de Heare, de God fan syn foarfaars.
11Hy hat ek offerhichten makke yn it Judeeske berchlân; hij makke dat de ynwenners fan Jeruzalem ta ôfgoaderij ferfoelen en brocht Juda sa fan it rjochte paad ôf. 12Doe kaam der in brief foar him fan ’e kant fan profeet Elía, dêr’t yn stie: Dit hat de Heare, de God fan jo foarfaar David te sizzen: Om’t jo net de wei fan jimme heit Josjafat en fan kening Asa fan Juda hâlden hawwe, 13mar deselde wei geane as de keningen fan Israel, en makke hawwe dat Juda en de ynwenners fan Jeruzalem ta ôfgoaderij ferfoelen krekt as it hûs fan Achab, en om’t jo ek noch jo bruorren út jim heite hûs fermoarde hawwe, dy’t better wienen as josels, 14dêrom sil de Heare jo folk, jo soannen, jo froulju en al wat jo hawwe, in swiere slach jaan. 15Josels sille besocht wurde mei in slimme kwaal oan ’e yngewanten, oant dy der mei ferrin fan tiid út komme.
16Doe sette de Heare de Filistinen en de Arabieren dy’t njonken de Kûsjiten wenje, tsjin Joaram op, 17dat dy kamen tsjin Juda opsetten, krongen it lân yn en namen alle guod mei, dat yn it keninklik paleis te finen wie, en Joaram syn froulju en syn soannen ek; se lieten him gjin oare soan oerhâlde as Joächaz, de jongste. 18Nei dy rampen besocht de Heare him mei in kwaal oan ’e yngewanten, dy’t net wer better koe. 19Nei ferrin fan tiid – twa jier likernôch – waard it sa slim mei syn kwaal, dat de yngewanten derút kamen; en hy stoar oan dy ferskriklike sykte. Syn folk brânde gjin leedfjoer foar him, sa’t se dat foar syn foarfaars dien hienen. 20Twaëntritich jier wied er, doe’t er oan it regear kaam; acht jier hat er te Jeruzalem regearre; hy gong hjirwei, sûnder dat ien der in trien om liet. Se begroeven him al yn ’e Davidsstêd, mar net yn ’e keningsgrêven.