Josjafat syn striid mei de Moäbiten en Ammoniten
1Dêrnei kamen de Moäbiten en de Ammoniten en mei harren guon fan ’e Meûniten opsetten om tsjin Josjafat te striden. 2Josjafat krige it boadskip: Fan oare kant de Deade See, út Edom wei, komt in grutte kloft tsjin jo opsetten, se binne al yn Chaseson-Tamar, dat is Engêdy. 3Doe waard Josjafat bang en hy sette himsels der mei ynmoed ta om de Heare om in útspraak te freegjen. Hy rôp hiele Juda op om te fêstjen. 4Dêrom kamen de Judeeërs byinoar om help te sykjen by de Heare; ja, út alle stêden fan Juda kamen se. 5Josjafat gong by dy gearkomste fan Juda en Jeruzalem yn ’e timpel, foar it nije foarhôf, stean 6en sei: Heare, God fan ús foarfaars, binne Jo net God yn ’e himel en hearskje Jo net oer alle keninkriken fan ’e folken? Yn jo hân is krêft en macht en tsjin Jo kin gjinien it hâlde. 7Binne Jo ús God net? Hawwe Jo de bewenners fan dit lân net ferballe foar jo folk Israel en hawwe Jo it net foar altyd jûn oan ’e neiteam fan jo freon Abraham? 8Hja hawwe har dêr nei wenjen set en ta eare fan jo namme in hillichdom boud. Want, seinen se, 9as der ûnheil oer ús komme mocht, oarloch of oardiel, honger of pest, dan sille wy foar dit hûs en foar jo antlit ferskine, want jo namme is oan dit hûs ferbûn; yn ús benearing sille wy Jo oanroppe, dat Jo hearre meie en helpe! 10Sjoch no dy Ammoniten en Moäbiten ris en dy berchbewenners fan Seïr. Doe’t de Israeliten út Egypte kamen, hawwe Jo har net tastien om in ynfal by dy folken te dwaan; dat se binne harren út ’e wei gien en hawwe har net útroege. 11Mar sjoch no ris hoe’t sij fan har kant ús behannelje: se komme om ús út ús besit, dat Jo ús as erfdiel jûn hawwe, wei te driuwen. 12God fan ús, sille Jo jo oardiel net oer har komme litte? Want wy kinne neat begjinne tsjin dy grutte kloft dy’t tsjin ús opsetten komt, en witte net, hoe’t wy dermei oan moatte; dêrom sjogge wy op nei Jo.
13Sa stie hiele Juda foar it antlit fan de Heare, sels de lytse bern, de froulju en de soannen.
14Doe kaam midden yn ’e gearkomste de Geast fan de Heare oer Jachaziël, de soan fan Sekarja, de soan fan Benaja, de soan fan Jeïel, de soan fan Mattanja, de Levyt, ien út ’e neiteam fan Asaf; 15en hy sei: Harkje goed, kening Josjafat en jimme, ynwenners fan Jeruzalem en hiele Juda! Dit hat de Heare jim te sizzen: Jimme moatte net bang wêze en jim net ferbjusterje litte fan dy grutte kloft, want dizze striid is jimmes net, mar God sines. 16Moarn moatte jimme op harren ôfgean! Sjoch, as hja by de hichte fan Sis opgeane, sille jimme har treffe op ’e ein fan ’e beekdelling foar de woestyn Jerûel. 17Jimme hoege dan net te fjochtsjen. Stel jim mar op, bliuw stean en sjoch, hoe’t de Heare jim, Juda en Jeruzalem, útkomst bringt! Wês net bang en lit jim net ferbjusterje. Gean der moarn op ôf, harren yn ’e mjitte en de Heare sil jim bystean. 18Doe bûgde Josjafat him djip foaroer, it gesicht oan ’e grûn ta en hiele Juda en de ynwenners fan Jeruzalem lieten har foaroer falle om de Heare te oanbidden. 19Doe riisden de leviten dy’t by de Kehatiten en de Korachiten hearden, oerein om de hege lof fan de Heare, de God fan Israel te sjongen, sa lûd as se koenen. 20De oare moarns ier-en-betiid setten se ôf nei de woestyn Tekoä en wylst se útteagen, stie Josjafat dêr en sei: Harkje nei my, folk fan Juda en Jeruzalem! Hâld fêst oan de Heare en jim sille festichheid hawwe. Hâld fêst oan syn profeten en it sil jimme goed ôfgean. 21Doe lei er mei it folk oer en hy stelde guon op, dy’t foar de bewapene mannen út gean moasten om yn hillige feestpronk de Heare ta te sjongen en te priizjen mei de wurden:
‘Loovje de Heare, want syn goedens is de ein fan wei!’
22Op itselde stuit dat se de jubel en de lofsang ynsetten, liet de Heare de Ammoniten en de Moäbiten en de berchbewenners fan Seïr, dy’t op ’e Judeeërs ôfkommen wienen, út skûlplakken wei oerfalle en sa waarden se ferslein. 23Want de Ammoniten en de Moäbiten kearden har tsjin de berchbewenners fan Seïr en ferdylgen har hielendal; en doe’t se mei de berchbewenners fan Seïr ôfrekkene hienen, holp de iene de oare ek noch yn ’t ûngelok. 24Doe’t de Judeeërs op it punt kamen, dêr’t men útsjoch hat oer de woestyn, en se achteromseagen nei de grutte kloft, doe wie it allegear liken oer de grûn; der wie gjinien ûntkommen. 25Doe kaam Josjafat mei syn folk om de bút yn te heljen en hja fûnen by harren in oerfloed fan guod en klean en kostberheden. Se hellen dêr sa’n soad fan byinoar, dat der wie gjin dragen oan; trije dagen wienen se dwaande mei it ynheljen fan ’e bút, sa’n soad wie der. 26De fjirde deis kamen se byinoar yn ’e delling fan ’e Tanksizzing: dêr tanken se de Heare; dêrom neame se dat stee oan hjoed-de-dei ta: Delling fan ’e Tanksizzing.
27Doe gongen alle mannen fan Juda en Jeruzalem mei Josjafat foarop werom en kamen tige bliid yn Jeruzalem, want de Heare hie harren bliid makke mei de ûndergong fan har fijannen. 28Se kamen Jeruzalem yn mei harpen, lieren en trompetten en gongen nei de timpel. 29Doe’t de oare keninkriken hearden, dat de Heare tsjin de fijannen fan Israel striden hie, kaam de skrik foar de Heare der by harren allegearre yn. 30No krige it ryk fan Josjafat frede; syn God joech him rûnom rêst.
Ein fan it regear fan Josjafat
31Sa regearre Josjafat oer Juda. Fiifentritich jier wied er, doe’t er oan it regear kaam en fiifentweintich jier hat er te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Azûba, it wie de dochter fan Sjilchy. 32Hy gong deselde wei as syn heit Asa; dêr wykte er net fan ôf, hy die sa’t de Heare it hawwe woe. 33Alhoewol, de offerhichten waarden net opromme; en it folk hie it hert noch altyd net set op de Heare, de God fan har foarfaars.
34De skiednis fan Josjafat út earder en letter tiid stiet fierder wol beskreaun yn ’e kroniken fan Jehû, de soan fan Chanany, dy’t opnommen binne yn it boek fan ’e keningen fan Israel. 35Allinne dit noch: kening Josjafat fan Juda gong in ferbûn oan mei kening Achazja fan Israel, in minnen-ien yn al syn dwaan. 36Hy woe mei him yn ’e mande skippen bouwe om dy op Tarsjisj farre te litten; dy skippen bouden se te Esjon-Gêber. 37Mar Eliêzer, de soan fan Dodaja út Marésja, profetearre tsjin Josjafat: ‘Om’t jo yn ’e mande dogge mei Achazja, brekt de Heare jo wurk ôf. En de skippen sloegen te pletter, dat it farren op Tarsjisj kaam neat fan.