1 Samuël 29
David wurdt weromstjoerd
1De Filistinen hienen al har legers byinoar brocht te Afek, wylst de Israeliten by de welle te Jizreël leinen. 2Doe’t de stedsfoarsten fan ’e Filistinen yn ôfdielingen fan hûndert en fan tûzen foarbytrieken, wienen David en syn mannen mei Akisj de lêsten. 3Doe seinen de oanfierders fan ’e Filistinen: Wat sille dy Hebreeërs? Akisj sei tsjin ’e Filistynske oanfierders: Dat is ommers David, de tsjinstfeint fan Saul, dy’t al sûnt jier en dei by my tahâldt. Fan ’e dei ôf dat er oerrûn is oan hjoed-de-dei ta haw ik hielendal neat op him oan te merken hân. 4De Filistynske oanfierders lykwols waarden lilk op him en seinen tsjin him: Stjoer dy man werom. Lit him tebek gean nei it plak dêr’t jo him oansteld hawwe, mar mei ús sil er net yn ’e striid gean. Hy soe ús tsjinstanner ris wurde kinne as wy yn ’e striid sitte. Wêr soe dy fint syn hear grutter plezier mei dwaan kinne as mei de hollen fan ús manlju? 5Dit is ommers dyselde David dy’t se yn rigen tasongen hawwe:
Saul hat syn tûzenen ferslein
mar David syn tsientûzenen.
6Doe rôp Akisj David en sei tsjin him: Sa wier as de Heare libbet, jo binne in earlik man en it like my skoan ta, dat jo mei my yn it leger op- en útgongen, want ik haw, sûnt de deis dat jo by my kamen oan hjoed de-dei ta, neat op jo oan te merken hân, mar de stedsfoarsten hawwe it net op jo stean. 7Dat gean dan no mar rêstich werom en jou de Filistynske stedsfoarsten gjin argewaasje.
8Mar David sei tsjin Akisj: Wat haw ik dien? En wat hawwe jo op jo tsjinstfeint oan te merken hân, fan ’e dei ôf dat ik by jo yn tsjinst kommen bin oan hjoed-de-dei ta, dat ik net meigean mei en striid tsjin mynhear syn fijannen? 9Akisj antwurde David: Ik wit it wol. Jo binne yn myn eagen as in ingel fan God. Mar de Filistynske oanfierders hawwe sein: Hy sil net mei ús yn it leger optrekke. 10Dat gean der moarnier no betiid ôf en sa ek de feinten fan jo hear, dy’t mei jo kommen binne. As jimme der dan moarnier betiid ôfkommen binne, gean dan, sadree’t it ljocht is, fuort. 11Doe gongen David sels en syn mannen der betiid ôf om de moarns fuort te gean, werom nei it lân fan ’e Filistinen. Mar de Filistinen trieken op nei Jizreël.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap