Saul le Endor
1It wie yn dy dagen dat de Filistinen har legers byinoar brochten foar in fjildtocht, mei it doel tsjin Israel te striden. Doe sei Akisj tsjin David: Do moatst derop rekkenje, datsto en dyn manlju mei my yn it leger optrekke moatte. 2David sei tsjin Akisj: Dan sille jo gewaar wurde wat jo tsjinstfeint kin! Dêrop sei Akisj tsjin David: Dêrom stel ik dy foar altyd oan as myn persoanlike liifwacht.
3No wie Samuël stoarn en hiele Israel hie him beskriemd. Hja hienen him begroeven yn syn wenplak Rama. Saul hie de deadebelêzers en wiersizzers út it lân ferdreaun.
4Doe’t de Filistinen har troepen byinoar brocht hienen, kamen se en legeren har yn Sjûnem. Dêrom brocht Saul hiele Israel byinoar en dy legeren har op de Gilboä. 5Doe’t Saul it leger fan ’e Filistinen seach, waard er bang en in danigen skrik sloech him om it hert. 6En Saul frege de Heare om in útspraak, mar de Heare joech him gjin antwurd. Net troch dreamen, net troch de oerim en ek net troch de profeten. 7Doe sei Saul tsjin syn feinten: Sykje foar my in frou dy’t de deaden belêze kin, dan gean ik nei har ta om troch har in útspraak te freegjen. Syn feinten seinen tsjin him: Der is in frou yn Endor, dy’t de deaden belêze kin.
8Dêrop makke Saul himsels ûnkenber. Hy die oare klean oan en doe gong er mei twa manlju by him op reis. Hja kamen yn ’e nacht by de frou oan. Hy sei: Soenen jo foar my wiersizze kinne troch de geast fan in deade? Lit dan foar my ien opkomme, dy’t ik jo sizze sil. 9Mar de frou sei tsjin him: Ja mar, jo witte sels wol wat Saul dien hat: De deadebelêzers en wiersizzers hat er út it lân útroege. Wêrom wolle jo my der no ynrinne litte en my de dea ynjeie? 10Mar Saul swarde har by de Heare: Sa wier as de Heare libbet, om dizze saak sille jo gjin straf krije. 11Doe sei de frou: Wa moat ik foar jo opkomme litte? Hy sei: Lit Samuël foar my opkomme. 12Doe’t de frou Samuël seach, joech se in lûde skreau. De frou sei tsjin Saul: Wêrom hawwe jo my bedragen? Jo binne Saul! 13De kening sei tsjin har: Haw mar gjin noed. Mar wat sjogge jo? De frou sei tsjin Saul: Ik sjoch in heger wêzen út ’e ierde opkommen. 14Hy frege har: Hoe sjocht er derút? Hja sei: Der komt in âld man op en hy hat in mantel oan. Doe begriep Saul dat it Samuël wie, en hy bûgde him foaroer mei it gesicht op ’e grûn en die him hulde.
15Samuël sei tsjin Saul: Wêrom ha jo my yn myn rêst steurd en my opkomme litten? Saul sei: Ik sit yn grutte need. De Filistinen fiere oarloch tsjin my en God hat my ferlitten. Hy jout my gjin antwurd mear, net troch middel fan ’e profeten en ek net troch dreamen. Dat sadwaande haw ik jo roppen, dat jo my te witten dogge wat ik dwaan moat. 16Mar Samuël sei: Wêrom freegje jo my, no’t de Heare jo ferlitten hat en jo fijân wurden is? 17De Heare docht no, lykas Er troch my foarsein hat. De Heare hat it keningskip fan jo ôfskuord en it oan jo neiste, oan David jûn, 18omdat jo net harke hawwe nei it befel fan de Heare en syn gleone grime tsjin Amalek net útfierd hawwe. Dêrom docht de Heare jo dit hjoed-de-dei oan. 19De Heare sil Israel ek mei jo oan ’e Filistinen oerleverje, en moarn sille jo en jo soannen by my wêze. De Heare sil ek it leger fan ’e Israeliten oan ’e Filistinen oerleverje. 20Mei foel Saul, sa lang as er wie, oer de grûn, want hy wie tige ûntdien fanwegen Samuël syn wurden. Hy wie ek oan ’e ein fan syn krêften kommen, want hy hie dy hiele dei en nacht neat hân.
21Doe’t de frou by Saul kommen wie, seach se dat er tige oerstjoer wie. Dat hja sei tsjin him: No sit it sa, jo slavin hat nei jo harke en ik haw myn libben weage. Ik haw harke nei de wurden dy’t jo tsjin my seinen. 22Harkje jo dan no ek nei jo slavin. Lit my jo no in flaubyt foarsette. Yt dat op, dan komme jo wer wat op krêften, want jo moatte wer fierder. 23Hy wegere lykwols en sei: Ik wol net ite. Mar syn tsjinstfeinten en ek de frou stienen der by him op oan en hy harke nei harren. Dat hy kaam fan ’e grûn ôf oerein en gong op ’e rêstbank sitten. 24De frou hie in mest keal yn ’e hûs en hja slachte dat hastich. Doe naam se moal, besloech it en bakte dêr ûnsuorre koeken fan. 25Dat sette se Saul en syn tsjinstfeinten foar en dy ieten. Dêrop kamen se oerein en dyselde nachts noch gongen se fuort.