David sparret Saul wer
1De Sifiten kamen by Saul yn Gibeä en seinen: Witte jo, dat David him beskûl hâldt op ’e hichte Chakila, dy’t by de wyldernis leit? 2Doe gong Saul hinne en triek nei de woestyn Sif mei trije tûzen útsochte manlju fan Israel om David te sykjen yn ’e woestyn Sif. 3Saul sloech syn kamp op op ’e hichte Chakila dy’t oan ’e wei by de wyldernis leit. Mar David hâlde ta yn ’e woestyn en hy fernaam dat Saul achter him oankommen wie nei de woestyn. 4Dat David stjoerde spionnen út en kaam doe fêst te witten dat Saul al kommen wie. 5Dêrop gong David hinne en kaam by it plak dêr’t Saul syn kamp opslein hie. David beseach it plak dêr’t Saul lei mei Abner de soan fan Ner, de oanfierder fan syn leger. Saul lei binnen de kampwâl, wylst it folk har om him hinne deljûn hie. 6Doe rjochte David it wurd tsjin Achimêlek, de Hetyt en tsjin Abisjai, de soan fan Serûja, de broer fan Joäb en sei: Wa giet mei my del nei Saul yn it leger? Abisjai sei: Ik gean mei jo del!
7Doe’t David dy nachts mei Abisjai by it folk oankaam, sjochdêr, Saul lei te sliepen binnen de kampwâl en syn spear wie oan syn hollenein yn ’e grûn stutsen. Abner en it folk leinen om him hinne. 8Doe sei Abisjai tsjin David: God hat hjoed jo fijân oan jo oerlevere. Lit my him dochs yn ien kear mei dy spear oan ’e grûn stekke. Dan sil ik it gjin twadde kear hoege te dwaan. 9Mar David sei tsjin Abisjai: Meitsje him net fan kant, want wa soe de hân oan ’e salvling fan de Heare slaan en dan frijút gean? 10David sei: Sa wier as de Heare libbet, de Heare sels sil him wol slaan. Ien fan twaën: òf syn dei komt dat er stjert, òf hy giet yn ’e oarloch en sneuvelet. 11Mar de Heare mei my derfoar bewarje, dat ik de hannen slaan soe oan ’e salvling fan de Heare. Mar no, nim de spear dy’t oan syn hollenein stiet en de wetterkrûk en lit ús weromgean. 12Dat David naam de spear en de wetterkrûk by it hollenein fan Saul wei en doe gongen se werom. Der wie net ien dy’t it seach, net ien dy’t der wat fan murk of dy’t him mar ferweegde, want hja sliepten allegearre, omdat de Heare har yn in djippe sliep falle litten hie.
13Doe’t David oan ’e oare kant kommen wie, gong er yn ’e fierte op ’e berchtop stean, dat der in grutte ôfstân tusken har wie. 14David rôp it folk en Abner, de soan fan Ner, ta en sei: Jousto gjin antwurd, Abner? Abner antwurde: Wa bisto dy’t oan ’e kening ropt? 15David sei tsjin Abner: Bisto no de man dy’t syn gelikens net hat yn Israel? Wêrom hast dan de wacht net hâlden oer dyn hear, de kening? Want der is ien út it folk kommen om de kening, dyn hear, fan kant te meitsjen. 16It is net sa bêst sasto dien hast. Sa wier as de Heare libbet, jimme hawwe de dea fertsjinne, dat jimme gjin wacht hâlden hawwe oer jim hear, de salvling fan de Heare. Sjoch noris: Wêr is de kening syn spear en wêr de wetterkrûk, dy’t oan syn hollenein stienen?
17Saul koe David oan syn stim en hy sei: Is dat dyn stim, myn soan David? David sei: It is myn stim, mynhear de kening. 18Hy sei: Wêrom sit mynhear altyd sa achter syn tsjinstfeint oan? Wat haw ik dochs dien? Hokker kwea haw ik útheefd? 19Lit mynhear de kening no dan harkje nei de wurden fan syn tsjinstfeint. As de Heare jo tsjin my opstokelet, lit Him dan in offerjefte rûke, mar as it minsken binne, dan meie se ferflokt wêze yn ’e eagen fan de Heare, omdat se my hjoed-de-dei útstjitte út ’e mienskip mei it erfdiel fan de Heare en sizze: Gean it lân mar út en tsjinje oare goaden. 20Lit myn bloed no dan net fier fan de Heare op ’e ierde falle. De kening fan Israel is der ommers op útgien om ien inkelde flie te sykjen, sa’t men yn ’e bergen jacht makket op in patriis.
21Doe sei Saul: Ik haw mis west. Kom mar werom, myn soan David, want ik sil dy gjin kwea mear oandwaan, omdat myn libben hjoed sa kostber west hat yn dyn eagen. Ik haw dwaas dien en haw wol tige slim op ’e doele west. 22Mar David antwurde: Sjoch, hjir is de kening syn spear. Lit ien fan jo jongfeinten oerkomme en dy meinimme. 23De Heare sil elk beleanje foar syn deugdsumens en trou. De Heare hie jo hjoed oan my oerlevere. Ik lykwols haw myn hannen net oan ’e salvling fan de Heare slaan wollen. 24En sa’t jo libben hjoed kostber west hat yn myn eagen, sa sil myn libben djoer wêze yn ’e eagen fan de Heare en Hy sil my ferlosse út alle need. 25Doe sei Saul tsjin David: Segene bisto, myn soan David. Watst ek dochst, do silst it wis oprêde. Doe gong David syn wegen en Saul gong werom nei hûs.