Dea fan Samuël
1Samuël stoar. Doe kaam hiele Israel byinoar en hja hâlden in rouklachte oer him. Dêrop begroeven se him yn syn hûs te Rama. Doe gong David fuort en triek del nei de woestyn Paran.
David, Nabal, Abigaïl
2No wie der in man yn Maon, dy’t syn bedriuw yn Karmel hie. It wie in tige grut man. Hy hie 3000 skiep en 1000 geiten, en hy wie doe by it skieppeknippen te Karmel. 3De man hiet Nabal en syn frou Abigaïl. Dat wie in ferstannige frou en hja wie kreas fan uterlik. De man lykwols wie hurd en in minnen ien. It wie in Kalebyt. 4Doe’t David yn ’e woestyn hearde, dat Nabal oan it skieppeknippen wie, 5stjoerde er dêr tsien jongfeinten hinne. David sei tsjin har: Gean nei Karmel ta. As jimme by Nabal komme, doch him dan de groetenis fan my. 6Dan moatte jimme dit sizze: Groetenis. Mei it jo, jo gesin en alles wat jowes is goed gean. 7No dan, ik haw heard dat jo de skieppeknippers hawwe. Welno, dy skieppehoeders fan jo hawwe by ús west. Wy hawwe har net yn ’e wei west en hja hawwe ek hielendal neat mist, salang’t hja te Karmel wienen. 8Freegje jo jongfeinten mar nei, dan sille dy it jo wol fertelle. Dat as jo dizze jongfeinten tagedien binne – wy binne ommers op in geskikte dei kommen – jou dan jo tsjinstfeinten en jo soan David wat mei, wat jo foar de hân leit.
9Doe’t de jongfeinten fan David oankommen wienen, seinen se út Davids namme dyselde wurden tsjin Nabal. Doe wachten se ôf. 10Mar Nabal antwurde de jongfeinten fan David: Wa is dy David en wa is de soan fan Isai? It binne langer allegearre fan dy feinten dy’t by har hear weirinne. 11Ik kin myn brea en wetter en myn slachtguod, dat ik foar myn skieppeknippers slachte haw, dochs net nimme en jou dat oan manlju, dêr’t ik net fan wit wêr’t se weikomme?
12Doe kearden de jongfeinten fan David har om en gongen fuort. Doe’t se weromkommen wienen, brochten se him al dy wurden oer. 13Dêrop sei David tsjin syn mannen: Elk moat syn swurd omdwaan. Doe die elk syn swurd om en ek David die syn swurd om. Sa’n fjouwerhûndert man gongen achter David oan, mar twahûndert bleauwen by de foarrieden.
14Mar ien fan ’e jongfeinten fertelde Abigaïl, de frou fan Nabal: Sjochris, David hat út ’e woestyn boaden stjoerd om ús baas lok te winskjen, mar dy hat it raar tsjin har opsein. 15Mar dy manlju hawwe tige goed foar ús west. Wy hawwe gjin oerlêst hân en hielendal neat mist, salang’t wy by har yn it fjild omswurven. 16Hja hawwe nachts likegoed as deis in muorre om ús hinne west, salang’t wy by harren de skiep weiden. 17Dat jo moatte goed witte wat jo dogge, want it ûnheil oer ús baas en syn hiele hûs stiet fêst. Hysels is in man-fan-neat, dêr’t net mei te praten falt. 18Doe naam Abigaïl hastich twahûndert breaën, twa sekken wyn, fiif slachte skiep, fiif mjitten roastere nôt, hûndert rezinekoeken en twahûndert figekoeken, lade dy op ezels, 19en sei tsjin har jongfeinten: Jimme moatte foar my útgean, dan kom ik fuort achter jim oan. Mar tsjin har man Nabal, sei se der neat fan.
20Wylst hja op in ezel ûngemurken by de berch delried, seach hja ynienen David en syn mannen nei ûnderen kommen, op har ta. En sa trof se harren. 21David hie sein: No haw ik ek noch om ’e nocht alles wat fan dy fint wie yn ’e woestyn beskerme, dat er hielendal neat mist hat fan alles wat sines wie. Hy hat my kwea foar goed ferjilde. 22Sa mei God oan Davids fijannen dwaan en noch helte mear, as ik moarnier ek mar ien manspersoan fan sines oerbliuwe litten haw.
Abigaïl komt David tsjin
23Doe’t Abigaïl David seach, sprong se hastich fan ’e ezel ôf, liet har flak foar David op ’e grûn falle en die him hulde. 24Hja smiet har foar syn fuotten del en sei: Rekkenje my de skuld mar ta, mynhear. Lit jo tsjinstfaam jo persoanlik oansprekke. Harkje nei de wurden fan jo tsjinstfaam. 25Lit mynhear him dochs neat oanlûke fan dy man-fan-neat, fan Nabal. Ommers, lykas syn namme is, sa is er sels ek. Nabal hjit er en dwaasheid is er mei oanhelle. Mar ik, jo tsjinstfaam, haw mynhear syn jongfeinten, dy’t jo stjoerd hienen, net sjoen. 26No dan, mynhear, sa wier as de Heare libbet en as jo libje, it is de Heare dy’t jo wjerhâldt, dat jo gjin bloedskuld op jo lade en it rjocht yn eigen hân nimme. En no, meie jo fijannen en dy’t derop út binne mynhear kwea te dwaan, wêze lykas Nabal. 27Lit no dit geskink dat jo slavin foar mynhear meinommen hat, jûn wurde oan ’e jongfeinten dy’t mei mynhear op syn tochten omdoarmje. 28Ferjou dochs de sûnde fan jo tsjinstfaam. De Heare sil jo ommers wis in fêst hûs opbouwe, want mynhear fiert de oarloggen fan de Heare en al jo libbensdagen ha jo gjin ferkeards dien. 29En stiet der in minske op om jo te ferfolgjen en nei it libben te stean, dan sil it libben fan mynhear bebûn wêze yn ’e bondel fan ’e libbenen by de Heare, jo God, mar it libben fan jo fijannen sil Er fuortslingerje út ’e holte fan ’e slinger. 30As de Heare dan al it goede dat Er jo tasein hat, neikomt, en Hy hat jo as foarst oer Israel oansteld, 31lit dat mynhear dan net yn ’e wei wêze en haw dan gjin selsferwyt, dat jo ûnskuldich bloed fergetten hawwe en foar eigen rjochter spile. En as de Heare mynhear dan goed dien hat, tink dan nochris oan jo tsjinstfaam.
32Doe sei David tsjin Abigaïl: Heech te priizjen is de Heare, de God fan Israel, dat Hy jo hjoed my yn ’e mjitte stjoerd hat. 33Segene jo ynsjoch en segene meie josels wêze, dat jo my hjoed tsjinhâlden hawwe, dat ik gjin bloedskuld op my laden haw, noch myn rjocht yn eigen hân nommen. 34Want sa wier as de Heare, de God fan Israel libbet, dy’t my der fan wjerhâlden hat jo kwea te dwaan: as jo my net sa gau yn ’e mjitte kommen wienen, dan hie der by de moarnsdage fan Nabal gjin manspersoan mear yn libben west. 35Dêrop naam David, wat hja foar him meinommen hie, fan har oan en hy sei tsjin har: Gean mar rêstich wer nei hûs. Sjoch mar, ik haw nei jo harke en mien it goed mei jo.
Nabals dea
36Doe’t Abigaïl wer by Nabal kaam, hâlde dy krekt in feestmiel yn ’e hûs, neat minder as in keningsmiel. Nabal hie in fleurich sin, mar hy wie smoardronken. Dat hja fertelde him hielendal neat, oant it de oare moarns ljocht waard. 37De oare moarns doe’t Nabal syn rûs útsliept hie, fertelde syn frou him de hiele saak. Doe krige er in oerhaal en hy lei dêrhinne as in stien. 38Sa’n tsien dagen letter sloech de Heare him, dat er stoar. 39Doe’t David hearde, dat Nabal stoarn wie, sei er: Heech te priizjen is de Heare, dy’t foar my yn ’e pleit gien is en myn smaad op Nabal ferhelle hat, en dy’t syn tsjinstfeint tebekhâlden hat fan kwea. De Heare hat Nabals kwea op syn eigen holle delkomme litten.
David trout mei Abigaïl
Dêrop stjoerde David boaden nei Abigaïl om har te sizzen, dat er har as syn frou nimme woe. 40Doe’t Davids feinten by Abigaïl kamen, seinen se tsjin har: David hat ús nei jo tastjoerd om jo te heljen om syn frou te wurden. 41Doe gong hja oerein en bûgde har mei it gesicht op ’e grûn en sei: Sjoch, jo tsjinstfaam wol de slavinne wêze, dy’t mynhear syn tsjinstfeinten de fuotten wasket. 42Dêrom makke Abigaïl har hastich klear en gong op ’e ezel sitten. Mei har fiif jongfammen achter har oan, folge hja Davids boaden en hja waard syn frou. 43David wie al troud mei Achinoäm út Jizreël. Dat sa wienen no dy beide syn froulju. 44Mar Saul hie syn dochter Mikal, Davids frou, oan Palty jûn, de soan fan Laïsj út Gallim.