Froulju en manlju
1Sa moatte ek jimme, froulju, foar jimme manlju oer jim plak witte. As guon fan dy manlju net nei it Wurd harkje wolle, dan kinne se troch it hâlden en dragen fan har froulju, sûnder dat jimme in wurd hoege te sizzen, wûn wurde, 2as har opfalt hoe froed en from jimme libje. 3Jim sier moat net bestean yn uterlike dingen, yn it opmeitsjen fan it hier, it omhingjen fan goudguod of it oandwaan fan moaie klean. 4Mar jimme sier moat bestean yn in wier inerlik, yn it ûnfergonklik sieraad fan in stille en evenredige geast. Dat is yn Gods eagen kostber. 5Sa sierden ek eartiids de hillige froulju har, dy’t op God hopen en foar har manlju oer har plak wisten. 6Lykas Sara om Abrahams sizzen joech, mei’t se him ‘myn master’ neamde. Jimme binne har dochters, as jimme it goede dogge en jimme fan neat bang meitsje litte.
7Manlju, sa moatte jimme ek begryp hawwe foar jimme froulju en har as it swakke geslacht earje. Sy binne, likegoed as jimme, erfgenamt fan it libben dat God yn syn genede jout. Dan sil neat jimme gebedens yn ’e wei stean.
Lije om ’e wille fan ’e gerjochtichheid
8By einsluten noch dit: Wês allegearre ienriedich, fiel mei-inoar mei, hâld fan inoar as bruorren en susters en wês barmhertich en net grutsk. 9Ferjild gjin kwea mei kwea of mislediging mei mislediging, nee, krektoarsom, segenje. Want dêr binne jimme ta roppen om in segen te krijen. 10De Skrift seit ommers:
Wa’t fan it libben genietsje en goede dagen belibje wol,
dy moat net langer kweasprekke
en leagens fertelle.
11Hy moat it kwea mije en inkeld mar it goede dwaan.
Hy moat op frede oanstjoere
en dêr al syn bêst foar dwaan.
12Want de Hear sjocht goedgeunstich nei de rjochtfeardigen
en Hy harket nei har gebed,
mar de Hear keart Him tsjin har dy’t kwea dogge.
13Wa kin jimme kwea dwaan, as jimme alles derby opsette om it goede te dwaan? 14Mar soenen jimme lije moatte om’t jimme dogge wat rjocht is, wat in gelok foar jimme. Wurd net bang fan harren en lit jimme net oerstaach sette. 15Haw foar Kristus as Hear in hillich ûntsach yn it hert. Wês altiten ree om oan elk dy’t dat freget, rekkenskip te dwaan fan ’e hope dy’t yn jimme libbet. 16Mar doch dat freonlik, mei earbied en mei in goed gewisse. Dan sille sij dy’t kwea sprekke fan jimme goed hâlden en dragen as folgelingen fan Kristus, beskamme weikomme mei har kwealaster. 17Want as it Gods wil wêze soe dat jimme lije, dan is it better te lijen om’t men it goede docht, as om’t men ferkeard docht.
18Kristus is ommers ek ienkear foar ús stoarn foar de sûnden, as rjochtfeardige foar ûnrjochtfeardigen om jimme ta God te bringen. Nei it lichem is Er deade, nei de geast is Er libben makke. 19Sa koe Er ek nei de geasten yn it deaderyk tagean en har syn boadskip ferkundigje. 20Dat wienen de geasten fan har dy’t ienris nei God net harkje wollen hienen, doe’t Hy ferduldich wachte yn Noäch syn dagen, wylst dy dwaande wie mei it bouwen fan ’e arke. Yn dy arke binne mar in stikmannich minsken – acht mei-inoar – rêden troch it wetter. 21Dat wetter wie in teken dat wiisde op ’e doop, dy’t jimme no behâldt. Dope is net it ôfwaskjen fan ’e smoargens fan it lichem, mar it freegjen oan God om in goed gewisse troch de ferrizenis fan Jezus Kristus, 22dy’t nei de himel tagien is en sit oan Gods rjochterhân, nei’t ingels, himelske machten en krêften har ûnder Him deljûn hawwe.