Goede behearders fan Gods genede
1Om’t no Kristus mei syn ierdsk bestean lit hat, moatte jimme jimsels ek wapenje mei itselde betinken: want dy’t mei syn ierdsk bestean lit hat, dy hat ôfdien mei de sûnde. 2Sa’n ien besteget de tiid dy’t him op ierde noch jûn wurdt, net mear oan minsklike begearten mar oan wat God wol. 3Jim hawwe yn ’t foarige al genôch tiid ferdien mei te dwaan wat de heidens foarhawwe. Doe slieten jimme jim libben yn lossens, hertstochten en dronkenskip, yn sûpen en setten en skandlike ôfgoaderij. 4En no hawwe se der niget oan, dat jimme jim net mear mei harren stoarte yn dy stream fan liderlikens en meitsje se jimme min. 5Mar se sille dêr rekkenskip fan jaan moatte oan Him dy’t ree stiet om libbenen en deaden te oardieljen. 6Want dêrom is ek oan minsken dy’t no al stoarn binne, it bliid boadskip brocht, dat sy wol, as alle minsken, oardiele wurde soenen nei it lichem, mar dochs, lykas God, nei de geast libje soenen.
7De ein fan alle dingen stiet foar de doar. Wês dêrom ferstannich en sober om bidde te kinnen. 8Foar alles moatte jimme inoar oanienwei leafhawwe, want de leafde sljochtet in mannichte fan sûnden oer. 9Wês gastfrij foar inoar sûnder te krimmenearjen. 10Tsjinje elkoar, in elk nei de jefte dy’t er krige hat, as goede rintmasters fan Gods mannichfâldige genede. 11Wa’t sprekt, moat wurden fan God bringe; wa’t oaren helpt, moat dat dwaan mei de krêft dy’t God jout. Sa mei God yn alles ferhearlike wurde troch Jezus Kristus, fan wa’t de hearlikheid en de macht is foar ivich en altiten. Amen.
Lije as in kristen
12Bêste freonen, haw gjin niget oan ’e fjoergloede dy’t oer jimme kommen is om jimme te lotterjen. Wat jimme treft, is wat hiel gewoans. 13Mar wês leaver bliid dat jimme sa oandiel hawwe yn it lijen fan Kristus. Dan sille jimme ek jubelje fan blidens, as syn hearlikheid iepenbiere wurdt. 14As jimme ferhúnd wurde om’t jimme nei Kristus neamd binne, wat in gelok foar jimme: Want dat hâldt yn dat de Geast dy’t hearlikheid jout, op jimme rêst: de Geast fan God.
15Mar dan moat fansels ek net ien fan jimme lije as in moardner, in dief, in misdiediger of in oproermakker. 16Wannear’t lykwols ien fan jimme lije moat om’t er kristen is, dan hoecht er him dêr net foar te skamjen. Lit him leaver God ferhearlikje, om’t er dy namme draacht. 17Want it is no safier hinne, dat it oardiel begjint – en wol by Gods eigen folk –. Mar as it by ús begjint, hoe sil it dan ôfrinne mei har dy’t net nei Gods bliid boadskip harkje wolle? 18En:
as de rjochtfeardige mar amperoan behâlden wurdt,
wêr sil de goddeleaze en sûnder dan keare?
19Dêrom moatte sy dy’t lije om’t God it wol, harsels tabetrouwe oan har Skepper, dy’t stiet by syn wurd, en trochgean mei it goede te dwaan.