Judas ferslacht Gorgias
1Doe naam Gorgias 5000 man fuotfolk en 1000 fan syn bêste ruters. Dat leger briek yn ’e nacht op 2om it kamp fan ’e Judeeërs oer it mad te kommen en se sa te ferslaan. Bewenners fan ’e stins gongen mei om it paad te wizen. 3Judas fernaam dat en briek op, hy mei syn soldaten, om it leger fan ’e kening by Emmaüs te ferslaan, 4no’t dat fan Gorgias noch net yn it kamp werom wie. 5Dy nachts kaam Gorgias by it kamp fan Judas, mar dêr wie gjinien mear te bekennen. Doe gong er de bergen yn om har op te spoaren, want, sa sei er: Se binne foar ús útnaaid. 6Doe’t it de moarns ljocht waard, wie Judas yn ’e flakte mei trijetûzen man. Mar se sieten sa goed net yn ’e skylden en pânsers en swurden as se wol woenen. 7Se seagen it legerkamp fan ’e heidenen, bêst fersterke mei bolwurken, mei dêromhinne hynstefolk, mannen, yn it sâlt bebiten.
8Doe sei Judas tsjin de mannen dy’t by him wienen: Wês net bang om’t se sa machtich binne en wurd net benaud as se op ús oanstoarmjen komme. 9Betink hoe’t ús foarâlden by de Reade See ferlost binne, doe’t Farao har mei de mannichte achternei siet. 10Lit ús dan de Himel oanroppe oft Er ús goedgeunstich wêze wol, oft Er tinke wol oan it ferbûn mei ús foarâlden en dat leger hjoed foar ús eagen wei dwaan. 11Dat alle heidenen witte sille dat der Ien is dy’t Israel ferlost en rêdt.
12Doe’t de heidenen om har hinne seagen en fernamen dat de Israeliten op har ôfkamen, 13trieken se it kamp út om slach te leverjen. Judas syn mannen bliezen de trompet 14en pakten har oan. De heidenen waarden ferslein en naaiden dat út nei de flakte. 15Har hiele achterhoede waard delhoud. De Israeliten setten har achternei oan Gazara ta en oan ’e lege geaen fan Iduméa, Azotus en Jamnia. Der foelen fan ’e fijân sa’n 3000 man.
16Doe hâlden Judas en syn leger op mei achterfolgjen en gongen werom. 17Hy sei tsjin syn folk: Lit de bút foarearst gewurde, want wy hawwe noch net dien. 18Gorgias is mei syn leger yn ’e bergen, hjir fuortby. Stel jimme no op en gryp de fijân oan. Neitiid hawwe jimme frij plonderjen.
19Wylst Judas noch oan it wurd wie, kaam in ôfdieling fijannen de bergen út om te ferkennen. 20Dy seagen har leger op ’e flecht en it kamp yn ’e brân. De reek sei harren mar al te klear, wat der bard wie. 21Doe’t se seagen hoe’t it der foar stie, fleach it har oan. En doe’t se yn ’e flakte ek noch it leger fan Judas opmurken, klear foar de slach, 22naaiden se allegearre út nei it lân fan ’e Filistinen ta.
23Doe gong Judas werom nei it kamp om it út te plonderjen; sa krigen se gâns goud en sulver, skarlekken en poarper, ja, ien en al rykdom. 24Op ’e weromreis songen en loven se de Himel: Want Hy is goed, want syn barmhertigens is foar ivich. 25Sa waard it dy deis foar Israel in geweldige ferlossing.
Judas ferslacht Lysias
26Alle heidenen dy’t it libben der ôfrêden hienen, kamen by Lysias en fertelden him, wat har oerkommen wie. 27Doe’t dy dat hearde, wied er alhiel ferslein, om’t it mei Israel net gien wie sa’t er woe, en it oars beteard wie as dat de kening him opdroegen hie.
28It oare jiers brocht er 60.000 man earste-klas fuotfolk tsjin ’e Joaden gear en 5.000 man hynstefolk. 29Hy triek Iduméa yn en sloech syn kamp op yn Bet-Sûr. Doe kaam Judas op him ta mei in 10.000 man. 30Doe’t dy seach hoe sterk dat leger wie, bidde er: Heech te priizjen binne Jo, Israels Ferlosser! Jo lieten troch jo feint David de oanfal fan ’e reus mislearje. Jo joegen it leger fan ’e Filistinen yn ’e macht fan Jonatan, de soan fan Saul, en fan syn wapendrager. 31Jou no dit leger krektsa yn ’e macht fan jo folk Israel. Lit se smoarch weikomme mei har grutte macht en har hynstefolk. 32Meitsje se stjerrende bang, lit der fan har grutske heechmoed neat oerbliuwe en jou se sa’n reis, dat se der glêd mei oan reitsje. 33Hou se del troch it swurd fan ús dy’t Jo leafhawwe, en lit alle minsken dy’t jo namme kenne, Jo priizje mei loflieten.
34Doe gong de slach oan en der foelen yn in striid fan man tsjin man fan Lysias syn leger sa’n 5000. 35Doe’t Lysias seach dat syn leger alle kanten útstode en Judas sines aloan moediger waard en klear wie foar in striid op libben en dea, sette er ôf nei Antiochië. Dêr wûn er in noch grutter leger mei it doel om wer nei Juda ta.
De timpel op ’en nij ynwijd
36Mar Judas en syn bruorren seinen: Sjoch, ús fijannen binne ferdien. Lit ús no nei Jeruzalem ta gean, de timpel suverje en dy wer ynwije.
37It hiele leger waard no byinoar roppen en doe trieken se fuort nei de berch Sion. 38Dêr seagen se de timpel foar wyld lizzen, it brânofferalter ûntwijd, de poarten ferbrând, de foarhôven oergroeid mei ûntúch – net oars as yn in bosk of op in berch –, en de fertrekken fan ’e prysters ien en al pún. 39Doe skuorden se de klean, weeklagen lûd, dienen jiske op ’e holle 40en lieten har foaroer delfalle. Se bliezen de trompetten en rôpen wit-hoe lûd de Himel oan.
41Doe wiisde Judas troepen oan om de mannen op ’e stins oan te gripen; hy soe dan wilens it hillichdom suverje. 42Hy socht prysters út sûnder wryt of slyt, mannen mei liif en siel foar de wet. 43Dy suveren de timpel en brochten de stiennen dêr’t er mei ûntwijd wie, fuort nei in ûnrein plak. 44Se rieplachten hoe’t se mei it brânofferalter, dat ûntwijd wie, oan moasten, 45en wienen doe sa wiis te besletten it te slopen, dat har letter fan datoangeande neat neijûn wurde koe, om’t de heidenen it ûnrein makke hienen. 46Se brieken it alter dan ek ôf en leinen de stiennen oan ’e kant op in gaadlik plak op ’e timpelberch, oant der in profeet komme soe, dy’t dêr útslútsel oer jaan koe. 47Se namen net-bekappe stiennen, sa’t de wet dat foarskriuwt, bouden dêr in nij alter fan, alhiel neffens it bestek fan it foarige. 48Se bouden de timpel wer op, ek fan binnen wer krekt en gelyk sa’t er foarhinne west hie en wijden de foarhôven. 49Nei’t se it reau foar it hillichdom op ’en nij makke hienen, setten se de steande lampe, it wijreekalter en de tafel yn ’e timpel te plak. 50Se offeren wijreek op it alter en stieken de lampkes fan ’e steande lampe op, dat it yn ’e timpel ljocht wêze soe. 51Doe’t se op ’e tafel de breaën te plak set hienen en de kleden ophongen, hienen se dien wurk makke.
52De moarns ier-en-betiid fan ’e fiifentweintichste fan ’e njoggende moanne – dat is de moanne Kislew – yn it jier 148, 53brochten se in offer, sa’t de wet dat foarskriuwt op it brânofferalter dat se nijboud hienen. 54Op ’e eigenste tiid, de eigenste deis dat de heidenen it ûntwijd hienen, wijden se it wer feestlik yn, mei lofsangen, siters, harpen en simbalen. 55It hiele folk liet him foaroer delfalle en prize de Himel, dy’t har sa fuortholpen hie.
56Acht dagen lang duorre dy feestlike ynwijing fan it alter; mei grutte blidens brochten se har brânoffers, har frede- en har lofoffers. 57Se fersierden de foarkant fan ’e timpel mei gouden krânsen en sierskylden, se fernijden de poarten en de fertrekken fan ’e prysters en setten der doarren yn. 58It folk tilde op fan blidens, no’t de skande dy’t de heidenen oer har brocht hienen, fuort wie. 59Judas, syn bruorren en hiele Israel, sa’t dat no byinoar wie, kamen ta it beslút, hja soenen it op ’en nij ynwijen fan it alter, alle jierren weroan, op ’e eigenste tiid, acht dagen lang, fan ’e fiifentweintichste Kislew ôf, mei blidens en freugde betinke.
60Dyselde tiid bouden se om ’e berch Sion hinne hege muorren mei sterke tuorren dat de heidenen net wer komme soenen en it allegearre ferwâdzje, sa’t se dat earder dien hienen. 61Judas lei der soldatefolk op om wacht te hâlden oer de berch Sion. Hy fersterke ek Bet-Sûr, dat it folk in festing ha soe nei de kant fan Iduméa.