Lofliet op Judas
1Syn soan Judas, mei de bynamme fan Makkabeeër, waard syn heite opfolger. 2Al syn bruorren en allegearre dy’t har by syn heit jûn hienen, holpen him en se fierden de oarloch foar Israel sa moedich as ien.
3Troch him krige syn folk noch mear namme.
Hy die syn harnas oan as in reus
en hong syn wapenreau om en levere slach.
Syn leger hoede er mei syn swurd.
4Hy wie in liuw gelyk yn al syn dwaan,
ja, in jonge liuw dy’t om proai âlet.
5Hy jage op harren dy’t de wet net hâlden en hy spoarde se op;
dy’t syn folk yn ûnstjoer brochten,
wijde er yn it fjoer.
6Dy’t de wet net hâlden, wisten net wêr’t se krûpe soenen,
sa bang wienen se foar him;
ja, allegearre dy’t ûnrjocht dienen rekken yn ûnstjoer.
Troch syn tadwaan gong it mei de befrijing de goede kant út.
7Hy makke gâns keningen it libben soer,
mar Jakob makke er bliid mei wat er die;
as in segen foar syn folk, sa sil er by Israel yn oantinken bliuwe.
8Hy triek yn Juda fan de iene stêd nei de oare
en roege rûnom de goddeleazen út.
Sa kearde er Gods grime fan Israel ôf.
9Hy waard ferneamd oant yn ’e fierste lannen
en brocht har dy’t drigen ûnder te gean wer byinoar.
Judas ferslacht Apolloanius
10Doe brocht Apolloanius in leger fan heidenen gear en in sterke macht út Samaria om tsjin Israel te oarlogjen. 11Judas fernaam dat, triek op, him yn ’e mjitte, fersloech en deade him. Hiel wat heidenen sneuvelen en dy’t der noch oer wienen, naaiden út. 12De Joaden plonderen har út en Judas hâlde Apolloanius syn swurd foar himsels. Sûnt naam er dat altiten mei, as er der mei it leger op út gong.
Judas ferslacht Searon
13Doe hearde Searon, de oanfierder fan it leger yn Syrië, dat Judas hiel wat folk byinoar brocht hie, fromme Joaden, yn ’e jierren dat se mei koenen yn ’e slach. 14Hy sei: Ik sil it opnimme tsjin Judas en syn mannen dy’t de gek hawwe mei it gebod fan ’e kening; en sa sil ik namme meitsje en ferneamd wurde it hiele keninkryk oer.
15Hiele kloften ôffallige Joaden joegen har by him en gongen mei om de Israeliten ôf te straffen. 16Sa kaam er by de pas fan Bet-Choaron. Doe kaam Judas deroan, op him ta, mei mar in hantsjefol mannen by him. 17Doe’t dy dat leger op har ôfkommen seagen, seinen se tsjin Judas: Hoe sille wy mei sa’n pear man it hâlde kinne tsjin sa’n machtigen heap? Boppedat wy binne neat wurdich mei’t wy hjoed noch gjin iten hân hawwe.
18Judas sei: In grutte mannichte kin it maklik fan in lyts ploechje ferlieze, want it is de Himel itselde as Er no rêdt troch in bulte of troch in bytsje folk. 19Want de oerwinning leit him net oan ’e grutte mannichte, mar oan ’e sterkens dy’t men fan boppen kriget. 20De fijân komt deroan, ien en al heechmoed en goddeleazens om te plonderjen en ús, ús froulju en ús bern út te moardzjen. 21Mar wy, wy fjochtsje om ús libben en om ’e geboaden dy’t ús oplein binne. 22De Himel sil se foar ús eagen ferniele, jimme hoege wier net bang te wêzen.
23Doe’t er útpraat wie, taaste er de fijân oan, ûnferwachts, en Searon mei syn leger waard útinoar slein. 24Judas sette him achternei, fan ’e pas Bet-Choaron ôf oan ’e flakte ta, en der foelen fan ’e fijân sa’n achthûndert man. De oaren sochten in hinnekommen yn it lân fan ’e Filistinen. 25Sa kaam de skrik foar Judas en syn bruorren by al de heidenen om Israel hinne deryn. 26Sels by de kening waard syn namme bekend, ja, suver gjin folk of se hienen it oer Judas syn fjildslaggen.
Antíochus makket him klear foar in nije oanfal
27Doe’t Antíochus dat allegear hearde, waard er ôfgryslike lilk en hy joech befel alle troepen fan syn ryk byinoar te bringen, in tige sterk leger. 28Hy die syn skatkeamers iepen, joech se foar in jier soldij en lei har op, hja soenen paraat wêze, aloan. 29Hy fernaam lykwols, dat it jild yn ’e skatkiste no hurd oprekke en dat de skatting út ’e provinsje net folle mear sei, fanwegen de twaspjalt dy’t er yn Israel brocht hie en it ûngelok dêr’t er it yn holpen hie mei de wetten ôf te skaffen dy’t dêr sûnt de âldste tiden west hienen.
30No siet er deroer yn, lykas dat in pear kear earder foarfallen wie, dat er oan kaam te sitten mei al dy ûnkosten en geskinken, want hy hie der mar yntaast, djipper as al syn foargongers. 31Ja, hy rekke dermei oan en sa kaam er ta it beslút om nei Perzië te reizgjen, dêr de skatting fan ’e provinsjes yn te foarderjen en sa in slompe jild byinoar te krijen. 32Dêrom liet er Lysias, in ferneamd man út ’e famylje fan ’e kening, achter as syn goeverneur oer it gebiet tusken de Eufraat en Egypte, 33en as fâd oer syn soan Antíochus. Datte, oant er sels weromkomme soe. 34De helte fan syn troepen, mei de oaljefanten, droech er oan Lysias oer en joech him bestel, hoe’t er it allegearre hawwe woe, yn it bysûnder mei de ynwenners fan Juda en Jeruzalem. 35Dêr moast er in leger op ôfstjoere en Israel en dy’t noch yn Jeruzalem oerbleaun wienen, lamslaan en ferdwaan, sa, dat op dat stee sels it oantinken oan har foar altiten fuort wêze soe. 36Frjemdfolk moast er wenje litte rûnom yn har gerjochtichheid en dat it lân taparte.
37De kening sels naam de oare helte fan ’e troepen mei en gong fuort út Antiochië, de haadstêd fan syn ryk – yn it jier 184 –, stiek de Eufraat oer en triek troch de boppelannen.
38Lysias no socht Ptoleméus, de soan fan Dorymenes út en Nikanor en Gorgias, alle trije mannen fan oansjen, ‘Freonen fan ’e Kening’. 39Hy joech har 40.000 man fuotfolk mei en 7.000 man hynstefolk om Judéa yn te fallen en it te ferwoesten, sa’t de kening it besteld hie. 40Sy setten dêrhinne mei har hiele macht, kamen yn ’e lege lannen by Emmaüs en sloegen dêr har kamp op; 41– doe’t de keaplju yn dy hoeke dat hearden, gongen se mei hiel wat goud en sulver, en ek fuotboeiens, nei dat kamp ta mei it doel de Israeliten as slaven op te keapjen –; boppedat wie it leger noch fersterke mei ôfdielings út Syrië en Filistéa.
Judas makket him klear foar de striid
42Judas en syn bruorren seagen, dat it der faai begûn foar te stean, no’t dat leger syn kamp opsloech op har gerjochtichheid. It waard harren ek ferteld, dat de kening opdracht jûn hie, it folk Israel út te roegjen. 43Doe seinen se tsjininoar: Lit ús ús folk foar de ûndergong bewarje en de striid oangean foar folk en timpel. 44It folk waard doe byinoar roppen: in elk moast him klear hâlde foar de striid en God bidde, en smeekje om genede en meilijen,
45Jeruzalem lei ferlitten hinne, in woestyn gelyk.
Net ien fan syn ynwenners, dy’t yn- of útgong.
De timpel ferwâde, frjemdfolk op ’e stins:
no in herberge foar de heidenen.
De blidens yn Jakob ferballe,
skalmei en harpe stom.
46Mei-inoar gongen se doe nei Mispa ta, lyk foar Jeruzalem oer, want Mispa wie fan âlds foar Israel in plak dêr’t men hinnegong om te bidden. 47Se fêsten dy deis, dienen rouklean oan en jiske op ’e holle en skuorden harsels de klean stikken. 48Om in Godswurd te krijen oer de dingen dêr’t de heidenen har ôfgodsbylden om freegje, rôlen sy it Boek fan ’e wet út. 49Se brochten de prysterklean, de earste fruchten en de tsienden. Ek lieten se Nazireeërs komme, dy’t har dagen folmakke hienen. 50En se rôpen lûd oan ’e Himel om help mei de wurden: Hoe moatte wy mei dizze Nazireeërs oan en wêr moatte wy mei harren hinne? 51Jo timpel is ferwâde en ûntwijd, jo prysters binne yn ’e rouwe en sitte yn it leech. 52En sjoch, de heidenen binne as ien man opsetten kommen om ús út te roegjen. Jo witte wat se mei ús fan doel binne. 53Hoe kinne wy it tsjin har hâlde, as Jo ús net helpe?
54Doe liet Judas de trompetten blaze en in lûd gegei davere yn it rûn. 55Dêrop stelde er de oanfierders oan: Kommandanten oer tûzen, oer hûndert, oer fyftich en oer tsien. 56Lykas de wet dat foarskriuwt, sei er tsjin harren dy’t oan it huzebouwen wienen, op trouwen stienen, oan it wyngerdplantsjen wienen en dy’t bang wienen, hja soenen nei hûs ta gean, allegearre. 57Doe sette it leger ôf en se sloegen har kamp op súd fan Emmaüs. 58Judas sei: Ris jim ta de striid en meitsje no keardels út. Wês moarnier ier en betiid ree om slach te leverjen tsjin ’e heidenen, dy’t mei man en macht kommen binne om ús en ús timpel te ferwoesten. 59Want it is better yn ’e slach om te kommen as it kwea oan te sjen, dat se oer ús folk en ús timpel bringe wolle. 60Lykwols sa’t de Himel it wol, sa komt it.