Simon wurdt lieder fan it folk
1Simon hearde dat Tryfon in grut leger byinoar brocht hie mei it doel Judéa yn te fallen en it te ferwoesten. 2Hy seach ek dat it folk trille fan benaudens. Dat sadwaande gong er nei Jeruzalem, rôp it folk dêr byinoar 3en spriek it moed yn mei de wurden: Jimme witte, wat myn bruorren, myn famylje en iksels dien hawwe foar de wet en foar de timpel. En ek fan de oarloggen dy’t wy meimakke hawwe en fan al de ellinde dy’t wy útstean moasten. 4Sa binne al myn bruorren foar Israel omkommen. Ik allinne bin der noch oer. 5Mar salang’t it der sa min foarstiet, set ik sels myn libben derby op, want wier, ik bin net better as myn bruorren. 6Nee, ik sil foar myn folk en de timpel, foar jimme froulju en jimme bern opkomme, want it is út haat, dat alle folken mei-inoar tsjin ús gearspanne en ús útroegje wolle.
7Doe’t it folk dy wurden hearde, kaam de moed der wer hielendal yn 8en se rôpen it út: Jo binne ús oanfierder, de opfolger fan Judas en fan jo broer Jonatan! 9Gean ús foar yn ’e striid en wat jo sizze, dat dogge wy! 10Simon rôp no alle striidbere mannen op, sette de gong deryn mei it ôfbouwen fan ’e muorren fan Jeruzalem en fersterke de stêd oan alle kanten. 11Hy stjoerde Jonatan, de soan fan Absalom, mei in sterke binde nei Joppe ta. Dy jage de ynwenners derút en bleau der sels yn.
Simon besiket Jonatan te rêden
12Doe triek Tryfon mei in grut leger út Ptolemaïs wei om in ynfal yn Judéa te dwaan. En hy naam Jonatan mei. Yn ’e boeiens. 13Simon sloech syn kamp op by Adida, op ’e râne fan ’e flakte. 14Doe’t Tryfon hearde dat Simon de opfolger wurden wie fan syn broer Jonatan en dat hy der klear foar wie om de striid mei him oan te gean, stjoerde er boaden nei him ta mei dit boadskip: 15Omdat jo broer fanwegen syn amt de keninklike skatkiste noch jild skuldich wie, hawwe wy him fêsthâlden. 16Wy sille him frijlitte, as jo ús hûndert talinten sulver stjoere, en twa fan syn jonges as gizelders. Ditte om foar te kommen dat er fan ús ôffalt, nei’t wy him gean litten hawwe.
17Alhoewol Simon skoan yn ’e rekken hie, dat se him wat wysmakken, liet er dochs it sulver en de bern helje. Dat it folk letter mar net opsternaat wêze soe 18en him yn har lilkens ferwite: Jonatan is omkommen, omdat Simon it jild en de bern net stjoere woe. 19Dat hy stjoerde Tryfon de bern en de hûndert talinten. Dy hâlde him lykwols net oan syn wurd: Hy liet Jonatan net frij.
Jonatan wurdt fermoarde
20Fuort dêrop briek Tryfon op om in ynfal yn it lân te dwaan en it te ferwoesten. Mei dat doel makke er in grutte ombocht oer Adoara. Simon lykwols triek lyk mei him op, wêr’t er ek hinnegong. 21De besetting fan ’e stins stjoerde ûnderwilens boaden nei Tryfon ta, dy’t him oantrunen om daliks nei harren ta te kommen dwers troch de woestyn hinne, en iten te stjoeren. 22Tryfon makke no al syn hynstefolk klear om nei harren ta. Mar dy nachts foel der safolle snie, dat hy koe net. Sadwaande sette er ôf nei Gileäd. 23Underweis fuort by Baskama liet er Jonatan fermoardzje. Dy is dêr ek begroeven.
24Tryfon gong no werom nei syn eigen lân. 25Simon stjoerde guon derop út om it lyk fan syn broer Jonatan op te heljen. Se begroeven him yn Modeïn, de stêd fan syn foarâlden. 26Hiele Israel weeklage oer him, lûd en ferheftich, en gong gâns in skoft yn ’e rouwe. 27Op it grêf fan syn heit en syn bruorren liet Simon in monumint sette. Fan foaren en fan achteren fan opglânze stien. En sa heech, dat it al fan fierrens te sjen wie. 28En dêr boppe-op sân pyramiden, de iene foar de oare oer, foar syn heit en mem en syn fjouwer bruorren. 29Om dy pyramiden pylders, keunstich úthoud. En op dy pylders ta in ivich oantinken, wapenrissings, mei dêrneist úthoude skippen, sa grut, dat de farrenslju op see se skoan sjen koenen. 30Dat grêfmonumint hat Simon yn Modeïn meitsje litten. It stiet der hjoed-de-dei noch.
Simon en Demétrius II slute frede
31Tryfon no spande gear tsjin ’e jonge kening Antíochus en liet him fermoardzje. 32Hy hâlde en droech him, as wie er syn opfolger en sette as sadanich de kroan fan Azië op. Foar it lân wie dat in ramp. 33Simon fersterke no de festingen fan Judéa, joech se hege tuorren, swiere muorren en poarten mei slútbalken. Yn ’e festings sels liet er hiel wat iten opslaan. 34Doe naam Simon in pear mannen en stjoerde dy nei kening Demétrius ta. Oft dy it lân frijskatte woe fan belesting, want Tryfon syn regearjen hie oars net west as stellen en roven.
35As antwurd op dat fersyk stjoerde kening Demétrius in brief, dêr’t dit yn stie: 36Fan kening Demétrius oan Simon, de hegepryster en freon fan ’e keningen, oan ’e âldsten en oan it Joadske folk: De groetenis! 37De gouden kroan en de palmtûke, dy’t jimme ús tastjoerd hawwe, hawwe wy krige. Wy binne ree in frede foar jierren mei jimme te sluten. Us amtners sille wy opdrage jimme frij te skatten fan belesting. 38Alles wat wy oangeande jimme besletten hawwe, dat stiet fêst. De festings dy’t jim boud hawwe, dy bliuwe jimmes. 39Jimme tekoarten en misslaggen oan ’e dei fan hjoed ta, dy sljochtsje wy oer. De kroanjilden dy’t jimme ús noch skuldich binne, skatte wy jim frij fan. En mocht der oars noch in belesting wêze, dy’t se yn Jeruzalem hawwe op te bringen, dan hoecht dat tenei net mear. 40En mochten der by jimme guon wêze, dy’t fan betinken binne, dat tsjinst dwaan by ús liifwacht wol wat foar har wêze soe, lit dy har dan oppenearje om ynskreaun te wurden. Lit der tenei frede wêze tusken jo en ús.
41Yn it jier 170 waard it jok fan ’e heidenen fan Israel ôfnommen. 42Dat it folk begûn sûnt de oarkonden en de keapbrieven sa te datearjen: It earste jiers fan Simon, hegepryster, oanfierder en lieder fan ’e Joaden.
Simon nimt Gezer yn
43Yn dy dagen belegere Simon Gezer en besingele it oan alle kanten. Hy makke in stoarmtoer, skode dy nei de stedsmuorre ta, sloech yn ien fan ’e tuorren in bres en ferovere him doe. 44Fan ’e stoarmtoer ôf sprongen syn mannen de stêd yn, dat dy rekke alhiel oerstjoer. 45De manlju mei de froulju en de bern, allegearre kamen se de stedsmuorre op, skuorden harsels de klean stikken en smeken Simon lûd en ferheftich, oft er dochs frede mei harren slute woe. 46Se rôpen: Doch ús net nei’t wy misdien hawwe, mar sa’t jo barmhertigens it jo seit.
47Simon wie har tewille en it fjochtsjen hâlde op. Hy sette se de stêd út, suvere de huzen fan ’e ôfgodsbylden en hâlde dêr doe ûnder it sjongen fan lof- en tanklieten syn yntocht. 48Alle ûnhuerens dy’t der yn Gezer wie, die er fuort en liet dêr doe minsken wenje, dy’t har hâlden oan ’e wet. Hy fersterke de stêd en boude der in hûs foar himsels.
Simon nimt de stins fan Jeruzalem yn
49Se hienen it de besetting fan ’e stins te Jeruzalem ûnmooglik makke langer mei de bûtenwrâld te ferkearen. No’t dy gjin ynkeapen mear dwaan koe, begûn it lang om let sa krap by har om te kommen, dat der hiel wat fan ’e honger stoaren. 50Dat se smeken Simon oft er frede mei harren slute woe. Dy die dat, sette se neitiid allegearre de stins út en suvere dy doe fan alles dat him ûnrein makke. 51De trijeëntweintichste fan ’e twadde moanne fan it jier 171 dienen de Joaden dêr har yntocht mei blide jubel, mei it swaaien fan palmtûken, mei it spyljen op lieren, bekkens en harpen en it sjongen fan lof- en tanklieten, want in slimme fijân wie út Israel ferdreaun.
52Simon sei: Alle jierren weroan moasten se dy dei mei blidens fiere. Hy fersterke ek de timpelberch tichte by de stins. Dêr sette er him mei de húshâlding nei wenjen. 53Om’t Simon seach dat syn soan Johannes in keardel útmakke, joech er him it befel oer it hiele leger. Dy gong no nei Gezer ta te wenjen.