Konneksjes mei Rome en Sparta
1Doe’t Jonatan seach dat it wurde koe, socht er mei sin guon mannen út en stjoerde dy nei Rome ta om it ferdrach fan freonskip mei de Romeinen te fernijen. 2En nei Sparta en oare plakken stjoerde er brieven, allegearre yn ’e selde trant. 3De boaden reizgen nei Rome, kamen yn ’e senaat en seinen: Jonatan, de hegepryster, en it Joadske folk hawwe ús hjirhinne stjoerd om it ferdrach fan freonskip en it bûn dat wy yn earder dagen mei jimme oangien binne, te fernijen. 4De Romeinen joegen har brieven mei foar de pleatslike autoriteiten, dat dy harren fuorthelpe soenen om wer goed en wol yn Judéa oan te kommen.
5Dit is it ôfskrift fan ’e brief dy’t Jonatan nei dy fan Sparta stjoerd hat: 6Hegepryster Jonatan, de ried fan ’e âldsten fan it folk, de prysters en de oaren fan it Joadske folk oan de Spartanen, ús bruorren. De groetenis! 7Yn earder dagen is der ris in brief fan jimme kening Aríus nei ús hegepryster Onias gien, dêr’t yn stie, dat jimme ús bruorren binne, sa’t dat oan it ôfskrift, dat hjirby giet, te sjen is. 8Onias hat doe de boade, dy’t mei dat skriuwen kaam, wakker ynhelle, en de brief dêr’t alles oangeande in bûn en freonskip neier yn omskreaun wie, oannommen. 9Al hawwe wy fan bûnen en sa sasear gjin ferlet, omreden de hillige boeken dy’t wy ha, ús stipe en ús treast binne, 10wy hawwe dochs, om net faninoar te ferfrjemdzjen, ús bêst dien guon nei jimme ta te stjoeren om de bannen en de freonskip mei jimme te fernijen. Want it is al jierren lyn dat wy wat fan jim hearre mochten. 11Wat ús oanbelanget, op ús feesten en ús tinkdagen en sa sil it ús noait ûntkomme, jimme by ús offers en ús gebedens te neamen, want it is mar sa: jins bruorren heart men yn oantinken te hâlden. 12Wy binne bliid dat jimme sa yn oansjen binne. 13Wy sels sieten slim yn it lijen: rampen en oarloggen hienen wy aloan mei te krijen. De keningen fan ’e lannen om ús hinne kamen mei har legers opsetten. 14Nettsjinsteande dat allegearre hawwe wy jimme en ús oare bûnsmaten en freonen net lestich wêze wollen. 15Want ús help komt út ’e Himel. Hy stiet ús by. En sa binne wy fan ús fijannen ferlost. Ja, sa binne dy fernedere. 16Wy hawwe Numénius, de soan fan Antíochus, en Antipater, de soan fan Jason, nommen en dy nei de Romeinen tastjoerd om it bûn en de freonskip út earder dagen mei harren te fernijen. 17Wy hawwe harren ek opdroegen om nei jimme ta te gean, jimme de groetenis te dwaan en dizze brief oangeande it fernijen fan ús bûn en bruorskip oer te bringen. 18It soe ús tige oanstean dêr in antwurd op te krijen. 19Dit is it ôfskrift fan ’e brief, dy’t de Spartanen Onias takomme lieten: 20Aríus, de kening fan ’e Spartanen, oan hegepryster Onias: De groetenis! 21Ut in dokumint dat oer de Spartanen en de Joaden giet, hat bliken dien, dat dat bruorrefolken binne. Se stamme nammentlik beide fan Abraham ôf. 22No’t wy dat witte, soenen jim ús in grutte deugd dwaan en skriuw ús, hoe’t it der mei jimme foarstiet. 23Us antwurd op jimme brief is ditte: Jimme fee en jim goed, dat is uzes. En wat fan ús is, dat is jimmes. Wy hawwe ús boaden opdracht jûn jimme dat te sizzen.
Jonatan nei Syrië en Filistéa
24Doe’t Jonatan hearde dat de generaals fan Demétrius weromkommen wienen mei in leger, noch grutter as it foarige, om tsjin him slach te leverjen, 25briek er op út Jeruzalem en triek har yn ’e mjitte oant op ’e gerjochtichheid fan Hamat ta. Want hy woe harren de kâns net jaan om syn lân yn te fallen. 26Hy stjoerde guon út om har kamp ris goed op te nimmen. Dy kamen werom mei it nijs dat de fijân him der op klear makke harren de kommende nachts te oerfallen.
27By it ûndergean fan ’e sinne joech Jonatan syn mannen befel, sy soenen wekker bliuwe, de wapens by de hân, dat sy de hiele nacht troch ree wêze soenen om fuort fanwegen te kommen. Fierder sette er wachtposten út, rûnom om it kamp hinne. 28Doe’t de fijân hearde dat Jonatan en syn mannen klear stienen foar de slach, krigen se de skrik en gong de moed der hielendal út. Se stieken yn har kamp de wachtfjurren oan en setten ôf. 29Jonatan en syn mannen, ferrifele troch de wachtfjurren, fernamen dat net earder as de oare moarns. 30Fuortynienen sette er se doe achternei, mar hy koe se net mear benei komme, mei’t se de rivier de Eleuterus al oer wienen. 31Dat Jonatan liet se fierder gewurde. Hy gong no de kant út nei de Sabadeeske Arabieren, dy’t er fersloech en útplondere. 32Doe briek er op en sette nei Damaskus ta. Dêrwei krúste er mei syn leger it lân troch, alle kanten út. 33Ek Simon wie derop útstutsen en hie it lân trochkrúst, wol oan Asjkelon ta en de festings dêrby om. Doe gong er werom en sloech ôf nei Joppe, dat er besette. 34Want se hienen him ferteld, dat de mannen dêr fan doel wienen dy festing oan Demétrius syn oanhing út te leverjen. Sadwaande lei hy der in besetting yn om op ’e stêd te passen.
Jonatan fersterket Jeruzalem en oare stêden
35Doe’t Jonatan werom wie, rôp er de âldsten fan it folk byinoar. En mei-inoar kamen se doe ta it beslút om yn Judéa festings te bouwen, 36de muorren fan Jeruzalem in ein omheech te bringen, en tusken de stins en de stêd yn in slim hege muorre te meitsjen, sa, dat de stins alhielendal op himsels kaam te stean, apart fan de stêd, dat de besetting dêr net mear komme koe, ek net om te keapjen en te ferkeapjen. 37Der waard folk wûn om de stedsmuorre wer op te bouwen. In ein muorre hie him bejûn, it stik fuort by de berchstream, op it easten fan ’e stêd. De wyk dy’t Chafenate hjit, makke er wer yn oarder. 38En Simon boude Adida, dat yn ’e Sjefelaflakte leit, wer op en fersterke it. It krige no poartedoarren mei slútbalken.
Tryfon kriget Jonatan troch ferried yn ’e macht
39Tryfon wie derop út om kening fan Azië te wurden. Syn doel wie kening Antíochus fan kant meitsje en dan sels de kroan opsette. 40Hy wie bang dat Jonatan him dêryn net gewurde litte soe, mar besykje dat mei de wapens te kearen. Sadwaande beprakkesearre er, hoe’t er Jonatan yn ’e hannen krije soe om him fermoardzje te kinnen. Dat hy reizge ôf nei Bet-Sjan ta. 41Jonatan mei 40.000 man, soldatefolk dat der wêze koe, triek him temjitte, ek nei Bet-Sjan ta.
42Doe’t Tryfon seach, dat Jonatan mei sa’n sterk leger kommen wie, doarst er net tsjin him te begjinnen. 43Hy helle him no freonlik yn, eare him op ’en heechsten, brocht him mei al syn freonen yn ’e kunde, joech him geskinken en hiet syn freonen en syn troepen, hja soenen om Jonatan syn sizzen jaan, likegoed as om sines. 44En hy sei tsjin Jonatan: Wêrom dochs moat al dat folk fan jo him sa ôfbeule? Wy hawwe ommers gjin oarloch mei-inoar? 45Lit se dochs nei hûs ta gean, behalven dan dy stik of wat dy’t jo by jo hâlde wolle. En gean dan mei nei Ptolemaïs ta. Dan sil ik de stêd en de oare festings mei de besettingen dy’t se hawwe en mei de amtners oan jo oerdrage. En sjoch, dan stek ik wer ôf. Want inkeld mei dat doel bin ik hjirhinne kommen.
46Jonatan leaude him en hy die sa’t Tryfon sei. Syn leger stjoerde er fuort. Sadwaande gong dat nei Judéa werom. 47Inkeld 3000 man hâlde er by him. 2000 dêrfan stjoerde er nei Galiléa ta en de oare 1000 naam er mei. 48Jonatan en syn mannen wienen lykwols noch mar amper yn Ptolemaïs of it folk dêr die de poarten ticht. Hysels waard gefangen nommen en de mannen dy’t er by him hie waarden allegearre mei it swurd om hals brocht.
49Fuort dêrop stjoerde Tryfon troepen nei Galiléa ta, nei de grutte flakte, fuotfolk en hynstefolk, om alle mannen dy’t Jonatan dêr hie, dea te meitsjen. 50Dy hienen lykwols al heard dat Jonatan oerrompele en fermoarde wie, hy en de mannen dy’t er by him hie. De iene spriek de oare moed yn en sa trieken se op, ien hechte kloft, klear foar de slach.
51Doe’t de oaren dy’t har achternei sieten, seagen dat it no in fjochtsjen om libben of dea wurde soe, gongen se werom. 52Sa kamen se allegearre goed en wol yn Judéa oan. Se rouden om Jonatan en syn mannen. De moed wie der no alhielendal út. Ja, hiele Israel gong yn in swiere rouwe. 53De folken om har hinne stelden no op ’en nij prikken yn it wurk om de Israeliten út te roegjen. Se seinen: Se hawwe gjin oanfierder mear en der is gjinien dy’t har helpt. It is no ús gouden oere om se oan te pakken, sa, dat gjinien skielk mear weet fan har hat.