Alexander de Grutte en syn opfolgers
Alexander de Masedoaniër, de soan fan Filippus, wie út Grikelân wei opsetten kommen, hie Darius, de kening fan ’e Perzen en ’e Meden, ferslein en him de troan ûntnommen. Kening oer Grikelân wied er doe al. Sûnt fierde er gâns oarloggen, naam sa festings yn en die keningen de dea. Ja, hy gong al mar fierder, oan it uterste fan ’e ierde ta en plondere folken by de mannichte út. Der wie gjinien dy’t it tsjin him opnimme doarst, en sa waard er slim heechmoedich. Hy hie dan ek in ôfgryslik sterk leger, krige sa macht oer lannen, folken en foarsten, dat dy moasten him skatting opbringe.
Mar doe rekke er siik op bêd en hy fielde dat it mei him nei de ein rûn. Dêrom rôp er syn ferneamde generaals, dy’t mei him grutbrocht wienen, fan bern ôf oan, by syn bêd en ferparte noch by syn libben syn ryk ûnder harren. Alexander hie, doe’t er stoar, tolve jier kening west. Syn generaals namen no de macht oer, in elk yn ’e kontreien dy’t him tawiisd wienen. Nei syn ferstjerren lieten se har allegearre ta kening útroppe en nei harren hearsken har soannen jierren en jierren oanien, en it kwea dat se dienen, wie de ein fan wei.
Ien út dat skaai wie Antíochus Epifanes, in man sa ferdoarn dat er suver gjin goede hier oan him hie, in soan fan kening Antíochus. Hy hie in skoft gizelder west yn Rome en waard neitiid, yn it jier 137, kening fan it Helleenske ryk.
Yn dy dagen no kaam der yn Israel in slach ôffallige Joaden nei foaren. Dy brochten gâns minsken op ’e doele mei har sizzen: Kom, lit ús in ferbûn oangean mei de heidenen om ús hinne, want sûnt wy ús apart hâlden hawwe, hat de iene ramp nei de oare ús troffen. Dat woe it folk wol oan. Ja, guon fan har wienen sa fol iver dat se nei de kening tagongen en fan him it foech krigen heidenske wetten en seden yn te fieren. Sa bouden se yn Jeruzalem in sportskoalle yn ’e trant fan ’e heidenen. De besnijenis lieten se har oan ferhelpe, se hâlden har net langer oan it hillich ferbûn en trouden en dienen mei de heidenen. Ja, om der mar better fan te wurden woenen se it ferkearde mei wille dwaan.
Antíochus plonderet de timpel
Doe’t Antíochus de macht yn syn ryk fêst yn hannen hie, krige er it yn ’e holle om ek kening fan Egypte te wurden en sa twa keninkriken te hawwen. En sa sette er mei in machtich leger nei Egypte ta, mei striidweinen en oaljefanten en in grutte float. Hy levere slach mei Ptoleméus, de kening fan Egypte. Dy koe it net hâlde en naaide út, nei’t er gâns folk ferlern hie. Antíochus naam de sterke stêden fan Egypte yn en plondere it lân út.
Nei’t er Egypte ferslein hie, gong er yn it jier 143 werom en foel doe mei in sterk leger Israel en Jeruzalem oan. Yn syn grutskens bestie er it sels en gean de timpel yn en nim it gouden rûkofferalter en de gouden kandler mei en alle reau dat dêrby hearde. En ek de tafel fan ’e toanbreaën, de dingen foar it drankoffer, de offerskalen en it gouden offerark, it gerdyn en de krânsen. En fan de fersiering oan ’e foargevel fan ’e timpel helle er alle goud ôf. It sulver en it goud en it kostberste reau, ja alle ferburgen skatten dy’t er mar fine koe, dat allegearre naam er mei nei syn lân. Wilens hie er wit-hoefolle bloed fergetten en wakker opsprutsen fan wat er al sa útrjochte hie.
Mar yn Israel kaam in swiere rouwe, it hiele lân oer.
Foarmannen en soldaten klagen,
feinten en fammen kwynden wei
en de skientme fan ’e froulju ferwaard.
Elke breugeman sette de deadeklacht yn,
de breid siet yn ’e keamer, de rouklean oan.
It lân dat beve om syn bewenners.
Jakobs hiele neiteam waard mei skande beladen.
Jeruzalem kriget in Syryske besetting
Twa jier letter stjoerde de kening syn oppertolgarder nei de stêden fan Juda. Mei in machtich leger kaam dy te Jeruzalem. Hy hie it oer frede en freonskip, mar hy miende der neat fan. Sy leauden him. Doe oerrompele er de stêd, brocht dy in swiere slach ta en die gâns folk fan Israel de dea. Hy plondere de stêd út, sette de brân deryn en helle de muorren fan ’e huzen del. De froulju en de bern namen se as gefangenen mei en it fee waard yn beslach nommen.
En doe bouden se om de Davidsstêd in hege sterke muorre mei machtige tuorren. Dat waard har festing. As besetting krige dy in stel oerkommelingen, folk dat fan gjin wet witte woe. Dy makken har dêr sterk. Se sloegen dêr wapens en iten yn op en de bút dy’t se yn Jeruzalem byinoar sleept hienen. Boppedat leinen se dêr op ’e loer. De timpel wie no aloan yn gefaar, Israel allegeduerigen bedrige.
Om ’e timpel hinne rûn it bloed fan ûnskuldigen,
it hillichdom sels waard ûntwijd.
De ynwenners fan Jeruzalem naaiden foar har út.
Sa waard de stêd it thús foar frjemden
en frjemd foar harren dy’t dêr opgroeid wienen:
It eigen folk triek fuort.
Syn timpel waard de woestyn gelyk,
syn feesten waarden roudagen,
syn sabbatten skande,
syn eare ferachting.
Sa heech de stêd alear yn oansjen wie,
sa slim rekke er no yn it ûnleech:
syn hege steat waard ien stik jammerdearlikens.
De Joadske godstsjinst ferbean
Doe kaam de kening mei in dekreet foar syn hiele ryk: allegearre moasten se tenei ien folk wêze, mei ien en deselde godstsjinst en mei deselde seden. En elk hie syn eigen seden mar los te litten. Alle folken joegen har doe del ûnder wat de kening sein hie. Ek hiel wat Israeliten woenen de godstsjinst fan ’e kening wol oannimme; se brochten offers oan ’e ôfgodsbylden en skeinden de sabbat.
Doe stjoerde de kening ek noch boaden nei Jeruzalem en nei de stêden fan Juda mei brieven, dêr’t dit yn stie: Dizze seden en gebrûken, al binne se it lân net eigen, moat elkenien him oan hâlde.
En: Kear it, dat der yn ’e timpel brân-, fleis- en wijoffers brocht wurde, skein de sabbatten en de feesten, meitsje de timpel en syn prysters ûnrein. Set rûnom alters, hillichdommen en ôfgodsbylden, offerje bargen en oare ûnreine bisten, lit jimme soannen ûnbesnien, besmodzje jimsels mei alle mooglike ûnreinens en ûnhuerens: dat sa de wet fergetten en it rjocht feroare wurdt. Elk dy’t net docht wat de kening seit, syn straf is de dea.
Al sokke dingen skreau de kening syn hiele ryk foar. Hy stelde mannen oan om datoangeande op it hiele folk ta te sjen en hy hiet de stêden fan Juda, elk foar oar, yn it eigen plak offers te bringen. Gâns minsken joegen har no by harren, te sizzen sokken dy’t fan de wet ôffoelen. It hiele lân krige it no slim te ferduorjen en sa waard Israel jage yn alle skûlplakken dy’t it mar benei komme koe.
Op ’e fyftjinde fan ’e moanne Kislew, yn it jier 145, boude er it skriklik stik ôfgriis en sette dy op Gods alter. Ja, rûnom yn ’e stêden fan Juda waarden no heidenske alters boud. Der waard sels wijreek offere foar de doar en op ’e strjitte, en de wetsrôlen dy’t se mar fine koenen, waarden stikken skuord en ferbrând. Ja, al waard der by ien mar in boek fan it ferbûn fûn, en al stimde ien de wet mar mei, dan al waard er op befel fan ’e kening deamakke. Sa no brûkten dy skobberts alle moannen weroan har macht tsjin ’e Israeliten dy’t se fan datoangeande yn ’e stêden betrapen.
De fyfentweintichste fan ’e moanne Kislew offeren se op it heidenske alter dat boppe op Gods brânofferalter stie. De froulju dy’t har bern besnije litten hienen, waarden deamakke, neffens it befel fan ’e kening. De lytse poppen hongen se op oan ’e hals fan ’e memmen, de húsgenoaten en de mannen dy’t de bern besnien hienen, waarden fermoarde. Likegoed bleauwen gâns minsken yn Israel stânfêst en woenen út-noch-yn net fan it ûnreine ite. Se lieten har leaver ombringe as wat ûnreins te iten en sa it hillich ferbûn te skeinen. En sa stoaren se. Sa gong Gods grutte grime oer Israel.