Mattatias en syn soannen
1Yn dy dagen kaam Mattatias, de soan fan Johannes, de soan fan Simeön, nei foaren. Hy wie in pryster út it laach fan Jojarib út Jeruzalem en hy sette him nei wenjen yn Modeïn. 2Hy hie fiif soannen: Johannes, dy’t se Gaddy neamden, 3Simon, dy’t se Tassis neamden, 4Judas, dy’t de bynamme hie fan de Makkabeeër, 5Eleázar, dy’t se Avaran en Jonatan dy’t se Affus neamden. 6Hy seach de godslasterlike stikken dy’t yn Juda en Jeruzalem útheefd waarden 7en hy sei:
Och! Moast ik dêrfoar berne wurde om dit oan te sjen?
Us folk ferplettere en de hillige stêd ferrinnewearre?
– En se sieten der samar wat by,
doe’t dy belies joech
en it hillichdom oan ’e fijân oerjûn waard! –
8Har timpel is de man gelyk, dy’t syn eare ûnthelle waard.
9Syn kostlik reau is troch de fijân rove,
har berntsjes binne yn de eigen strjitten deaslein,
har jongfeinten fermoarde troch it swurd fan ’e fijân.
10Is der in folk dat him gjin stik fan har keninkryk ta-eigene hat,
in naasje, dy’t net meidien hat om it út te plonderjen?
11Al har sier waard har ûntnommen,
ynstee fan frij-man waarden se slaaf.
12En sjoch, ús timpel: Us pronk en ús eare,
dy leit foar wyld, skeind troch de heidenen.
13Wêr libje wy noch langer foar?
14Mattatias en syn soannen skuorden de klean, se sloegen rouklean om en gongen yn in swiere rouwe.
It ferset begjint
15Doe kamen der guon amtners fan ’e kening, dy’t de ôffal ôftwinge moasten, nei Modeïn om de mannen dêr offerje te litten. 16En gâns Israeliten rûnen nei harren oer. Mar Mattatias en syn soannen hâlden it mei-inoar en bleauwen fansiden.
17Doe seinen dy amtners fan ’e kening tsjin Mattatias: Jo binne yn dizze stêd de man en hawwe jo soannen en jo bruorren achter de hân. 18Kom jo no nei foaren en doch as earste wat de kening hjitten hat. Alle oare folken hawwe dat ek dien en ek de mannen fan Juda en dy’t yn Jeruzalem oerbleaun binne. Dan sille jo en jo soannen fuortoan by de ‘Freonen fan ’e Kening’ hearre en fereare wurde mei sulver en goud en gâns oare geskinken.
19Doe joech Mattatias lûd en klear dit antwurd: Al harkje ek alle folken op ’e kening syn gerjochtichheid nei him en falle fan ’e godstsjinst fan har foarâlden ôf en dogge mei alle wille wat de kening har opleit; 20ik, myn soannen en myn bruorren, wy sille ús hâlde oan it ferbûn fan ús foarâlden. 21De Himel mei ús derfoar bewarje, dat wy wet en ynsettings dêrfan slûpe litte. 22Dat wy dogge net wat de kening seit. Wy wike fan ús godstsjinst net ôf, net nei rjochts en ek net nei links.
23Hy wie noch mar krekt útpraat, of dêr kaam in man út Juda nei foaren, wylst alleman it seach, om te offerjen op it heidenske alter fan Modeïn, sa’t de kening dat foarskreaun hie. 24Doe’t Mattatias dat seach, waard er opsternaat, hy skodde oer syn hiele lea en poerlilk rûn er op ’e man ta en sloech him dea op it alter. 25Ek de amtner fan ’e kening dy’t har twinge woe om te offerjen, deade er op datselde stuit en it alter skuorde er om. 26De wet woe er alles wol foar dwaan, lykas en Pinechas, doe mei Simry, de soan fan Salû. 27En Mattatias rôp wit-hoe lûd de hiele stêd troch: Elk dy’t alles foar de wet oer hat en stiet foar it ferbûn, dy moat meikomme. 28Doe namen hy en syn soannen de wyk nei de bergen en alles wat se hienen, lieten se yn ’e stêd achter.
Mei men op sabbat de fijân keare?
29En gâns minsken dy’t har oan rjocht en wet hâlde woenen, gongen de woestyn yn en setten har dêr nei wenjen. 30Se namen har bern, har froulju en har fee mei, want se koenen it net langer hurdzje. 31Mar guon dienen de amtners fan ’e kening en it garnisoen yn Jeruzalem, de Davidsstêd, te witten: Alle minsken dy’t tsjin it befel fan ’e kening yngien binne, hawwe har ferskûle yn ’e woestyn.
32Doe gong in grutte kloft soldaten hurd achter har oan en doe’t dy har fûn hienen, sloegen se har kamp op lyk foar har oer. 33Se seinen tsjin har: It kin no noch: kom derút, doch wat de kening seit, dan sil jimme it libben skonken wurde. 34Mar de Joaden antwurden: Wy komme der net út en wy dogge net wat de kening seit, want de sabbat dy skeine wy net. 35Doe foelen de heidenen har mei hasten oan. 36Mar de Joaden dienen neat werom, smieten har net ienris mei in stien, ja setten de hoalen net ienris ticht. 37Se seinen: Lit ús allegearre dan mar stjerre, sa ûnskuldich as wy binne. De himel en de ierde binne ús getugen, dat jimme ús mei geweld en ûnrjocht ombringe. 38Sa foelen de fijannen op ’e sabbat op har oan en se kamen om: manlju, froulju, bern, sa’n tûzen minsken mei-inoar, en dan noch al it fee.
39Doe’t Mattatias en syn freonen dat hearden, gongen se yn in swiere rouwe. 40En se seinen tsjin elkoar: As wy allegearre krekt sa dogge as ús bruorren en net op ’en fjochtsjen geane tsjin ’e heidenen foar ús libben en ús wetten, dan hawwe se ús mei koarten útroege. 41Dy deis namen se dan ek dit beslút: as ien ús op ’e sabbat oanfalt, dan slane wy werom, dat wy allegearre net omkomme lykas ús bruorren yn ’e hoalen.
42Doe kaam der in kloft Asideeërs by harren, mannen út Israel, dy’t wisten wat se woenen en elk foar oar mei liif en siel foar de wet wienen. 43En allegearre dy’t útnaaid wienen fanwegen it geweld en it ûnrjocht, joegen har by harren en makken har al sterkeroan. 44Doe’t se sa mei-inoar in leger foarme hienen, kamen se fanwegen en ûnmeilydsum sloegen se der op, op ’e skuldigen en op ’e ôffalligen. Dy’t it slagge harren te ûntkommen, socht in hinnekommen by de heidenen om sa it libben te rêden. 45Mattatias en syn freonen gongen derop út, it lân troch, en dêr’t se kamen, ferrinnewearren se de heidenske alters. 46En de bern dy’t noch net besnien wienen, safolle as se mar fine koenen binnen de grinzen fan Israel, dy besnienen se, byneed mei geweld. 47Har grutske fijannen jagen se foar har út en alles dêr’t se har foar setten, slagge har tige. 48Sa hâlden se de wet heech, dwers tsjin de heidenen en har keningen yn. En de wrede kening waard lamslein.
Mattatias stjert
49De tiid kaam dat Mattatias stjerre moast. Doe sei er tsjin syn soannen: Hjoed-de-dei slacht de oermoed foar master op en makket út wat rjocht is. It is in tiid fan rampen en fan gleone grime. 50Myn jonges, set jim no alhielendal yn foar de wet, en haw alles, sels jim libben, oer foar it ferbûn fan ús foarâlden. 51Hâld yn oantinken wat jimme foarfaars yn har dagen ferrjochte hawwe. Dan sille jimme grutte eare krije en in namme dy’t altiten bliuwt. 52Is Abraham ek net trou befûn doe’t er hifke waard en is him dat net as gerjochtichheid oanrekkene? 53Joazef hat, ek doe’t er der min ta siet, him hâlden oan Gods gebod en hy is hear fan Egypte wurden. 54Pinechas, ús foarfaar, wie neat tefolle en hat sa in ivich prysteramt krige. 55Jozua die wat him oplein wie, en is sa rjochter oer Israel wurden. 56Kaleb hat yn ’e gearkomste fan it folk ferslach útbrocht neffens wierheid en hat sa in stik fan it lân as erfskip krige. 57David wie in tige from man en hat dêrom de keningstroan krige as in erfskip foar ivich. 58Elía hie alles foar de wet oer en sa is er yn ’e himel opnommen. 59Chananja, Azarja en Mizael hawwe leaud en sa waarden se rêden út ’e flammen. 60Daniël joech it ienfâldichwei oer en sa waard er ferlost út ’e bek fan ’e liuwen. 61Dêr kinne jimme oan sjen dat fan âlder op âlder allegearre dy’t op ’e Heare betrouwe, der net ûnderstrûpe. 62Wês dêrom net bang fan wat in sûndich minske seit, want alles dêr’t er eare mei behellet is foar de dongbult en de wjirms. 63Hjoed sprekt er op en moarn is der neat mear fan him oer; hy is wer stof wurden en al de dingen dy’t er noch soe, komt neat fan. 64Meitsje dan in man út jonges, en wês sterk yn it opkommen foar de wet, want dy sil jimme grutte eare jaan. 65Hjir is jim broer Simeön. Ik wit, dat er in skrander man is. Harkje nei him, altiten. Hy sil in heit foar jimme wêze. 66Judas de Makkabeeër is in sterke held, fan jonge ôf. Hy sil jimme oanfierder wêze en jim foargean yn ’e slach tsjin ’e heidenen. 67Sjoch op jimme kant te krijen alleman dy’t him oan ’e wet hâldt en wreekje it ûnrjocht dat jim folk oandien is. 68Doch de heidenen sa’t se jimme dien ha, en hâld jimme oan ’e foarskriften fan ’e wet.
69Doe segene er harren en hy gong nei syn foarfaars. 70Hy stoar yn it jier 146 en hy waard begroeven yn it grêf fan syn foarâlden te Modeïn en hiele Israel roude swier om him.