1Doe liet de Heare Jehû, de soan fan Chanany, dit wurd tsjin Basa takomme: 2Alhoewol’t Ik dy út it stof ferhege en dy oansteld haw as lieder fan myn folk Israel, bisto de wei gien fan Jerobeäm en hasto myn folk Israel sa sûndigje litten, dat se My mei har sûnden terge hawwe. 3Dêrom wol Ik no de neiteam fan Basa fuortreagje en de neiteam fan syn hûs, en Ik wol mei dyn hûs itselde dwaan, dat Ik ek mei it hûs fan Jerobeäm, de soan fan Nebat, dien haw. 4Wa’t fan Basa yn ’e stêd stjert, sille de hûnen ite en wa’t yn it fjild stjert, sille de fûgels út ’e loft ite.
5It fierdere fan ’e skiednis fan Basa, wat er dien hat en syn dappere dieden, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 6Basa is rêst mei syn foarfaars en te Tirsa begroeven, en syn soan Ela folge him op. 7Sa hie de Heare troch profeet Jehû, de soan fan Chanany, Basa en syn hûs syn wurd takomme litten, om al wat er ferkeard dien hie, dat de Heare ferkeard achte. Hy hie Him ommers, krektlyk as it hûs fan Jerobeäm, mei syn dieden terge, en boppedat hied er dat hûs de dea dien.
Ela fan Israel
8Yn it seisentweintichste jier fan kening Asa fan Juda waard Ela, de soan fan Basa, kening oer Israel te Tirsa en hy hat twa jier regearre. 9Syn tsjinner Simry, kommandant oer de helte fan syn striidweinen, makke in gearspanning tsjin him. Doe’t er him yn ’e hûs by Arza, de hofmaarskalk te Tirsa, bedronk, 10kaam Simry en sloech him dea, yn it sânentweintichste jier fan kening Asa fan Juda, en hy waard kening foar Ela yn ’t plak. 11Sadree’t er kening wurden wie en op ’e troan siet, deade er de famylje fan Basa. Hy liet dêr gjin manspersoan fan yn it libben, likemin as fan syn sibben en freonen. 12Sa hat Simry de hiele famylje fan Basa útroege, sa’t de Heare sein hie troch de tsjinst fan profeet Jehû. 13It wie om alle sûnden fan Basa en syn soan Ela, dy’t se sels bedreaun en dêr’t se Israel ta brocht hienen, mei’t se de Heare, de God fan Israel, mei har ôfgoaden tergen.
14It fierdere fan ’e skiednis fan Ela, al wat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel.
Simry fan Israel
15Yn it sânentweintichste jier fan kening Asa fan Juda, waard Simry te Tirsa kening, mar sân dagen, wylst it folk Gibbeton, dat oan ’e Filistinen hearde, belegere. 16Doe’t de soldaten hearden: Simry hat in gearspanning makke en de kening deade, doe makke hiele Israel dy deis yn it leger de legerkommandant Omry kening oer Israel. 17Omry, mei hiele Israel by him, briek doe op fan Gibbeton en belegere Tirsa. 18Mei’t Simry seach, dat de stêd nommen wie, gong er de stins fan it paleis yn en stiek it paleis boppe syn holle yn ’e brân. 19Sa is er stoarn om ’e sûnden, dy’t er bedreaun hie, troch te dwaan sa’t de Heare it net hawwe woe en de wei te gean en de sûnde te dwaan, dy’t Jerobeäm bedreaun hie mei’t er Israel dêrta brocht hie.
20It fierdere fan ’e skiednis fan Simry en fan ’e gearspanning dy’t er makke hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel.
Omry fan Israel
21Doe rekke it folk yn twa partijen ferdield. De iene helte fan it folk wie der foar om Tibny kening te meitsjen en de oare heite wie foar Omry. 22Mar it folk dat foar Omry wie, krige de oerhân oer it folk dat foar Tibny, de soan fan Ginat, wie. En Tibny sneuvele, dat doe waard Omry kening.
23Yn it ienentritichste jier fan kening Asa fan Juda, waard Omry kening oer Israel en hy hat tolve jier regearre. Te Tirsa hat er seis jier kening west. 24Doe kocht er fan Sjêmer de berch Samaria foar twa talinten sulver, boude in stêd op ’e berch en neamde dy Samaria, nei Sjêmer, de eigener fan ’e berch. 25Omry die wat de Heare ferkeard achtet, slimmer as alle oaren foar him. 26Hy gong de wei fan Jerobeäm, de soan fan Nebat, en libbe yn ’e sûnde, dêr’t dy Israel ta brocht hie, mei’t se de Heare, de God fan Israel mei har ôfgoaden tergen. 27It fierdere fan ’e skiednis fan Omry, al wat er dien hat en al syn dappere dieden, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 28Omry is rêst mei syn foarfaars en waard begroeven yn Samaria. En syn soan Achab folge him op.
Achab fan Israel
29Achab, de soan fan Omry, waard kening oer Israel yn it achtentritichste jier fan kening Asa fan Juda en Achab hat twaëntweintich jier oer Israel regearre te Samaria. 30Achab, de soan fan Omry, die wat de Heare ferkeard achtet, slimmer as alle oaren foar him. 31It wie him noch net moaiernôch om yn ’e sûnden fan Jerobeäm, de soan fan Nebat te libjen. Hy troude mei Izébel, de dochter fan kening Etbaäl fan ’e Sidoaniërs, en gong derta oer om de Baäl te tsjinjen en dêr foar te bûgen. 32Hy sette foar de Baäl in alter yn ’e timpel fan Baäl, dy’t er yn Samaria boud hie. 33Achab makke in wijde peal en die al mar dingen, dêr’t er de Heare, de God fan Israel, mei terge, slimmer as alle oare keningen fan Israel foar him.
34Yn syn dagen boude Chiël fan Bet-El Jericho wer op. Dat er dêr de fûneminten fan lei, koste him syn earstlingssoan Abiram; dat er de poarten derfan sette, koste him syn jongste, Segûb. Sa gong it krekt sa’t de Heare sprutsen hie troch Jozua, soan fan Nûn.