Abíam fan Juda
1Yn it achttjinde jier fan kening Jerobeäm, de soan fan Nebat, waard Abíam kening oer Juda. 2Hy hat trije jier te Jeruzalem regearre en syn mem hiet Maäka, dochter fan Abisjalom. 3Hy libbe yn alle sûnden dy’t syn heit foarhinne dien hie en syn hert wie net folslein oan ’e Heare, syn God, tawijd, lykas it hert fan syn foarfaar David. 4Mar om David joech de Heare, syn God, him in lampe te Jeruzalem, mei’t Er nei him in soan komme liet en Jeruzalem steande hâlde. 5Want David hie dien, sa’t de Heare it hawwe woe, en hy wie al syn libbensdagen net ôfwykt fan al wat Er him hjitten hie; behalven dan yn ’e saak fan Oería, de Hetyt. 6It hat ek syn libben lang oarloch west tusken Rechabeäm en Jerobeäm.
7It fierdere fan ’e skiednis fan Abíam, alles wat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. It wie oarloch tusken Abíam en Jerobeäm. 8En Abíam is rêst mei syn foarfaars en se begroeven him yn ’e Davidsstêd en syn soan Asa folge him op.
Asa fan Juda
9Yn it tweintichste jier fan kening Jerobeäm fan Israel waard Asa kening oer Juda 10en hy hat ienenfjirtich jier kening west te Jeruzalem. Syn mem hiet Maäka, dochter fan Abisjalom. 11Asa die sa’t de Heare it hawwe woe, lykas syn foarfaar David. 12Hy jage de wijde ûntuchtigen it lân út, romme alle ôfgodsbylden dy’t syn foarfaars makke hienen, út ’e wei; 13ja, syn mem Maäka sette er sels as hearskeresse ôf, om’t se in walchlik byld foar Asjeara makke hie. Asa houde dat skandlike byld yn stikken en ferbaarnde it yn ’e delling fan ’e Kidron. 14De offerhichten lykwols rekken net oan ’e kant. Mar it hert fan Asa hat syn libben lang folslein tawijd west oan ’e Heare. 15De wijjeften fan syn heit en dy fan himsels brocht er yn it hûs fan de Heare: sulver, goud en allerhanne oar guod.
16It wie oarloch tusken Asa en kening Basa fan Israel, salang as hja regearre hawwe. 17Kening Basa fan Israel wie op Juda losgien en hie Rama fersterke, dat der koe by kening Asa fan Juda gjinien it lân út of yn. 18Dêrop naam Asa alle sulver en goud dat der noch oer wie yn ’e skatkeamers fan ’e timpel en it paleis en joech it syn tsjinners oer. Dy stjoerde kening Asa nei Benhadad, de soan fan Tabrimmon, de soan fan Chesjion, de kening fan Aram, te Damaskus, mei it fersyk: 19Der bestiet in ferbûn tusken jo en my, tusken jim heit en ús heit. Sjoch, ik stjoer jo in geskink yn sulver en goud. Ferbrek jo ferbûn no mei kening Basa fan Israel, dat er syn leger werom ropt. 20Benhadad harke nei kening Asa en stjoerde syn legerkommandanten op ’e stêden fan Israel los en oermastere Ijjon, Dan, Abel-Bet-Maäka en hiele Kinnerot mei it hiele lân Naftaly. 21Doe’t Basa dat hearde, joech er de fersterking fan Rama oer en gong werom nei Tirsa. 22No liet kening Asa hiele Juda opkomme, sûnder ien frij te stellen. De stien en it hout, dêr’t Basa Rama mei fersterke hie, hellen se op en dêr fersterke kening Asa Geba-yn-Benjamin en Mispa mei.
23It fierdere fan ’e skiednis fan Asa, al syn dappere dieden, wat er dien hat, en de stêden dy’t er fersterke hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. Dit noch: Op syn âlde dei krige er it oan ’e fuotten. 24En Asa is rêst mei syn foarfaars. Hy waard by syn foarfaars begroeven yn ’e stêd fan syn foarfaar David. En syn soan Josjafat folge him op.
Nadab fan Israel
25Nadab, de soan fan Jerobeäm, waard kening oer Israel, yn it twadde jier fan kening Asa fan Juda. Hy hat twa jier oer Israel regearre, 26en die net sa’t de Heare it hawwe woe. Hy gong de wei fan syn heit en libbe yn ’e sûnde dêr’t dy Israel ta brocht hie.
27Basa, de soan fan Achía, út it hûs Issaskar, makke in gearspanning tsjin him en Basa deade him te Gibbeton, dat oan ’e Filistinen hearde, yn ’e tiid dat Nadab mei hiele Israel Gibbeton belegere. 28Basa hat him yn it tredde jier fan kening Asa fan Juda deade en waard sels kening foar him yn ’t plak. 29Hy wie noch mar amper kening, of hy roege de hiele famylje fan Jerobeäm út. Hy liet Jerobeäm net ien oer, dy’t sykhelje koe; hy fermoarde se, krekt sa’t de Heare troch syn tsjinner Achía fan Sjilo sprutsen hie. 30It wie om ’e sûnden dy’t Jerobeäm sels bedreaun hie en dêr’t er Israel ta brocht hie, en dêr’t er de Heare, de God fan Israel, sa slim mei terge hie.
31It fierdere fan ’e skiednis fan Nadab, al wat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 32It hat oanienwei oarloch west tusken Asa en kening Basa fan Israel.
Basa fan Israel
33It tredde jiers fan kening Asa fan Juda, waard Basa, de soan fan Achía, kening oer hiele Israel, en hy regearre fjouwerentweintich jier. 34Hy die net sa’t de Heare it hawwe woe. Hy gong de wei fan Jerobeäm en libbe yn ’e sûnde dêr’t dy Israel ta brocht hie.