1Elk dy’t leaut, dat Jezus de Messias is, is in bern fan God, en elk dy’t de Heit leafhat, hat ek syn bern leaf. 2Hjir witte wy oan, dat wy de bern fan God leafhawwe, as wy God leafhawwe en nei syn geboaden libje. 3Want dit is de leafde ta God: dat wy ús oan syn geboaden hâlde. En syn geboaden binne net swier, 4want al wat yn God syn oarsprong fynt, oerwint de wrâld. Hjir oerwinne wy de wrâld mei: mei ús leauwen. 5Wa oars is it dy’t de wrâld oerwint as dy’t leaut, dat Jezus de Soan fan God is?
God getúcht oer Jezus
6Hy is it dy’t kommen is troch wetter en bloed, Jezus Kristus; net inkeld mei wetter, nee mei wetter en bloed. En de Geast is it dy’t getúcht, want de Geast is de wierheid. 7Want der binne trije dy’t getuge: 8de Geast en it wetter en it bloed, en dy trije komme mei-inoar oerien. 9As wy it getugenis fan minsken al oannimme, it getugenis fan God waacht noch swierder, want dat is it getugenis dat God jûn hat oer syn Soan. 10Dy’t yn ’e Soan fan God leaut, hat dat getugenis yn himsels. Dy’t God net leaut, lit Him foar in liger trochgean, omdat er net leaud hat yn it getugenis dat God oer syn Soan jûn hat. 11En hjir komt dat getugenis op del: God hat ús ivich libben jûn en dat libben is yn syn Soan. 12Dy’t de Soan hat, hat it libben; dy’t de Soan net hat, hat it libben net.
Ivich libben; de krêft fan it bidden
13Dizze brief haw ik jimme skreaun, dat jimme witte sille dat jimme ivich libben hawwe, jimme dy’t leauwe yn ’e namme fan de Soan fan God. 14Dit is de frijmoedichheid dy’t wy hawwe foar God oer, dat Hy nei ús harket, as wy Him wat freegje dat yn oerienstimming is mei syn wil. 15As wy witte dat Er nei ús harket, wêr’t wy Him mar om freegje, witte wy ek dat wy krije sille wêr’t wy Him om frege hawwe. 16As ien syn broer in sûnde dwaan sjocht, dy’t net ta de dea fiert, sil er foar him bidde en God sil him it libben skinke, te witten harren dy’t in sûnde dogge, dy’t net ta de dea fiert. Der is ek in sûnde dy’t ta de dea fiert; ik sis net dat er yn dat gefal bidde moat. 17Alle ûngerjochtichheid is sûnde, mar der is ek sûnde dy’t net ta de dea fiert. 18Wy witte dat gjin inkeld bern fan God sûndiget, nee, de Soan fan God bewarret him derfoar, en de kweade hat gjin fet op him. 19Wy witte dat wy bern fan God binne, en dat de hiele wrâld yn ’e macht fan ’e kweade leit. 20Wy witte ek dat de Soan fan God kommen is, en ús it fermogen jûn hat om de echte God te kennen; wy binne ferbûn mei dy echte God, yn syn Soan, Jezus Kristus. Dat is de echte God, dat is ivich libben. 21Berntsjes, nim jim te wacht foar de ôfgoaden.