1Freonen, leau net elke geast, mar hifkje de geasten oft se wol fan God komme, want gâns sabeare profeten binne de wrâld yn tein. 2Hjir kenne jimme de Geast fan God oan: alle geast dy’t meistimt dat Jezus Kristus as in minske fan fleis en bloed op ierde kommen is, komt fan God. 3Mar alle geast dy’t Jezus net as sadanich erkenne wol, komt net fan God; it is de geast fan ’e anty-Kristus, dêr’t jimme fan heard hawwe dat er komme sil, en dy is no al yn ’e wrâld. 4Jimme hearre by God, berntsjes, en jimme hawwe dy sabeare-profeten ferslein, want de Geast dy’t yn jimme wennet, is sterker as dy fan ’e wrâld. 5Sij hearre by de wrâld; dêrom prate se sa’t de wrâld dat docht, en dêrom harket de wrâld nei harren. 6Wy hearre by God; dy’t God ken, harket nei ús; dy’t net by God heart, harket net nei ús. Dêr kenne wy de geast fan ’e wierheid en de geast fan ’e dwaling oan útinoar.
7Freonen, lit ús inoar leafhawwe, want de leafde komt fan God; elk dy’t leafhat, is in bern fan God en ken God. 8Dy’t net leafhat, ken God net, want God is leafde. 9Dêryn is Gods leafde ûnder ús oan it ljocht kommen, dat Er syn Ienlingssoan yn ’e wrâld stjoerd hat, dat wy troch Him it libben fine soenen. 10Dêr bestiet de leafde yn, nèt dat wy God leafhân hawwe, mar dat Hy ús leafhat en syn Soan stjoerd hat om troch syn offer ús sûnden út te wiskjen. 11Freonen, as God ús sa leafhân hat, dan is it ús plicht ek, inoarren leaf te hawwen. 12Net ien hat God oait sjoen; as wy inoarren leafhawwe, bliuwt God yn ús en syn leafde is yn ús ta syn doel kommen. 13Dêr witte wy oan, dat wy mei Him ferbûn bliuwe en Hy mei ús: dat Er ús fan syn Geast jûn hat. 14Wy hawwe it sjoen en getuge derfan, dat de Heit de Soan stjoerd hat as Rêder fan ’e wrâld. 15Dy’t meistimt dat Jezus de Soan fan God is, – God bliuwt mei him ferbûn en hy mei God. 16Wy kenne en leauwe de leafde dy’t God foar ús hat. God is leafde, en dy’t de leafde bewarret, bliuwt mei God ferbûn en God mei him. 17Hjiryn komt by ús de leafde ta syn doel, dat wy frijmoedichheid hawwe de deis fan it oardiel, want lykas Kristus, sa libje wy ek yn dizze wrâld. 18Yn ’e leafde bestiet gjin bangens, nee, de folsleine leafde ferdriuwt de bangens, want bangwêzen hat te krijen mei straf, en dy’t bang is, is net folslein yn ’e leafde. 19Lit ús leafhawwe, omdat Hy ús earst leafhân hat. 20Dy’t seit dat er God leafhat, en likegoed dochs syn broer hatet, dat is in liger. Want dy’t syn broer dy’t er sjoen hat, net leafhat, kin God dy’t er net sjoen hat, ek noait leafhawwe. 21Dit gebod hawwe wy fan Him: dy’t God leafhat, moat ek syn broer leafhawwe.