Juda
1De soannen fan Juda wienen: Pêres, Chesron, Karmy, Chûr en Sjobal.
2Reäja, de soan fan Sjobal, wie de heit fan Jachat; Jachat fan Achûmaï en Lahad; dat binne de stagen fan ’e Soaratiten.
3Dit binne de soannen fan Etam: Jizreël, Jisjma en Jidbasj; har suster hiet Haslelpony. 4Penûel wie de heit fan Gedor, en Ezer fan Chûsja. Dat wienen de soannen fan Chûr, de earstlingssoan fan Efrata, de heit fan Betlehem.
5Assjûr, de heit fan Tekoä, hie twa froulju: Chêla en Naära. 6By Naära krige er Achûzzam, Chefer, de Temeniten en de Achasjtariten. Dat wienen de soannen fan Naära. 7De soannen fan Chêla wienen: Sêret, Jechozar en Etnan. 8Kos wie de heit fan Anûb, Hassobeba en de stagen fan Acharchel, de soan fan Harûm.
9En Jabes stie heger yn oansjen as syn bruorren. Syn mem hie him Jabes neamd, want – sei se – ik haw him mei smert te wrâld brocht. 10En Jabes rôp Israels God oan mei dizze wurden: O, dat Jo my dochs jo rynske segen jaan woenen en myn grinzen útlizze; lit jo hân my helpe en wol it ûnheil fan my keare, dat it my gjin fertriet docht. En God joech wat er frege hie.
11Kelûb, de broer fan Sjûcha, wie de heit fan Mechir, dy’t de heit fan Esjton is. 12Esjton waard heit fan Betrafa, Pazéäch en Techinna, de stamfaar fan ’e stêd Nachasj; dat binne de mannen fan Rekab. 13De soannen fan Kenas wienen: Otniël en Seraja; Otniëls soannen wienen Chatat en Meonotai. 14Meonotai wie de heit fan Ofra. Seraja wie de heit fan Joäb, de heit fan Gé-Charisjim, want it wienen hantwurkslju.
15De soannen fan Kaleb, de soan fan Jefûnne, wienen: Ir, Ela, Naäm; en de soan fan Ela wie Kenas.
16De soannen fan Jechallelel wienen: Sif, Sifa, Tirja en Asarel.
17De soannen fan Ezra wienen Jêter, Mêred, Efer en Jalon. En dit wienen de soannen fan Bitja, de dochter fan in Farao, dy’t Mêred as frou nommen hie; dy krige Mirjam, Sjammai en Jisjbach, de heit fan Esjtemoä. 18En by syn Judeeske frou krige er Jêred, de heit fan Gedor; Chêber, de heit fan Soko, en Jekûriël, de heit fan Sanoäch. 19De soannen fan ’e frou fan Hodia, de suster fan Nacham, wienen: de heit fan Keïla de Garmyt en Estemoä de Maäkabyt. 20De soannen fan Sjimon wienen Amnon, Rinna, Benchanan en Tilon. De soannen fan Jisjy wienen Sochet en Bensochet.
21De soannen fan Sela, Juda’s soan, wienen Er, de heit fan Leka, en Lada, de heit fan Maresja, en de stagen fan it hûs fan ’e linnenwevers fan Bet-Asjbéa. 22Ek Jokim en de mannen fan Kozeba, en Joäsj en Saraf, dy’t oer Moäb hearske hawwe en Jasjûby-Lêchem; mar dat is al in âld ferhaal. 23It wienen pottebakkers en se wennen yn Nataïm en Gedara; se wienen dêr by de kening en stienen yn syn tsjinst.
De stam fan Simeön
24De bern fan Simeön wienen Nemûel, Jamin, Jarib, Sêrach en Sjaûl; 25dy syn soan wie Sjallûm; dy syn soan Mibasam; dy syn soan Misjma. 26De soan fan Misjma wie Chammûel; dy syn soan wie Sakkoer; dy syn soan Sjimy. 27Sjimy hie sechstjin soannen en seis dochters; mar syn bruorren hienen net sa folle bern. Har hiele geslacht wûn sa hurd net oan as dat fan Juda syn soannen. 28Se wennen te Bersjêba, te Molada en te Chasar-Sjûal, 29te Bilha, te Esem, te Tola; 30te Betûel, te Chorma, te Siklag; 31te Bet-Markabot, te Chasar-Sûsim, te Bet-Biry en te Sjaäraïm. Dat wienen har stêden oant de tiid dat David kening waard. 32Har wenplakken wienen Etam en Ajin, Rimmon, Tokan en Asjan, fiif stêden; 33en alle útbuorrens dy’t om dy stêden hinne leinen, oant Baäl ta. Dêr wennen se en dêr lieten se har yn har famyljeregisters ynskriuwe.
34Mesjoba, Jamlek en Josja, de soan fan Amasia; 35Joël, Jehû de soan fan Josjibja, de soan fan Seraja, de soan fan Asiël; 36en Eljoënai, Jaäkoba, Jesjochaja, Asaja, Adiël, Jesimiël en Benaja; 37Siza de soan fan Sjify, de soan fan Allon, de soan fan Jedaja, de soan fan Sjimry, de soan fan Sjemaja. 38Dizze mannen, hjir mei namme neamd, wienen de foarmannen fan har stagen; har stamhuzen hienen tige oanwûn. 39Dêrom gongen se derop út om weide foar har keppels te sykjen fan de yngong fan Gedor ôf oan de eastkant fan ’e delling ta. 40Se fûnen dêr ek goed, fruchtber weidlân; it lân wie dêr oan alle kanten rom, stil en fredich; want de lju dy’t dêr foarhinne wenne hienen, wienen fan Cham. 41Dizze lju, dêr’t hjir de nammen fan te boek steane, kamen dêr yn ’e dagen fan kening Hizkía fan Juda, en sloegen de tinten fan ’e foarige bewenners del en ek de Meûniten dy’t se dêr fûnen. Se ferdylgen har sa folslein, dat der gjin spoar fan oerbleaun is en setten har op dy lju har plak nei wenjen; want dêr wie weidlân foar har keppels.
42Fan dizze Simeöniten teagen fiifhûndert man nei it berchlân Seïr: Pelatja, Neärja, Refaja en Oezziël, de soannen fan Jisjy wienen har foarmannen. 43Dy fersloegen wat fan ’e Amelekiten ûntkommen wie; se wenje dêr oan hjoed-de-dei ta.