De stam Rûben
1De neiteam fan Rûben, Israel syn earstlingssoan. Hy wie wol de earstlingssoan, mar om’t er it bêd fan syn heit skeind hat, is syn rjocht fan earstlingssoan oan de soannen fan Joazef, de soan fan Israel, jûn. Mar dy koe net yn it famyljeregister ynskreaun wurde as earstlingssoan; 2want Juda wie de machtichste ûnder syn bruorren en út him is in foarst opkommen, al hie Joazef dan it rjocht fan earstlingssoan krige. 3De soannen fan Rûben, Israel syn earstlingssoan, wienen Chanok en Pallû, Chesron en Karmy. 4De soannen fan Joël: syn soan Sjemaja, dy syn soan Gog, dy syn soan Sjimy; 5dy syn soan Mika, dy syn soan Reäja, dy syn soan Baäl; 6dy syn soan Beëara; dy is troch Tillegat-Pilnêser, de kening fan Assyrië, yn ballingskip fuortfierd; hy wie in foarman fan ’e Rûbeniten.
7Syn bruorren mei har geslachten, sa’t se nei har komôf yn ’e famyljeregisters ynskreaun waarden, wienen Jeïel, de oanfierder, en Sekarja, 8en Bêlam, de soan fan Azas, de soan fan Sjêma, de soan fan Joël. Dy wenne yn Aroër en oan de Nebo en Baäl-Méon ta. 9Op it easten rûn syn wenplak oan ’e râne fan ’e woestyn ta, diskant de rivier de Eufraat; want se hienen in soad fee yn it lân Gileäd. 10Yn ’e dagen fan Saul fierden se oarloch mei de Hagriïten; dy foelen troch har hân. Sa kamen sy yn dy har tinten te wenjen, de hiele eastkant fan Gileäd lâns.
11De soannen fan Gad wennen foar harren oer yn it lân Bazan oan Salka ta. 12Joël wie de oanfierder, Sjafan de twadde, dan Janaï en Sjafat yn Bazan. 13Har bruorren mei har stamhuzen wienen: Mikaël, Mesjûllam, Sjêba, Joarai, Jaëkan, Sia en Eber, sân. 14Dat wienen de soannen fan Abichaïl, de soan fan Choery, de soan fan Jaroäch, de soan fan Gileäd, de soan fan Mikaël, de soan fan Sjisjai, de soan fan Jachdo, de soan fan Bûs. 15Achy, de soan fan Abdiël, de soan fan Gûny, wie it haad fan har stamhûs. 16Se wennen yn Gileäd, yn Bazan en de plakken dy’t dêrûnder foelen en yn alle greiden fan Sjaron sa fier’t dy mar rûnen. 17Dy allegearre binne yn ’e famyljeregisters ynskreaun yn ’e dagen fan kening Jotam fan Juda en yn ’e dagen fan kening Jerobeäm fan Israel.
18De soannen fan Rûben, de Gaditen en de heale stam Manasse hienen 44.760 tsjinstplichtigen, striidbere mannen, dy’t skyld en swurd drage en bôgespanne koenen en yn it fjochtsjen ûnderlein wienen. 19Se fierden oarloch tsjin de Hagriïten, Jetûr, Nafisj en Nodab; 20en krigen safolle help, dat de Hagriïten en al har meistanners foelen har yn hannen. Want yn ’e striid rôpen se God oan, en Hy liet Him fan har ferbidde, om’t se op Him betrouden. 21Se fierden it fee fan ’e Hagriïten fuort: 50.000 fan har kamielen, 250.000 skiep en 2000 ezels; en oan minsken 200.000 man. 22Want der wienen gâns dearekke, om’t God de striid besljochte. Sa kamen se op dy lju har plak te wenjen oan ’e ballingskip ta.
De stam East-Manasse
23De neiteam fan ’e heale stam Manasse wenne yn it lân dat rint fan Bazan ôf oan Baäl-Hermon, de Senir en de berch Hermon ta. Hja wienen wit-hoe-machtich. 24Dit wienen de haden fan har stamhuzen: Efer, Jisjy, Eliël, Azriël, Jirmeja, Hodawja en Jachdiël; sterke striidbere mannen, ferneamde mannen, haden fan har stamhuzen.
25Mar se waarden de God fan har foarfaars ûntrou en huorken achter de goaden fan ’e folken fan it lân oan, dy’t God foar har eagen ferdylge hie. 26Dêrom sette Israels God kening Pûl fan Assyrië, te witten – Tillegat-Pilnêser fan Assyrië tsjin harren op, dat dy fierde harren de ballingskip yn: de Rûbeniten, de Gaditen en de heale stam Manasse; en hy brocht harren nei Chalach, Chabor, Hara en nei de rivier de Gozan, dêr’t se oant hjoed-de-dei tahâlde.
Levy: a) de Sadokiten
27De soannen fan Levy wienen Gersjom, Kehat en Merary. 28De soannen fan Kehat wienen Amram, Jishar, Chebron en Oezziël. 29De bern fan Amram wienen Aäron, Mozes en Mirjam. De soannen fan Aäron wienen Nadab en Abihû, Eleäzar en Itamar.
30Eleäzar wie de heit fan Pinechas; Pinechas fan Abisjûa. 31Abisjûa fan Bûky; Bûky fan Oezzy. 32Oezzy fan Serachja; Serachja fan Merajot. 33Merajot fan Amarja; Amarja fan Achitûb. 34Achitûb wie de heit fan Sadok, Sadok fan Achimaäs, 35Achimaäs fan Azarja, Azarja fan Jochanan, 36Jochanan fan Azarja; dat wie de man dy’t de prystertsjinst die yn it hûs dat Salomo boude. 37Azarja wie de heit fan Amarja, Amarja fan Achitûb, 38Achitûb fan Sadok, Sadok fan Sjallûm, 39Sjallûm fan Chilkía, Chilkía fan Azarja, 40Azarja fan Seraja, Seraja fan Jósadak. 41Jósadak moast mei, doe’t de Heare Juda en Jeruzalem yn ballingskip brocht troch de macht fan Nebûkadnessar.