It leger en syn oanfierders
1Dit is de list fan ’e Israeliten: de haden fan stamhuzen en oanfierders fan tûzen- en hûndertskippen mei har amtslju. Hja stienen yn tsjinst fan ’e kening foar alles wat de ôfdielings oanbelange. Alle moannen losten dy inoar ôf, it hiele jier troch. Elke ôfdieling bestie út 24.000 man.
2Oer de earste ôfdieling, dy foar de earste moanne, stie Jasjobam, de soan fan Sabdiël. By syn ôfdieling hearden 24.000 man. 3Hy wie ien fan ’e soannen fan Pêres en stie boppe alle legeroanfierders foar de earste moanne. 4Oer de ôfdieling fan ’e twadde moanne stie Dodai de Achochyt; by syn ôfdieling hearde ek de befelhawwer Miklot. By syn ôfdieling hearden 24.000 man. 5De tredde legeroanfierder, dy foar de tredde moanne, wie Benaja, de soan fan hegepryster Jojada. By syn ôfdieling hearden 24.000 man. 6Dyselde Benaja wie ien fan de tritich helden en de oanfierder dêrfan; dêrom stie syn soan Ammizabad oer syn ôfdieling. 7De fjirde, dy foar de fjirde moanne, wie Asahel, Joäb syn broer en nei him syn soan Sebadja. By syn ôfdieling hearden ek 24.000 man. 8De fyfte, dy foar de fyfte moanne, wie oanfierder Sjamhût, de Jisrachyt. By syn ôfdieling hearden ek 24.000 man. 9De sechste, dy foar de sechste moanne, wie Ira, de soan fan Ikkesj, de Tekoyt. By syn ôfdieling hearden ek 24.000 man. 10De sânde, dy foar de sânde moanne, wie Chêles, de Pelonyt, ien út ’e neiteam fan Efraïm. By syn ôfdieling hearden ek 24.000 man. 11De achtste, dy foar de achtste moanne, wie Sibbekai, de Chûsjatyt, ien fan ’e Sarchiten. By syn ôfdieling hearden ek 24.000 man. 12De njoggende, dy foar de njoggende moanne, wie Abiêzer, de Anatotyt, ien fan ’e Benjaminiten. By syn ôfdieling hearden ek 24.000 man. 13De tsiende, dy foar de tsiende moanne, wie Maherai, de Netofatyt, ien fan ’e Sarchiten. By syn ôfdieling hearden ek 24.000 man. 14De alfte, dy foar de alfte moanne, wie Benaja, de Piratonyt, ien út ’e neiteam fan Efraïm. By syn ôfdieling hearden ek 24.000 man. 15De tolfte, dy foar de tolfte moanne, wie Cheldai, de Netofatyt út it laach fan Otniël. By syn ôfdieling hearden ek 24.000 man.
De haden fan ’e tolve stammen
16Oer de stammen fan Israel stienen as befelhawwers: oer de Rûbeniten Eliêzer, de soan fan Sikry; oer de Simeöniten Sjefatja, de soan fan Maäka; 17oer Levy Chasjabja, de soan fan Kemûël; oer Aäron Sadok; 18oer Juda Elihû, ien fan Davids bruorren; oer Issaskar Omry, de soan fan Mikaël; 19oer Sebûlon Jisjmaja, de soan fan Obadja; oer Naftaly Jerimot, de soan fan Azriël; 20oer de neiteam fan Efraïm Hosjéa, de soan fan Azasja; oer de heale stam fan Manasse Joël, de soan fan Pedaja; 21oer de helte fan Manasse-yn-Gileäd: Jiddo, de soan fan Sekarja; oer Benjamin Jaäsiël, de soan fan Abner; 22oer Dan Azarel, de soan fan Jerocham. Dat wienen de oanfierders fan ’e stammen fan Israel.
23David hat lykwols it tal fan harren dy’t tweintich jier en jonger wienen net opnimme litten. Want de Heare hie sein, hy soe Israel sa machtich meitsje as de stjerren oan de himel. 24Joäb, de soan fan Serûja, wie wol mei tellen út ein set, mar hy hie it net ta in ein brocht, want troch dat tellen wie Gods grime oer Israel kommen. Dêrom is dat tal net opnommen yn ’e kroniken fan kening David.
Fierdere amtslju fan David
25Oer de foarrieden fan ’e kening gong Azmawet, de soan fan Adiël, en oer de foarrieden bûtenút, yn ’e stêden, yn ’e doarpen en yn ’e tuorren, Jonatan, de soan fan Gizzía. 26Oer it folk dat de grûn beärbeidzje moast, gong Ezry, de soan fan Kelûb. 27Oer de wyngerds gong Sjimy, de Ramatyt, en oer de wynfoarrie dy’t yn ’e wyngerds opslein wie, Sabdy, de Sjifmyt. 28Oer de olivebeammen en wylde figebeammen yn it leechlân gong Baäl-Chanan, de Gederyt; oer de oaljefoarrieden Joäsj. 29Oer de kij dy’t yn Sjaron weiden, gong Sjitrai, de Sjaronyt, en oer de kij yn ’e dellingen Sjifat, de soan fan Adlai. 30Oer de kamielen gong Obil, de Ismaelyt, en oer de ezelinnen Jechija, de Meronotyt. 31Oer it lytsfee gong Jazis, de Hagryt. Dat wienen allegearre hege amtslju, dy’t it behear hienen oer it besit fan kening David.
32Jonatan, David syn neef, wie riedshear, in kundich man, dy’t him tige mei de pinne rêde koe. Hy en Jechiël, de soan fan Hakmony, hâlden har dwaande mei de kening syn soannen. 33Achitofel wie ek riedshear fan de kening, en Chûsai, de Arkyt, wie de kening syn freon. 34Nei Achitofel kamen Jojada, de soan fan Benaja, en Abjatar. Befelhawwer oer it leger fan ’e kening wie Joäb.