Regeling foar de poartewachters
1Wat de yndieling fan ’e poartewachters oangiet: fan ’e Korachiten: Mesjêlemja, de soan fan Koaree, ien fan ’e soannen fan Asaf; 2Mesjêlemja syn soannen: Sekarja, de earstlingssoan, Jedaïel, de twadde, Seladja, de tredde en Jatniël, de fjirde; 3Elam, de fyfte, Jechochanan, de sechste, Eljehoënaí, de sânde; 4Obed-Edom syn soannen: Semaja, de earstlingssoan, Jozabad, de twadde, Joäch, de tredde, Sakar, de fjirde en Netanel, de fyfte, 5Ammiël, de sechste, Issjakar, de sânde, Peûlletai, de achtste. Ja, God hie him segene. 6Syn soan Semaja krige soannen, mannen dy’t yn har stamhûs gâns te sizzen hienen, want it wienen mannen fan oansjen. 7Semaja syn soannen: Otny, Refaël, Obed, Elzabad en syn bruorren, lju fan oansjen: Elihû en Semakja. 8Dat wienen allegearre neikommelingen fan Obed-Edom, sysels, har soannen en har bruorren, lju fan oansjen, berekkene foar de tsjinst, twaënsechstich mei-inoar, út it skaai fan Obed-Edom; 9fan Mesjêlemja, syn soannen en bruorren, lju fan oansjen, achttjin mei-inoar; 10fan Chosa, ien fan ’e soannen fan Merary, de soannen: Sjimry, it famyljehaad – alhoewol’t er net de earstlingssoan wie, hie syn heit him oan it haad fan ’e famylje set – 11Chilkía, de twadde, Tebalja, de tredde, Sekarja, de fjirde; mei-inoar trettjin, al de soannen en bruorren fan Chosa.
12Dy ôfdielings fan ’e poartewachters, neffens de famyljehaden yndield, hienen krektlike goed as har bruorren, de tsjinst waar te nimmen yn it hûs fan de Heare. 13Troch lotsjen waard útmakke, oer wat poarte de stamhuzen de wacht krigen; dat gou foar allegearre sûnder ûnderskie. 14Foar de easterpoarte foel it lot op Sjêlemja. Syn soan Sekarja, dat in ferstannich riedsman wie, lotten se ek foar. Syn lot foel op ’e noarderpoarte; 15Obed-Edom sines op ’e suderpoarte en syn soannen harres op ’e opslachromte; 16Sjûppim en Chosa harres op ’e westerpoarte mei de dwingerpoarte derby, oan ’e wei dy’t oprint. 17Op it easten stienen dei oan dei seis leviten, op it noarden fjouwer, op it suden fjouwer en by de opslachromte hieltyd twa; 18by it bygebou op it westen stienen fjouwer oan ’e wei en twa by it gebou sels. 19Dat wienen de ôfdielings fan ’e poartewachters út ’e soannen fan ’e Koarachiten en út Merary syn soannen.
De skatbewarders
20Har bruorren, de leviten dy’t oer de skatten fan Gods hûs en oer de wijjeften gongen, wienen 21de soannen fan Ladan, de Gersjonyt, dat wol sizze de haden fan ’e stamhuzen fan Ladan de Gersjonyt: Jechiëly, 22de soannen fan Jechiëly, Setam en syn broer Joël; dy gongen oer de skatten fan it hûs fan de Heare. 23Fan ’e Amramiten, de Jishariten, de Chebroniten en de Azziëliten 24wie Sjebûel, de soan fan Gersjom, de soan fan Mozes, opperskatbewarder. 25En wat syn famylje – Eliêzer syn neiteam – oangiet, dy syn soan wie Rechabja; dy syn soan Jesjaja; dy syn soan Joaran en dy syn soan wie Sjelomit. 26Dyselde Sjelomit en syn bruorren gongen oer alle wijjeften dy’t kening David en de haden fan ’e stamhuzen, de kommandanten oer tûzen- en oer hûndertskippen en de legerkommandanten, skonken hienen; 27dy hienen se skonken út ’e oarlochsbút, om it hûs fan de Heare gloarje te jaan. 28Fierders stie alles wat de sjenner Samuël, Saul, de soan fan Kisj, Abner, de soan fan Ner, en Joäb, de soan fan Serûja, of wa oars ek mar skonken hie, ûnder tafersjoch fan Sjelomit en syn bruorren.
29Fan ’e Jishariten wienen Kenaja en syn soannen rjochter en amtners oer Israel foar de saken dy’t bûten de timpel omgongen. 30Fan ’e Chebroniten moasten Chasjabja en syn bruorren, 1700 lju fan oansjen, derop tasjen dat Israel bewesten de Jordaan it wurk foar de Heare en de tsjinst oan ’e kening trou waarnaam. 31Fan ’e Chebroniten wie Jería it haad; yn it fjirtichste jier fan David syn keningskip is der ûndersyk dien nei de neiteam en de stamhuzen fan ’e Chebroniten en doe die bliken, dat der ûnder harren mannen fan oansjen wienen te Jazar yn Gileäd. 32Syn bruorren wienen lju fan oansjen: 2700 haden fan stamhuzen; kening David stelde se oer de Rûbeniten, de Gaditen en de heale stam fan Manasse, yn alle saken fan ’e godstsjinst en fan it keninkryk.