It fjirde fizioen: Josjûa wurdt suvere
1Doe liet Er my sjen, hoe’t hegepryster Josjûa foar de ingel fan de Heare stie, mei de grutte Fijân oan syn rjochterside om him dwers te sitten. 2Mar de (ingel fan de) Heare spriek tsjin de Fijân: Mei de Heare dy ferbiede, Fijân! Ja, mei de Heare dy’t Jeruzalem útkeazen hat, dy ferbiede! Is dizze man net in brânend stik hout dat út it fjoer skuord is? 3Josjûa hie smoarge klean oan, doe’t er foar de ingel stie. 4Dy naam it wurd en sei tsjin dy’t foar him ree stienen: Doch him dy smoarge klean út! Tsjin Josjûa sei er: Sjoch, ik nim dy dyn skuld ôf. Ik doch dy skjinne klean oan. 5Doe sei ik derby: Lit se him ek in skjinne tulbân op ’e holle sette. Doe setten se him in skjinne tulbân op en dienen him de klean oan, wylst de ingel derby stie. 6Doe bûn de ingel Josjûa dit op it hert: 7Dit hat de Heare Almachtich te sizzen:
Asto myn wegen giest en myn tsjinst trou waarnimst,
oer myn hûs giest en wacht hâldst oer myn foarhôven,
dan jou Ik dy it frij omgong te hawwen mei dy’t hjir steane.
In heilsútspraak
8Harkje no goed, hegepryster Josjûa,
dosels en dyn meiprysters dy’t foar dy sitte,
want jimme hjir binne de hoeders fan it teken
dat Ik myn Tsjinner, de Sprút, komme lit.
9Sjoch, de stien dy’t Ik ta Josjûa syn beskikking set,
dy iene stien rêste sân eagen
en Ik sil sels it ynskrift deryn ritse
– is de godsspraak fan de Heare Almachtich;
yn ien dei sil Ik dit lân syn skuld ôfnimme.
10Dyselde deis – is de godsspraak fan de Heare Almachtich –
sille jimme inoar oer en wer útnoegje ûnder de wynstôk en ûnder de figebeam.