1Dy deis sil der foar it hûs David en foar dy fan Jeruzalem in welle iepengean om alle sûnde en ûnreinens fuort te spielen.
It útbannen fan ôfgoaden en falske profeten
2Dy deis sil Ik – sa is de godsspraak fan de Heare Almachtich – yn it hiele lân de ôfgoaden opromje; se sille net mear oanroppen wurde; de profeten en de ûnsuvere geast reagje Ik ek it lân út. 3As der dan noch ien trochgiet mei syn profeterij, dan sille syn bloedeigen heit en mem tsjin him sizze: Do hast dyn libben ferspile, want do hast stien te ligen yn ’e namme fan de Heare. En syn bloedeigen heit en mem sille him deastekke, as er stiet te profetearjen. 4Dy deis sil elke profeet dy’t stiet te profetearjen, him skamje foar syn fizioen; se sille de hierren mantel net mear oandwaan om de lju te ferrifeljen. 5Mar hy sil sizze: Ik bin hielendal gjin profeet, mar boerearbeider; de boer hat my al wûn, doe’t ik in jonge wie. 6En as ien him dan freget: Mar wat binne dat dan foar groeden op dyn rêch? – dan seit er: Sa ha se my slein, doe’t ik ris by myn freonen yn ’e hûs wie.
Bedriging tsjin ’e hoeder
7Swurd, wurd wekker en kear dy tsjin myn hoeder,
tsjin ’e man dy’t My nei stiet – is de godsspraak fan de Heare Almachtich –.
Slach de hoeder, en de keppel rekket fersille;
mar Ik sil myn beskermjende hân nei de lytsen ta keare.
8Want it sil it hiele lân troch sa wêze
– is de godsspraak fan de Heare –
dat twa tredde part útroege wurdt en weirekket;
der bliuwt mar ien tredde part fan oer
9en dat tredde part doch Ik yn it fjoer;
Ik suverje har út, sa’t men sulver útsuveret,
en Ik lotterje har, sa’t men goud lotteret.
Dan sille se myn namme oanroppe
en Ik sil har bea ferhearre
en sizze: Dit is myn folk,
en sij sille sizze: De Heare, ús God.