1Foar jo hilligen wie der lykwols in hiel grut ljocht.
De Egyptners dy’t harren wol hearden mar net sjen koenen,
neamden har gelokkich, omdat sij net sa’n lijen hân hienen,
2en se wienen harren tankber, omdat se gjin wraak namen foar de minne behanneling;
se fregen har, by wize fan geunst, no elk syn eigen wegen te gean.
3Ynstee fan dy tsjusternis joegen Jo jo folk in ljochtsjende pylder as paadwizer op ’e reis yn ’t ûnbekende,
in sinne dy’t har net ferskroeie soe op har romrike tocht yn ’e frjemdte.
4Har fijannen fertsjinnen dûbeld en dwers, dat se sûnder ljocht yn it tsjuster fêst sieten,
se hienen jo folk ommers ek fêsthâlden,
it folk dat it ûnfergonklike ljocht fan de Wet oan ’e wrâld trochjaan soe.
5Om’t se fan doel west hienen de lytse bern fan jo hillich folk te deadzjen,
– ien jonkje waard út ’e wei brocht en bleau behâlden –
hawwe Jo as straf derfoar har al har bern ôfnommen
en harren allegearre omkomme litten yn ’e wylde weagen.
6Dy nacht wienen ús foarâlden foartiid foar warskôge;
sa koenen se fol moed wêze, wis as se no wienen fan ’e beloften dêr’t se op fertrouden.
7Jo folk libbe altiten al yn ’e ferwachting dat de deugdsumen rêden en har fijannen ombrocht wurde soenen.
8Mei’t Jo ús fijannen ôfstraften hawwe Jo ús by Jo roppen en ferhearlike.
9Yn ’t ferburgene brochten de fromme soannen út in deugdsum laach har offers
en ienriedich leinen de hilligen harsels de godlike ferplichting op,
dat se segeningen en gefaren lykop mei-inoar parte soenen;
derby songen se al de loflieten fan ús âlden.
10It wylde geraas fan har fijannen klonk der dwers tsjinyn,
in kleiende rop om har bern, dy’t dêr fersille leinen.
11Slaaf en hear krigen deselde straf,
kening en gewoane man ûndergongen itselde lot.
12Allegearre hienen se krekt-en-gelyk har deaden,
ûntelber en op ’e selde wize oan har ein kommen.
Der wienen gjin genôch libbenen om se te begraven;
yn ien slach wie har hiele skoandere neiteam omkommen.
13Fol fertrouwen op har tsjoenderskeunsten hienen se nearne oan leaud,
mar by de dea fan har earstlingssoannen woenen se wol tajaan,
dat ús folk God as heit hie.
14Doe’t rêst en stilte oer alles hinne lei
en in rêde nacht op ’e helte fan syn baan kommen wie,
15fleach jo almachtich wurd fan ’e himelske keningstroan
en sprong as in ûnferbidlik strider midden yn ’t lân dat foar de dea opskreaun wie.
16Hy droech it skerpe swurd fan jo ûnferwrikber beslút.
Dêr stie er ... en de deaden foelen oeral om him hinne,
hy roerde de himel oan, de fuotten op ’e grûn.
17Ynienen besetten yslike dreamgesichten harren,
ûnferwachts kamen skrikbylden op har ôf.
18En doe’t se healdea tsjin ’e grûn sloegen, de iene hjir, de oare dêr,
doe wisten se skoan, wêrom’t se stjerre moasten.
19Dy dreamen dy’t har pleagen, hienen ’t har foartiid al leard,
want se mochten net stjerre sûnder te witten, wêr’t dit lijen foar wie.
20Lykwols, Gods folk krige ek mei de dea te dwaan,
mannichien waard delslein yn ’e woestyn,
mar de godlike grime duorre net lang.
21Al gau naam in ûnbesprutsen man it foar harren op,
hy brûkte de wapens fan syn prysterskip:
it gebed en it fersoenjende reekoffer.
Hy gong tsjin de Grime yn en makke in ein oan ’e ramp,
sa liet er sjen, dat er jo tsjinner wie.
22Hy waard de besiking baas; net troch lichemskrêft,
net troch macht fan wapens,
mar troch syn gebed wist er de Bestraffer del te bêdzjen,
en troch Him de eden en ôfspraken mei de foarâlden yn ’t sin te bringen.
23Doe’t der al hopen liken opinoar leinen,
kaam hy dertusken, kearde de oanfal
en skoattele it paad nei de libbenen ôf.
24Op syn mantel, dy’t oan ’e fuotten ta rikte, stie de hiele wrâld ôfbylde,
yn fjouwer rigels edelstiennen wienen de nammen fan ’e foarâlden kurven
en oer de diadeem op syn holle lei jo majesteit.
25Dêr gong de Ferdylger foar omlizzen, dêr waard er bang fan,
in priuwke fan ’e grime koe ’t wol mei ta.