Opskrift
Dit is it libbensferhaal van Tobit, soan fan Tobiël, soan fan Ananiël, soan fan Gabael, út ’e neiteam fan Aziël fan ’e stam Naftaly. Yn ’e tiid fan Salmanassar, kening fan ’e Assyriërs, wie er ferballe út Tisbe, in plak dat besuden Kêdesj leit yn Naftaly yn Galiléa, boppe Hazor.
Tobit yn Ninevé
Ik, Tobit, haw my myn hiele libben lang hâlden oan earlikens en rjochtfeardichheid. Ik haw myn bruorren en myn lânslju dy’t mei my reizge binne nei Ninevé, yn it lân fan ’e Assyriërs, in bulte goeddien. Doe’t ik noch jong wie, thús yn Israel, ferbruts de hiele stam fan myn stamheit Naftaly de bân mei it hillich stee yn Jeruzalem, de stêd dy’t troch hiele Israel útkeazen wie as offerplak foar alle stammen. Dêr wie in timpel boud en ynwijd as wenplak fan ’e Allerheechste foar alle kommende geslachten. Al de stammen dy’t ôffallen wienen, ek it hiele hûs fan myn foarfaar Naftaly, allegear brochten se it keal Baäl har offer. Ik wie de iennichste dy’t mannich kear foar de feesten nei Jeruzalem reizge mei de earstelingen fan lân en fee, it tsiendepart fan al wat der groeide en de nije skieppewolle, sa’t dat hiele Israel foar altiten oplein is. Dat joech ik dan oan ’e prysters, de soannen fan Aäron, om it te offerjen op it alter dêr’t al wat groeit, op offere wurdt. Ien tsiendepart joech ik oan ’e leviten, dy’t de tsjinst waarnamen yn Jeruzalem. It twadde tsiendepart ferkocht ik. Wat it opbrocht, joech ik yn Jeruzalem út, alle jierren wer. It tredde tsiendepart joech ik oan in minske dy’t dat neffens Deboara, myn beppe fan heite kant, takaam. Nei it ferstjerren fan ús heit wie ik as wees by har achterbleaun. Doe’t ik folwoeksen wie, troude ik mei Anna, in frou út ús eigen famylje. By har krige ik Tobías.
Yn Ninevé, dêr’t ik as balling terjochte kaam, ieten al myn stambruorren en lânslju it iten fan ’e heidens. Ik paste dêr wol foar op. Mei hiel myn hert bleau ik God yndachtich. De Allerheechste joech my in freonlik en kreas foarkommen en soarge sa dat ik by Salmanassar yn ’e geunst kaam en syn ynkeaper waard. Geregeld reizge ik nei Medië en dêr haw ik op in kear tsien sulveren talinten oan Gabael te bewarjen jûn, in broer fan Gabria, yn Ragau.
Doe’t Salmanassar stoarn wie, kaam syn soan Sanherib foar him yn ’t plak as kening. Dy gong nuvere wegen en sadwaande koe ik net langer nei Medië tareizgje. Yn ’e tiid fan Salmanassar haw ik hiel wat foar myn bruorren dien; ik joech dy’t honger hienen, brea, dy’t der neaken by rûnen, klean, en as ik seach, dat it lyk fan ien út ús folk achter de muorre fan Ninevé delsmiten wie, soarge ik, dat it begroeven waard. Ek doe’t kening Sanherib op syn flecht út Judéa wei lju fermoardzje liet, begroef ik de liken temûk. Dat wienen noch al wat, want hy wie poer. De kening liet der wol om sykje, mar se wienen net mear te finen. Ien fan ’e Nineviten lykwols brocht de kening oer, dat ik se begroef. Ik ferskûle my; mar doe’t ik gewaar waard, dat se achter my oan sieten, en my om hals bringe woenen, waard ik sa bang, dat ik makke dat ik fuort kaam. Alles wat ik hie, is doe yn beslach nommen. Ik hold oars net oer as myn frou Anna en myn soan Tobías.
Noch gjin fyftich dagen letter waard Sanherib fermoarde troch syn beide soannen. Dy namen doe de wyk nei de Araratbergen. Syn soan Esarhaddon folge him op. Dy stelde Achikar, in soan fan myn broer Anael, oer alle jildmiddels fan it ryk; it hiele behear kaam op syn noed. No, Achikar die in goed wurdsje foar my en sa kaam ik wer yn Ninevé. Achikar wie wynskinker fan it hof, segelbewarder, kânselier en skatmaster. Esarhaddon hie him oansteld as twadde man yn it ryk en it wie in omkesizzer fan my.