Bring harren yn ’t sin dat se har deljaan moatte ûnder de macht fan ’e oerheden, dat se nei it gesach harkje en ree binne ta alle goed wurk. Se meie net ien berabje, gjin spul meitsje, mar se moatte ynskiklik wêze en alle minlikens betoane oan alle minsken.
Want wy hawwe ek sels ienris ûnwittend west, tsjin God yn, op ’e doele en slij nei allerhanne begearten en lusten; wy libben yn ferkeardens en oergeunst, wy haten oaren en oaren haten ús. Mar doe is de goedens en minskeleafde fan God, ús Ferlosser, ferskynd en Hy hat ús ferlost. Dat wie net om’t wy it sa goed dien hawwe soenen, mar Hy die it fanwegen syn barmhertichheid. Sa hat Er ús ferlost troch it bad fan ’e werberte en fan ’e fernijing troch de hillige Geast. Dy hat Er yn oerfloed oer ús útgetten troch Jezus Kristus, ús Ferlosser. It wie syn doel dat wy sa, troch syn genede frijsprutsen, erfgenamten wurde soenen fan it ivige libben, dêr’t wy op hoopje.
Dat is in wier wurd en ik wol datsto rjocht foar dy dingen útkomst. Wa’t har betrouwen op God set hawwe, moatte har derop útlizze om út te blinken yn goede dieden. Want dat is goed en nuttich foar de minsken. Mar mij dwaze harsenskraberij en stamlisten, rûzje en striid oer de wet. Want dy binne sûnder doel en sûnder sin. Set in ketter ien of twa kear te plak en lûk dan de hannen fan him ôf. Do kinst der wis fan wêze, dat sa’n ien it paad alhiel bjuster is en aloan sûndiget, wylst er himsels feroardielet.
Persoanlike meidielings; groetenis
As ik Artemas of Tychikus nei dy tastjoer, kom dan sa gau mooglik by my yn Nikopolis. Want ik haw my foarnommen, dêr de winter oer te bliuwen. Ris Senas, de rjochtsgelearde, en Apollos mei soarch út foar de reis, dat se alles ta har foldwaan hawwe. Ek ús minsken moatte leare om mei goede dieden by te dragen ta it nedige ûnderhâld; se moatte wat bedije. De groetenis fan allegearre dy’t by my binne. Doch de groetenis oan harren dy’t ús yn it leauwen leafhawwe. De genede wês mei jimme allegearre.