1– Ik bin yn myn hôf kommen,
myn famke, myn breid,
ik haw myn mirre en balsem plôke,
ik haw myn skiven en hunich iten,
ik haw myn wyn en molke dronken.
Yt, freonen, drink
en wurd dronken fan leafde.
It ferlangst fan ’e breid
2Ik sliepte, mar myn hert wie wekker;
hark, dêr kloppet myn leafste:
– Doch my iepen, myn famke, myn freondinne,
myn doke, myn folsleine,
want myn holle is trochwiet fan ’e dauwe,
myn lokken binne fol drippen fan ’e nacht.
3– Ik haw de klean al út,
hoe soe ik se no wer oandwaan?
Ik haw de fuotten al wosken,
hoe soe ik se no wer smoarch meitsje?
4Myn leafste stiek de hân troch it lûkje,
dat ik rekke alhiel oerstjoer.
5Ik gong oerein om myn leafste iepen te dwaan.
Myn hannen dripten fan mirre,
myn fingers fan rinnende mirre
op ’e nokke fan ’e skoattel.
6Ik die de doar foar myn leafste iepen,
mar myn leafste wie fuort, hy wie der net mear.
Ik swymde om wat er dien hie;
ik socht him, mar ik fûn him net,
ik rôp him, mar hy joech my gjin antwurd.
7De wachters troffen my,
doe’t se de stêd trochkrûsten;
se sloegen my en besearden my,
se skuorden my de mantel út,
de wachters op ’e muorren.
De breid en de dochters fan Jeruzalem
8– Ik beswar jimme, fammen fan Jeruzalem,
as jimme myn leafste treffe,
fertel him dan dochs,
dat ik siik fan leafde bin.
9– Wat hat dyn leafste foar op in oarenien,
do moaiste fan ’e froulju?
Wat hat dyn leafste foar op in oarenien,
datsto ús sa beswarre moatst?
10– Myn leafste is blank en read,
Hy rint der noch út tusken tsien tûzen.
11Syn holle is klearebare goud,
syn lokken binne palmtûken,
swart as de ravens.
12Syn eagen binne as dowen by wetterbeken,
dy’t yn ’e molke baaie
en by in felle fiver sitte.
13Syn wangen binne balsembêden,
perken mei krûden,
syn lippen binne leeljes,
dy’t drippe fan ’e mirre.
14Syn earmen binne gouden rôlen,
beset mei Tarsjisjstiennen,
syn lichem is in keunstwurk fan ivoar
bedutsen mei saffieren.
15Syn skonken binne wytmoarmeren stilen
op fuotstikken fan suver goud.
Syn foarkommen is as de Libanon,
treflik as de sederbeam.
16Syn ferwulft is kleare swietichheid,
alles oan him is begearlik.
Sa is myn leafste, sa is myn freon,
o fammen fan Jeruzalem.