Wat fan Israel oerbleaun is
1No freegje ik: God hat syn folk dochs net ferstjitten? Ut-noch-yn net. Want sels bin ik ek in Israelyt, in ôfstammeling fan Abraham, út ’e stam fan Benjamin. 2God hat syn folk, dat Er tefoaren útkeazen hie, net ferstjitten. Of witte jimme net, wat de Skrift seit yn it ferhaal oer Elía, hoe’t er Israel by God oanklage:
3Heare, se hawwe jo profeten deaslein,
jo alters ferrinnewearre
en ik bin mar allinnich mear oer;
en se hawwe it op myn libben begrepen?
4Mar hokker Godsspraak krige er? Dizze: Ik haw foar Mysels sântûzen minsken oerlitten, dy’t de knibbels net foar Baäl bûgd hawwe. 5Krektsa is der ek op dit stuit in stealtsje oerbleaun, om’t God dat yn syn genede útkeazen hat. 6As it no út genede is, dan is it net mear út goede dieden, want oars soe de genede gjin echte genede mear wêze.
7Wat folget dêr út? Israel hat net krige wat it socht, allinne it diel dat útkeazen wie, hat it krige, mar de oaren binne yn it kwea behurde. 8Sa’t beskreaun stiet:
God hat har in sleauwe geast jûn,
eagen dêr’t se net mei sjen kinne,
earen dêr’t se net mei hearre kinne,
oan hjoed-de-dei ta.
9En David seit:
Har tafel mei har in strûp wurde en in falle,
in stroffelstien en in straf,
10de eagen meie har fertsjustere wurde dat se net sjogge,
kromje har de rêch foargoed.
It behâld fan ’e heidenen
11Ik freegje dêrom: Hja binne dochs net stroffele om’t God woe, dat se foelen? Ut-noch-yn net. Mar troch har fal hawwe de heidenen it behâld krige om Israel oergeunstich te meitsjen. 12As no har fal rykdom foar de wrâld betsjut, en har tebeksetten rykdom foar de heidenen, nammerstemear sil dat sa wêze, as har folle tal der by heart.
13Ik haw it tsjin jimme, heidenen. Ynsafier’t ik in apostel fan ’e heidenen bin, besykje ik yn myn tsjinst Gods eare te iepenbierjen. 14Faaks kin ik sa myn eigen fleis en bloed oergeunstich meitsje en inkelden fan har rêde. 15Want as sy fersmiten wurde, betsjut dat de fermoedsoening fan ’e wrâld. Wat betsjut it dan as se oannommen wurde? Oars net as libben út ’e deaden!
16As de earstelingen fan it moal hillich binne, dan ek it hiele daai. En as de woartel hillich is, dan ek de tûken. 17Guon tûken binne der ôfbrutsen, mar do, al kaamst fan in wylde olivebeam, bist dertusken inte en no dielsto mei yn it sop fan ’e woartel fan ’e olivebeam. 18Do moatst net tinke, datst mear bist as de tûken. Soest dat al dwaan, betink dan: Do draachst net de woartel, mar de woartel dij. 19Do seist miskien: Der binne tûken ôfbrutsen, dat ik derop inte wurde soe. 20Bêst! Om’t se net leauden, binne dy derôf brutsen, mar do bliuwst allinne troch dyn leauwen oerein. Haw it dan net heech yn ’e holle, mar haw ûntsach foar God. 21Want as God de tûken dy’t oan ’e beam groeid binne, net sparre hat, dan sil Er dij ek net sparje.
22Sjoch dêrom, hoe goed, mar ek hoe strang oft God is. Strang foar harren dy’t ôffallen binne, mar goed is God foar dij, asto oan syn goedens fêsthâldst. Oars silsto der ek ôfkappe wurde. 23En de oaren sille, as se net oan har ûnleauwen fêsthâlde, wer inte wurde. Want God hat it yn ’e macht en intsje har wer. 24Do bist ôfkappe fan ’e wylde olivebeam dêrst fan natuere by hearst en tsjin ’e natuer inte op ’e nuete olivebeam. Nammerste makliker sille sij dy’t der fan natuere by hearre dan inte wurde op har eigen olivebeam.
Israel wurdt wer oannommen
25Jimme moatte net op eigen ynsjoch te seil gean. Dêrom wol ik, myn bruorren, dat jimme net ûnkundich wêze sille fan dizze ferburgenheid: Foar in part is der in ferhurding oer Israel kommen, oant it folle tal fan ’e heidenen yngien is. 26En sa sil hiele Israel rêden wurde, sa’t beskreaun stiet:
Ut Sion sil de Ferlosser komme,
Hy sil alle goddeleazens fan Jakob ôfnimme.
27En dit is myn ferbûn dat Ik mei harren slute sil,
as Ik har sûnden weinim.
28Wis, se binne yn it ljocht fan it bliid boadskip fijannen om jimme. Mar yn it ljocht fan ’e ferkiezing binne se beminden, om de foarâlden. 29Want God komt net werom op syn genedejeften en syn ropping. 30Jimme, heidenen, joegen ommers eartiids net om Gods sizzen, mar no hat God meilijen mei jimme hân om’t sij net om sizzen jaan woenen. 31Krektsa wolle sij no net om sizzen jaan, om’t God no meilijen mei jimme krige hat, mei de bedoeling dat Er no ek meilijen mei harren hawwe sil. 32Want God hat alle minsken oan ’e oerhearrigens oerjûn om mei allegearre meilijen te hawwen.
33O, djippe rykdom, wysheid en kennisse fan God.
Net te bedjipjen binne syn oardielen,
net nei te gean syn wegen!
34Want wa wit wat de Hear fan doel is?
Wa hat syn riedsman west?
35Of wa hat Him ea earst wat jûn,
dat God it him fergoedzje moast?
36Want alles is út Him en troch Him en ta Him. Sines mei de hearlikheid wêze foar ivich. Amen.