It libbenswetter en de libbensbeammen
1Doe liet er my in rivier mei libben wetter sjen, sa klear as kristal, dy kaam út ’e troane fan God en fan it Laam. 2Midden op ’e strjitte en oan wjerskanten fan ’e rivier stienen libbensbeammen dy’t tolve kear fruchten drage, ienris yn ’e moanne jouwe se frucht; en de blêden fan dy beammen meitsje de folken better. 3Der sil gjin ferflokking, hoe dan ek, mear wêze. De troane fan God en fan it Laam sille deryn stean, en syn feinten sille Him tsjinje. 4Se sille syn antlit sjen en syn namme sil harren op ’e foarholle skreaun stean. 5Nacht sil it dêr ek net mear wurde, en se sille gjin ferlet mear fan lampeljocht of sinneljocht hawwe, want God de Hear sil harren beskine, en se sille as keningen hearskje yn alle ivichheid.
Beslút
6De ingel sprekt: Doe sei er tsjin my: Dizze wurden binnen betrouber en wier, en God de Hear, dy’t de profeten besielet, hat syn ingel derop útstjoerd om syn feinten sjen te litten wat mei gauwens syn beslach krije moat.
7Kristus sprekt: Ja wier, Ik kom mei gauwens. Gelokkich is hy, dy’t him oan de profetyske wurden fan dit boek fêsthâldt.
Petear tusken Johannes en de ingel
8Ik, Johannes, haw dy dingen heard en sjoen. En doe’t ik se heard en sjoen hie, foel ik de ingel foar de fuotten dy’t my dat sjen litten hie, om him te ferearjen. 9Mar hy sei tsjin my: Lit dat; ik bin ek mar in tsjinstfeint lykas do en dyn bruorren, de profeten en hja dy’t oan ’e wurden fan dit boek fêsthâlde; oanbid allinne God. 10En hy sei tsjin my: Fersegelje de profetyske wurden fan dit boek net, want it is hast safier. 11Dy’t ûnrjocht docht, lit dy noch mar mear ûnrjocht dwaan, dy’t smoarch is, lit dy him noch smoarger meitsje; lit de rjochtfeardige trochgean mei it goede te dwaan, lit de hillige noch hilliger wurde.
12Kristus sprekt: Ja, Ik kom mei gauwens, en Ik haw myn beleanning by My, om elk lean nei wurk te jaan. 13Ik bin de alfa en de oméga, de Earste en de Lêste, it begjin en de ein. 14Gelokkich dy’t har klean waskje, want dy krije it rjocht op ’e libbensbeam en om troch de poarten ta de stêd yngean te meien. 15Dêrbûten bliuwe de hûnen, de tsjoenders, de huorrejagers, de moardners, de ôfgodstsjinners en elk dy’t nocht oan ligen hat.
16Ik, Jezus, haw myn ingel stjoerd om jimme dit oer de gemeente bekend te meitsjen. Ik bin de sprút, de ôfstammeling fan David, de skitterjende Moarnsstjerre.
Johannes sprekt:
17En de Geast en de breid sizze: Kom. Dy’t it heart, lit him ek sizze: Kom. Lit komme dy’t toarst hat; lit elk dy’t dat wol, foar neat libbenswetter drinke.
18Ik ferklearje oan in elk dy’t de profetyske wurden fan dit boek heart: As ien der wat oan tafoeget, God sil him de pleagen tafoegje dy’t yn dit boek beskreaun binne; 19en as ien wat ôfnimt fan de wurden fan dit profetyske boek, dan sil God him syn diel ôfnimme fan ’e libbensbeam en fan ’e hillige stêd, dy’t yn dit boek beskreaun binne.
20Hy dy’t hjir foar ynstiet, seit: Ja, Ik kom mei gauwens. Amen, kom, Hear Jezus.
21Mei de genede fan Jezus de Hear mei jimme allegearre wêze.