Iepenbiering 15
De oerwinders besjonge it oardiel fan God
1Doe seach ik in oar, in machtich en wûnderbaarlik teken yn ’e himel, sân ingels mei de lêste sân pleagen, want dêrmei is Gods grime ta in ein brocht. 2En ik seach wat dat like op in see fan glês, mei fjoer der trochhinne, en dy’t it wûn hienen fan it beest en syn byld en fan it getal fan syn namme, seach ik by de glêzen see stean, mei harpen fan God. 3Hja songen it liet fan Mozes, de tsjinstfeint fan God, en it liet fan it Laam, mei dizze wurden:
Machtich en wûnderbaarlik binne jo dieden,
Hear, almachtige God;
rjochtfeardich en wier binne jo wegen,
Kening fan ’e folken.
4Wa soe jo namme net freezje
en ferhearlikje, Hear?
Jo allinne binne ommers hillich,
want alle folken sille komme
en yn oanbidding foar Jo delfalle,
omdat jo rjochtfeardige oardielen
oan it ljocht kommen binne.
De sân ingels krije har skalen
5Neitiid seach ik yn myn fizioen hoe’t it hillichdom, de iepenbieringstinte, iependien waard, 6en út dy timpel kamen de sân ingels mei de sân pleagen, klaaid yn skjin, blinkend linnen en mei in gouden riem om ’e mul. 7Ien fan ’e fjouwer libbene wêzens joech de sân ingels de sân gouden skalen oer, fol mei de grime fan God dy’t libbet yn alle ivichheid. 8En de timpel rekke fol reek fanwegen de hearlikheid fan God en fanwegen syn macht; der koe net ien ta de timpel yngean salang’t de sân pleagen fan de sân ingels har beslach net krige hienen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap