De twa getugen
1Doe krige ik in reid as mjitstok en der waard my sein: Kom oerein en mjit de timpel fan God en it alter op en de minsken dy’t dêryn oanbidde. 2Mar lit it bûtenste foarhôf fan ’e timpel derbûten en mjit dat net, want dat wurdt oan ’e heidenfolken oerlitten en dy sille de hillige stêd twaënfjirtich moanne lang ferwâdzje. 3Dan sil Ik myn beide getugen stjoere om te profetearjen, tolfhûndert en sechstich dagen lang, mei sekken om it liif. 4Dat binne de beide olivebeammen en de beide kandlers dy’t foar de Hear fan ’e ierde steane. 5As ien harren wat dwaan wol, komt harren fjoer ta de mûle út om har fijannen te fertarren. Sa sille de minsken stjerre dy’t harren wat dwaan wolle. 6Dy beide hawwe de macht om de himel ôf te sluten, dat der gjin reinwetter falt salang as hja dat foarsein hawwe; hja hawwe ek macht oer de wetters om dy yn bloed te feroarjen en om de ierde mei alderlei pleagen te slaan sa faak as hja wolle.
7En as se har getugenis folbrocht hawwe, sil it Beest dat út ’e Ofgrûn opkomt mei har oarlogje en it fan har winne en har om hals bringe. 8Har liken sille op ’e strjitten lizze yn ’e grutte stêd, dy’t yn geastlike sin Sodom en Egypte hjit, dêr’t har Hear ek krusige waard. 9Minsken út ’e folken en stammen en naasjes fan alderhanne taal sille har liken lizzen sjen, trije en in heale dei lang en se wolle net lije dat dy yn it grêf lein wurde. 10Dan binne de bewenners fan ’e ierde bliid om harren, se hawwe wille en jouwe inoar presintsjes, want dy beide profeten wienen de bewenners fan ’e ierde ta grut lêst.
11Mar doe’t dy trije en in heale dei om wienen, blaasde God wer in geast fan libben yn harren en se gongen wer rjocht op har skonken stean, dat dy’t harren seagen, waarden heislike kjel. 12Doe hearden se in lûde stimme út ’e himel dy’t tsjin harren sei: Kom omheech, hjirhinne; en se foeren nei de himel ta op in wolk, wylst har fijannen har seagen.
13Op itselde stuit kaam der in ferheftige ierdbeving, dat in tsiende part fan ’e stêd stoarte yn en der rekken by dy ierdbeving sântûzen minsken dea. De oaren waarden bang en joegen de God fan ’e himel eare.
14De twadde wee-rop is foarby; no komt mei gauwens de tredde.
De sânde trompet; de tredde wee-rop; Gods hearskippij
15Doe trompette de sânde ingel; en yn ’e himel begûnen lûde stimmen te roppen:
It keningskip oer de wrâld is fan ús Hear en syn Messias,
en Hy sil yn alle ivichheid kening wêze.
16En de fjouwerentweintich âldsten, dy’t foar God op har troanen sitte, lieten har foaroer falle mei de holle op ’e grûn en ferearen God 17mei de wurden:
Wy tankje Jo, Hear, Almachtige God,
dy’t is en dy’t wie,
dat Jo jo grutte macht oannommen hawwe en it keningskip oangien binne.
18De heidenen wienen lilk wurden,
mar no is jo tiid kommen om lilk te wurden
en de deaden te oardieljen,
en om jo feinten, de profeten, en de hilligen dy’t Jo foar eagen hâlde,
lyts en grut, har lean te jaan,
en om de lju dy’t de ierde ferdylgje wolle, sels te ferdylgjen.
19Doe gong de timpel fan God yn ’e himel iepen en de arke fan syn ferbûn wie te sjen yn syn timpel, en it begûn te wjerljochtsjen en lûd te tongerjen en der kaam in ierdbeving en in swiere hagelbui.