De hillige kening
1De Heare is kening, no beevje de folken.
Hy troanet op kearûb-ingels, no trillet de ierde.
2De Heare is heech op de Sion,
ferheven boppe alle folken.
3Lit har jo namme loovje;
grut, ûntsachlik en hillich is Hy.
4In sterke is kening wurden, ien dy’t it rjocht leaf hat.
Jo ha de rjochtsregels fêstlein,
Jo hawwe rjocht en gerjochtichheid dien yn Jakob.
5Ferheegje de Heare, ús God,
fal del foar syn fuotbank –
hillich is Hy.
6Mozes en Aäron wienen by syn prysters,
Samuël by dy’t syn namme oanrôpen.
Hja rôpen oan ’e Heare en Hy antwurde har.
7Yn in wolkkolom spriek Er har ta
en se hâlden har oan syn tsjûgenissen,
oan it foarskrift dat Er har joech.
8Heare, ús God, Jo hawwe har antwurd jûn,
Jo wienen har in God dy’t ferjoech,
mar ek ien dy’t har misdieden strafte.
9Ferheegje de Heare, ús God,
fal del foar syn hillige berch –
hillich is de Heare, ús God.