Belidenis fan ’e sûnde
1Foar de dirigint. In psalm van David, 2doe’t profeet Natan by him kommen wie, nei’t er mienskip mei Batsjêba hân hie.
3Wês my genedich, o God, trou dat Jo binne,
nim yn jo grutte erbarming myn sûnde wei.
4Waskje folslein de skuld fan my ôf,
reinigje my fan myn sûnde.
5Ik wit skoan dat ik mis west haw,
myn sûnde is noait by my wei.
6Tsjin Jo, Jo allinne haw ik sûndige
en dien wat Jo ferkeard achtsje;
dat Jo hawwe gelyk mei jo útspraak
en Jo binne earlik yn jo rjochtsjen.
7’t Is wier, yn ferkeardens bin ik berne,
sûndich wie ik al, doe’t mem swier fan my waard.
8In oprjocht hert, dat stiet Jo oan
en Jo litte my sjen wat ik ferburgen hâld.
9Meitsje my mei hyzop frij fan sûnde,
dat ik rein wurde mei;
waskje my, dat ik witer wurd as snie.
10Lit my wer fan blydskip en freugde hearre,
lit jubelje de lea dy’t Jo tebrutsen hawwe.
11Sjoch net nei myn sûnden
en al myn skulden, nim se wei.
12In hert dat suver is, skep my dat, o God;
in wisse geast, wol dy yn my fernije.
13Ferstjit my net út jo mienskip
en nim jo hillige geast net by my wei.
14Jou my de freugde om jo heil werom,
steun my mei de geast dy’t reewillich makket.
15Dan sil ik de sûnders jo wegen leare,
dat de ferdwaalden by Jo weromkomme.
16Ferlos my fan ’e bloedskuld, o God dy’t my befrijt,
dan jubelet myn tonge, mei’t Jo my oan myn rjocht helpe.
17Hear, iepenje my de lippen,
dan ferkundigje ik jo lof.
18Want no hawwe Jo gjin nocht oan in offer;
al brocht ik in brânoffer, it soe Jo net befredigje.
19Myn offer, o God, is in brutsen geast.
In brutsen geast en tebrizele hert,
God, Jo achtsje dat net lyts.
20Doch Sion goed yn jo wolbehagen,
bou oan ’e muorren fan Jeruzalem,
21Dan sille de offers Jo oanstean, folsleine brânoffers;
dan sil it hoarnfee op jo alters brocht wurde.